[Nummer 1]
Dwersreed
Henk van der Veer
Soap
Ik moat hielendal neat fan soaps ha. Goede Tijden Slechte Tijden, Westenwind en Onderweg naar morgen, kinne mij net no net ècht boeie. En dan druk ik mij noch eufemistys út.
Mar earlik is earlik, as ik alris yn 'e keamer sitten bliuw en ús dochter fan fyftjin hinget ûnderút foar de buis, dan sjoch ik wolris mei in skean each nei ‘dy rotsoai’. In útspraak dy't steefêst as kommintaar krijt ‘wat witsto der no fan, witst net iens wat in soap is’.
It wie Riek Landman dy't mij op 30 oktober 1.1. belle oft ik ek ‘meidwaan’ woe oan it skriuwen fan in soap foar Omrop Fryslân Televyzje. Ut klearebare nijsgjirrigens sei ik ta. De ferbjustering bij it thúsfront wie yn elts gefal grut doe't se yn it Sneeker Nieuwsblad liezen dat ik myn meiwurking ferliene soe ‘aan de eerste Friestalige soapserie “Baas boppe baas”, die in 2001 bij Omrop Fryslân van start gaat’. En myn húshâlding foel al hielendal fan 'e Jan des Bouvrie-stuoltsjes doe't se troch de warbere sjoernaliste fan it sn ek noch ris te witten kamen dat ‘Henk van der Veer ontzettend blij is dat hij mee mag helpen bij het schrijven van het verhaal’.
Folle minder grut wie de ferbazing doe't ik de sneontemiddeis fan it ‘Weekly Soap Skriuwers Wykein’, healwei novimber 2000, al wer thús kaam ynstee fan 'e plande sneintejûns. Michael Belderink, direkteur fan skriptburo Amsterdam, makker fan gtst, Onderweg naar morgen en Westenwind hie mij net oer de streek lûke kind om mei te dwaan oan it skriuwen fan 'e ‘Fryske Weekly Soap’.
Dat dizze soapdirekteur de hiele moarn mei syn Polleroid boppe op 'e fet-kuif-kop omrûn mei noch hinnebruie. Dat er mei syn kreaze haadskriuwer en projektlieder fan Westenwind Karin van der Meer in healoere te let op ús kreative weekyn oanskiten kaam (‘We waren verdwaald in Leeuwàchden...’) wie al wat minder, mar doe't er mij gjin antwurd jaan koe op 'e fraach ‘oft it no in soap yn it Frysk wurde soe of in Fryske soap’ hie ik eins al skjin myn nocht fan dat hiele soapgedoch. En dy ropperige Fryske ‘ervaren schrijver voor theater’ makke ek al net dat ik ‘voldoende geënthousiasmeerd’ de soappinne yn 'e hân krige. Nee, nei in pear oeren ‘brainstormen en stoeien’ wie it foar mij al dúdlik dat kollega-skriuwers der mar foar soargje moatte dat ‘in het voorjaar iets (!!) van achttien afleveringen op de plank komen te liggen, waarvan we in de zomer zo'n twaalf kunnen verfilmen.’ Dat wurdt dus gjin soap, mar in dramasearje.
Dy luzige f 500 foar ien skreaune ôflevering en de ‘bonus’ fan f 2500 as de searje yn syn hiele hear en fear útstjoerd wurde soe, wie foar mij net allinne ‘aan de magere kant’ sa't Sietse de Vries yn de lc fan moandei 20-11-2000 skreau. It stiet fansels yn gjin ferhâlding mei it bealchfol wurk dy't der foar dien wurde moat: harsenskrabje, synopsissen skriuwe, treatment skriuwe, dialogen skriuwe, skrasse, bijslypje, fergaderje en sjerpstrike. Op in bedrach fan f 40.000 dy't in heal oere tv op syn minst kostje sil is sa'n ‘fergoeding’ noch minder as in stik prikswiethout. Want ferjit net dat Zalm de hân oan 'e ein fan it jier ek noch ophâldt!
Myn hiele soapaventoer duorre noch gjin fjouwer oeren. Wat it mij oplevere wie in Omrop