In eigen taal as handicap
Taal is in kommunikaasjemiddel en as der yn dy taal gjin oare gefoelswearden meidield wurde kinne as yn de rest fan de wrâld, dan is sa'n eigen taal in handicap.
(Trotwaer, desimber 2000, 454)
As men it mei de stelling iens wêze soe dan betsjut dat eins dat men foar ien wrâldtaal is, mar dan krije wy daliks spul oer taal, want wat moat it wurde: Ingelsk? Frânsk? Spaansk? Sineesk? Esperanto? Myn foarkar giet út nei it Ingelsk, mar dan is in Fryskprater tsjin in Hollânskprater oer al yn it foardiel, omdat dy earste twa talen deselde klankkleur hawwe. Eltse taal hat, wat Wittgenstein neamd hat, taalspul: syn eigen regels, geheimen, wurdgrapkes, literêre mooglikheden, klankspul ensf. Wol men dat opjaan om altyd wrâldwiid deselde gefoelswearden meidielen te kinnen? Ik net.
Talen binne ek uterings fan it ferskaat oan kultueren. It Ingelsk jout bygelyks in oare bydrage oan kultuer as it Frânsk en dat wurdt moai symbolisearre troch de wize dêr't politisy yn it Ingelske Legerhûs byinoar sitte (ticht byinoar) en yn de Frânske Assemblé (gruttere distânsje). Wat de natuer oanbelanget bin ik foar in sa grut mooglike biodiversiteit en dat jildt foar my foar de talen ek. Al sille de ferskate talen wol yn in sûne ‘biotoop’, libje moatte. (Ik haw wol ris heard fan twa talen yn Nigearia dy't noch troch ien en twa minsken sprutsen waarden.) Dat grutte ferskaat oan talen sil fansels regelmjittich allerhanne misferstannen opsmite: It 's al in the game, mar dat moat dochs wol sa gean kinne dat it gjin nije toer fan Babel wurdt.
Fierders brûk ik leaver it neutralere wurd wrâldwiid as mondiaal omdat dat lêste in polityk beladen begryp is dat in soad brûkt waard yn de santiger en tachtiger jierren fan de foarige ieu en suggerearret dat de wrâld ynrjochte wurde moat neffens lofts-politike idealen.
Jan de Jong