en ijs en sa - patat wie der doe noch net - it lekkerste iten fûnen. De measten fan ús holden it op pudding. Foppe fûn brinta it lekkerst. Dêr wurde je grut en sterk fan, hie syn mem sein. Foppe wie doe noch op in leeftyd dat er alles leaude wat syn mem sei en har yn alles neiprate.
Doe't juf - juf Anema, in alderleafst minske, dy't my op 'e skouders naam om't ik al daliks sa aardich lêze koe, en yn triomtocht troch de klasse fierde - doe't juf Anema Foppe frege wat er it lekkerste fûn, sei er: ‘Brinta, daar word je groot en sterk van.’
Juf Anema skattere it út.
Sa waard Foppe Hofstra Foppe Brinta. Hy beskôge it as in earenamme. Yn it begjin wiene der noch guon dy woene him der mei narje, mar dat wie gau oer. Want Foppe wie bearesterk. Dat kaam fan al dy Brinta.
As it frear, wie Foppe net fan it iis ôf te slaan. Ik siet dan meastal thús by de kachel. Us mem stjoerde my soms nei bûten. Se hie sels altyd omraak reedride kinnen. Myn heukerjen by de kachel, wylst alle oare bern bûten wiene en har op it iis fermakken, koe se mar min ferneare. Myn stumperjen op redens en myn sloppe ankels woe se net sjen. Trochsette, wie altyd har sechje, dyn heit en ik en dyn broers, wy kinne allegear knap ride, wêrom soesto it dan net kinne. Se hie it folste fertrouwen yn my.
Yn it begjin, doe't ik noch sa'n beukerke wie en op learzens en houtsjes achter in stoel oanknoffele, dielde ik har fertrouwen noch. Foppe skoffele ek noch achter in stuoltsje en koe neat hurder as my.
Foppe besocht it al gau sûnder stuoltsje. Milimeter foar milimeter skode er, mei hiele koarte streekjes, stadich foarút. Bespotlik. Ik koe - mei myn stoel - wol tsien kear sa hurd as him. Mar syn mem moedige him oan en sei dat it hiel goed gong. En ús mem woe dat ik it ek sûnder stuoltsje besocht doe't se Foppe skeuveljen seach. Ik lei dan twa fan de trije kear op 'e kont en sadree't mem út it sicht wie, pakte ik de stoel wer en ried ik Foppe triomfantlik foarby.
Letter ha 'k my noch in skoft lang fêstklampe oan mem har sechje.
Trochsette, dan soe it wûnder ea noch wol ris barre. It kaam by my gewoan wat letter. It hie by my ek lang duorre foardat ik nachts droech wie en dat wie ommers ek goed kommen, dus dan soe dit úteinlik ek wol slagje.
Ik moast fan ús mem altyd meidwaan oan 'e hurdriderij yn it doarp. Ien kear ha ik by sa'n hurdriderij in priis wûn. De tredde. It wie in estafette foar jonges en famkes. Ik foarme in duo mei Tryntsje Vriesinga.
‘Dat trefst,’ sei ús mem, ‘dat is in goeienien.’
Se tocht dat ik der bliid om wêze soe. Mar ik fielde my dea-ûngelokkich.
Tryntsje koe fan de famkes fierwei it hurdst en wie ôfgryslike fûl, dat ik wie har in bongel oan 'e poat. Mar goed, ik die myn bêst - ik draafde mear oer de baan as dat ik ried - en wy wûnen in tredde priis. Us mem wie sa grutsk