It fersyk fan J. Alfred Prufrock
Jabik Veenbaas
Wat is it dat guon fersen fêstset yn ús holle, sadat se in libben lang by ús bliuwe? Hoe komt it dat se yn ús heakjen bliuwe, om har soms nei jierren noch te oppenearjen? Binne it âlde freonen, dy't yn deselde stêd wenjen bliuwe en dy't we inkeldris treffe? Of binne it ûnderhierders yn ús geastlik hûs, dy't we inkeldris treffe, op in frjemde nachtlike tocht troch de gongen (‘Hea, wennesto hjir ek noch? Skoft net sjoen! En noch net folle feroare!’).
Fan T.S. Eliot syn fers ‘The Love Song of J. Alfred Prufrock’ (1917) haw ik hâlden sûnt ik it foar it earst lies, no sa'n tweintich jier lyn, yn myn stúdzjetiid, foar in wurkgroep poëzij. En noch altyd hâld ik in swak foar it fers. It hat bliuwender yndruk op my makke as bygelyks it faak priizge ‘The Waste Land’, dat prachtige rigels befettet, mar my úteinlik te bombastysk is, te fragmintarysk en te keakelbûnt, mei syn snobistyske sitatekollaazjes.
It is in frjemd leafdesliet dat Prufrock, Eliot syn sprekker, hjir foar ús sjongt. Yn de measte leafdeslieten wurdt de leafste sels besongen, de begearde frou persoanlik oansprutsen. It wurdt yn dit fers net dúdlik oft der ien frou is dy't Prufrock, de sprekker, begeart. Al wurdt der hieltyd metonymysk nei froulju ferwiisd, nei mear as ien sa't skynt: ‘En ik haw de earms dochs kinnen, allegearre...’ En der wurdt oer ‘froulju’ praat, dy't it oer de byldhouwer Michelangelo hawwe.
Prufrock is in âlder wurdende man, hy is al justjes keal, en hy skynt wat tsjin in frou sizze te wollen, wat freegje te wollen. Hy hat it oer ‘in oerweldigjend fersyk’ dêr't er hinne laat wurdt. En dat fersyk komt der nochal by him op oan, sa wurdt ús dúdlik. Hy hat it gefoel dat der safolle moed foar nedich is, dat er der de hiele kosmos foar fersteure moat: ‘Doar ik it, / It hielal ferbalje?’
Wat wol Prufrock freegje? Wol er in houliksoansiik dwaan, lykas guon kommentatoaren suggerearre hawwe? It is mooglik, mar it hoecht net perfoarst sa te wêzen. Miskien wol de man allinne mar de moed hawwe om in frou oan te sprekken, om har in hiele gewoane fraach te stellen, dy't allinne mar ‘oerweldigjend’ wurdt omdat er sa skruten is, sa bang om him te stellen. Miskien giet it ek om in fersyk dy't it konkrete oerstiicht. Miskien wol Prufrock freegje oft in frou, de froulju, de frou, him wurdearje wol, him sjen en erkenne wol. ‘Noem mij, bevestig mijn bestaan’, sa smeket de sprekker yn Neeltje Maria Min har ferneamde fers en miskien is dat wol Prufrock syn fersyk.
De man hat der net folle betrouwen yn, safolle is klear. As er him de reaksjes foarstelt op syn moedige wurden, kinne er allinne op ûntkenningen komme. ‘Hie it de muoite leanne’, sa freget er him ôf, as ien fan dy froulju dan sizze soe: ‘Dat haw ik hielendal net sein, man. / Hielendal net, man.’ It giet yn dizze sin út soarte om it wurdsje ‘net’. Prufrock ferwachtet in ûntkenning, faaks sels in lichte argewaasje. Hy heart de seemearminnen tsjin elkoar sjongen, mar betinkt drôvich dat se foar him ‘fêst gjin sangen ree’ hawwe. ‘Dêr ha jo dy janhin fan in Prufrock wer,’ hearre jo sa'n froumins tinken, ‘dy fint mei syn keal plak op 'e kop. Dalik ôfstegerje, dat is de baas, oars reitsje jo him net wer kwyt.’
Prufrock: nochal in sûch, in echte ‘loser’, ûnwis, in man mei in needrich plak, in man dy't bytiden net al te earnstich nommen wurdt