| |
| |
| |
T.S. Eliot
It leafdesliet fan J. Alfred Prufrock
oersetting Jabik Veenbaas
Dante, Inferno 27, 61-66:
‘S'io credessi che mia risposta fosse
a persona che mai tornasse al mondo,
questa fiamma staria senza piu scosse.
Ma per cio che giammai di questo fondo
non torno vivo alcun, s'i'odo il vero,
senza tema d'infamia ti rispondo.’
(‘As ik tocht dat myn antwurd jûn waard
Oan in minske dy't ea ta de wrâld wer kearde,
Dan soe dizze flamme bliuwe sûnder ferweech,
Mar, om't noch nea fan dizze djipte
Ien libben weromkaam is, as ik de wierheid hear,
Antwurdzje ik jo sûnder freze foar skande.’)
Lit ús gean dan, do en ikke,
Want de jûn sil langút oer de himel rikke
As in pasjint ûnder narkoaze op 'e tafel;
Lit ús gean, troch al dy heal-ferlitten strjitten,
Fan sút'rige hotels foar ien nacht keamerhier
En oester-restaurants mei seachmoal oer de flier:
Strjitten dy't rinne as in eindeleas gebekfjocht
Om dy te lieden nei in oerweldigjend fersyk...
O, freegje net: ‘Wat is it dan?’
Lit ús gean en de besite dwaan.
Yn 'e keamer roppe de froulju ah en oh,
Se hawwe it oer Michelangelo.
| |
| |
De giele mist dy't mei de rêch oer glêzen hinnewriuwt,
De giele reek dy't mei de snút oer glêzen hinnewriuwt,
Slikke mei de tonge troch de hoeken fan de jûn,
Treuzele boppe it wetter dat yn 'e goaten stean bliuwt,
Liet op syn rêch it skoarstienswartsel falle,
Glûpte oer 't balkon, sprong dêr samar wei,
En doe 't er de soelens fan 'e oktobernacht fernaam,
Rôle er him ienris it hûs om op, en sliepte mei.
En der is grif noch tiid genôch;
De giele reek sil de dyk delkrûpe kinne
Wylst er mei de rêch oer glêzen hinnewriuwt;
Der is noch tiid, der is noch tiid
Om in gesicht te ploaien nei de gesichten om dy hinne;
Der is noch tiid foar skepping en gemoard,
En tiid foar alle wurk en dei fan heven hannen
Dy't in fersyk delsmite op dyn board;
Tiid foar dy en my, tiid foar dit en dat,
En tiid foar wol in hûndert wifelingen,
En foar wol hûndert wysheden en wizigingen,
Foardat men tee en koekjes nommen hat.
Yn 'e keamer roppe de froulju ah en oh,
Se hawwe it oer Michelangelo.
En der is grif noch tiid genôch
Te wifkjen: ‘Doar ik it?’ en: ‘Doar ik it?’
Tiid om de treppen ôf dy't my weromgean lit,
Wylst der in keal plak midden op myn holle sit -
(Se sille sizze: ‘Wat wurdt syn hier dochs tin!’)
Myn keamerjas, myn boardsje heechop ûnder 't kin,
Myn strik kreas en stimmich, mar siere mei in sljochtwei pin -
(Se sille sizze: ‘Mar wat bin syn earms en skonken tin!’)
Foar wysheden en wizigingen dy't dalik wer ferrôlje.
| |
| |
Want ik haw se allegear dochs kennen, allegearre -
Ik koe de moarn, de midje en de jûn,
Mei kofjeleppeltsjes haw ik myn libben mjitte jûn;
Ik ken de stimmen dy't sa deastil weistjerre
Under de lûden dy't yn in oare keamer binne
En ik haw de eagen dochs kennen, allegearre -
De eagen dy't har mei in formulearre fraze yn dy boarje,
En as ik formulearre bin, warleas oan in pinne,
As ik pinne bin en as se my spinpoatsjen hearre,
Om al myn ditsjes en myn datsjes út te koarjen?
En ik haw de earms dochs kennen, allegearre -
De wite en bleate earms mei earmbannen
(Mar yn it lampljocht kinst ljochtbrune hierkes sjen!)
Betizet dat parfum my wat
Earms dy't neist in tafel lizze, by in halsdoek hearre.
Sil ik sizze, ik bin troch smelle strjitten gien by twiljocht
En ik seach de reek dy't út 'e pipen stiicht
Fan iensum mansfolk yn boesgroen, ta 't rút út lynjend?
Hie ik mar in mannich rûge poaten west
Dy't yn stille seeën hastich oer de boaiem skaaie.
| |
| |
En de midje, de jûn, lizze der sa fredich by!
Lange fingers strutsen de hierren moai,
Yn 'e sliep... wurch... of allinne mar loai,
Lizzend op 'e flier, hjir neist dy en my.
Wie ik, nei tee en klûntsjes en pensee,
By steat en raam it tiidstip út it stee?
Mar al haw ik gûld en fêste, gûld en bean,
Al haw ik sjoen dat se myn holle (justjes keal) it hûs ynbrochten op in skaal,
In profeet bin 'k net - en dit 's gjin grut ferhaal;
Ik haw sjoen hoe't it tiidstip fan myn gruttens trille,
En ik haw de iivge Feint sjoen mei myn jas, en hy hie wille,
En ik wie bang, om koart te gean.
En hie it úteinlik noch de muoite leanne dan,
Earst de marmelade en de tee foarby,
Tusken it diggelguod, tusken petearen fan dy en my,
Om de kwestje samar glimkjend yn te fleanen,
Om it hielal yn in bal fyn te dwaan
Om dy te rôljen nei 't oerweldigjend fersyk,
Om dan te sizzen: ‘Ik bin Lazarus, út 'e dea weromkaam,
Jim hearre alles fan my, jim hearre der alles fan’ -
As ien, dy't in kessen neist har holle naam,
Sizze soe: ‘Dat haw ik hielendal net sein, man.
En hie it úteinlik noch de muoite leanne dan,
Nei de sinne-ûndergongen en de foartúntsjes en de besnjitte strjitten,
Nei de romans, de teekopkes, de rokken dy't sliere oer de flier -
Ik sil ûnmooglik myn bedoelingen krekt werjaan kinne!
Mar as wurp in tsjoenlantearne de senuwen yn bondels op it linnen:
As ien, dy't in halsdoek ôfsmiet of in kessen naam,
En har dan nei it rút ta kearde, sizze soe:
Dat haw ik hielendal net sein, man.’
| |
| |
Nee! Ik bin gjin prins Hamlet, wie ek oars ornearre;
Bin mear ien fan 'e hearen om him hinne,
Dy't it stik fierderje moatte, in sêne as twa begjinne,
De prins rie jaan, in brûkber ark, hawar,
Earbiedich, bliid mei in nuttich plak,
Diplomatyk, foarsichtich en skrupuleus;
Tige breedsprakich, mar in bytsje flak;
Soms nimme se my mar heal serieus -
It is de âlderdom... de âlderdom...
Ik slaan de boksen fan myn broeken om.
Sil ik myn hier fan efter skiede? Doar ik in pjisk te nimmen?
Ik keapje in wite fleinjes broek, om op it strân te rinnen.
Se songen tsjin elkoar, de seemearminnen.
Foar my hawwe se fêst gjin sangen ree.
Oer de weagen seach ik se de see yn riden
Se kjimden 't efteroerwaaid skomgerdyn
As it wetter wyt en swart waait troch de wyn.
We hawwe talme yn 'e keamers fan de see
Troch see-fammen mei seewier read en brún behongen;
Dan wekje minskestimmen ús, en binne wy fergongen.
|
|