Fan trelit ta kasus: taal yn Dongeradeel
Piet Hemminga
It spul tusken de Brantgumer Marloes Siezenga en wethâlder Ate Oosterhof fan Dongeradeel stiet net op himsels. Alle dagen wer moat ommers de lytse taalstriid útfochten wurde. As dat no mei de flarde yn de Ljouwerter skuonwinkel is dy't witte lit dat de frege skuon by har ‘een paar schoenen’ binne, of op it Goutumer skoalplein, dêr't ien fan de ‘mama's’ dúdlik makket fier boppe it Frysk te stean. Dy lytse taalstriid bart ornaris sûnder publyk en gjin klachteregeling is fan tapassing, en dat betsjut dat de wederwarichheden foar oaren as de spilers sels ferburgen bliuwe.
Hoe oars as de oerheid yn it spul komt. De sjoernalist rûkt syn kâns en efkes letter wit de hiele wrâld dat de Brantgumer pjutten troch Marloes Siezenga bestjoerd wurde. En Marloes Siezenga ferstiet op de gemeentlike ynformaasjejûn foar de Dongeradeelster pjutteboartersplakken, sa't dy op 20 novimber 2000 yn Ternaard holden waard, it Frysktalige iepeningswurdsje fan de wethâlder net. Har fraach, by it begjin fan de gearkomste, om fan de iepening ‘een opening’ te meitsjen, waard troch de wethâlder mei allinne in koart ‘nee’ beändere, nei't him foar de gearkomste al dúdlik wurden wie dat Marloes ûnderwilens al wer fjouwer jier yn Fryslân wenne. En fan it iene komt dan it oare.
It meielkoar omgean kin yn it algemien beskreaun wurde yn termen fan empaty. Empaty betsjut net allinne dat men jin de wrâld fan in oar yntinke kin, mar ek dat men de oar yn syn of har wearde lit en omtinken jout op grûn fan syn of har foarskiednis. As immen oan in oar, of dat no in ferkeapster yn de skuonwinkel of in wethâlder is, in fraach stelt, wol men graach in andert. As dat andert net jûn wurdt of wat al te bot en koart om de hoeke is, betsjut dat in negaasje fan dy oar en dat levert fansels de nedige argewaasje op. Dan giet it al gau om fatsoen en ûnfatsoen, wat sis ik, ik tsjinje in klacht yn, dy wethâlder sit der ek foar my, wat sille wy no belibje. It trelit is berne en it publyk nimt syn plak yn. Wat sil de folgjende stap wêze? Moat de wethâlder syn iepeningswurdsje tenei yn it Hollânsk hâlde, en moat Marloes Siezenga lang om let it Frysk mar ferstean leare? It earste falt te regeljen, it twadde kin wolris dreech wurde.
Sjoch it probleem. De oerheid moat dit en moat dat, en tagelyk ferskânzet de boarger him yn syn psychologysk privee-domein. Boppedat moat de twatalige him of har altyd nei de ientalige skikke. De taalearmoed fan de lêste set de taalgrinzen foar de earste. It ûntbrekken fan de mooglikheid ta it dwaan fan in taalkar wurket yn alle gefallen negatyf foar de maatskiplik ûnderlizzende taal út, yn ús gefal it Frysk. Soks kin allinne ûnderfongen wurde mei fan wjerskanten in bytsje mear empaty. Dat is dochs in ynstek dy't yn dizze tiid fan to communicate or not to communicate by alle belanghawwenden goed falle moat.
Kommunikaasje belibbet in hype yn ús lân, rûnom kriget dy tak van sport in grut gewicht. Net it boadskip, mar it boadskipjen is wat telt. De oerheid tinkt himsels sa geunstich mooglik op de kaart sette te moatten en gjin middel bliuwt dêrby ûnbesocht: fan spin doctor oant en mei in strategyske kommunikaasjefisy, eigen stjoertiid en fansels in ynteraktive webside. Sa telt de sektor kommunikaasje fan de gemeente Ljouwert ta myn skrik ûnderwilens mar leafst fyftjin meiwurkers, sa fernijde in Ljouwerter