Bob Dylan net,
Meindert Talma wol yn 'e prizen?
Takom jier wurdt de Gysbert Japicxpriis wer útrikt. Net foar proaza òf poëzy, sa't Provinsjale Steaten foarich jier desimber yn in moasje frege ha, mar gewoan wer foar ‘it bêste wurk’ fan de ôfrûne trije jier en eventueel foar ‘it hiele oeuvre fan in auteur’ (dy't yn dat tiidrek dan wol in publikaasje hân hawwe moat). De sjuery, diskear besteande út de neerlandikus Korrie Korevaart, de germaniste Tony Visser, beide út Leien, en de histoarikus-sjoernalist Geart de Vries, hat de earste suggestjes al krigen. Ien dêrfan fan Folkert de Jong. Dy kaam op 18 novimber yn in sprutsen kollum op It Literatuerfabryk yn it Ljouwerter Theater Romein mei it útstel om ek de muzykteksten mei te nimmen.
In pear jier lyn stie yn de kranten it berjocht dat in groepke Amerikaanse literatuerwittenskippers Bob Dylan nominearre hienen foar de Nobelpriis foar de literatuer. In protte minsken, fan dy fyftigers mei bêste banen, fûnen dat in aardige grap. Bob Dylan. De hippytiid. Ferskes by it kampfjoer. Peace on earth en hasj troch de tabak. Frije seks en demonstrearje tsjin... ja, wêr demonstrearren we doe ek al wer tsjin. Tsjin alles, is 't net sa? En de oanstichter fan dat alles moast no de Nobelpriis foar de literatuer ha? Ach, wêrom ek net.
Ik fûn it doe net in gek idee om skriuwers fan lietteksten ek te besjen as it giet om it takennen fan literatuerprizen en sa tink ik der noch oer. Doe't ik Frysk studearre en in ûnderwerp socht foar myn ôfstudearskripsje ha ik my ferdjippe yn alle teksten fan alle Frysktalige popgroepen. Dat koe fyftjin jier lyn noch want dat wienen der doe noch mar fiif en dy hienen noch net sa'n grut repertoire. Myn skripsjebegelieder, Trinus Riemersma, hie ek in protte aardichheid oan de literatuersosjologyske benadering fan dit ûnderwerp. Foar him wie it gjin punt fan besprek: lietteksten hearre ek by de literatuer.
Mar is Bob Dylan no wol de earste man dy't foar de Nobelpriis foar syn lietteksten yn oanmerking komt? Ik fyn fan net. Wa't syn teksten djipgeand neamt, wit grimmitich songen ûnbegryplikens net fan djipsinnichheid te ûnderskieden. Dylan brûkt bytiden hiele gekke metafoaren, hy lit wurden op elkoar rymje dy't net rymje, ‘cow’ op ‘man’, guon teksten binne op papier lange lulferhalen dêr't gjin ein oan komt en elkenien dy't de kursus ‘filosoferen met kinderen’ folge hat sil de trúkjes út Dylans gûcheldoaze werkenne. It is net sa dat al syn teksten ta weismiten keard binne, mar de kwaliteit is hiel wikseljend.
Nee, dan binne der wol oaren dy't bettere lietteksten skreaun ha. Auteurs dy't teksten skreaun ha dy't goed rinne, lekker bekke, mei humor en selsspot, fraaie byldspraken, moaie klankeffekten, lieten dêr't tekst en muzyk perfekt byinoar passe. Der binne minsken dy't ferskillende stemmingen prachtich ferwurdzje kinne. Ik soe sels graach Ray Davies fan The Kinks of David Byrne fan The Talking Heads nominearje foar de Nobelpriis.
In pear jier lyn krige ik in bantsje fan myn maat Fokke Wester, in yngreven Dylan-fan. Hy hie de lêste cd fan Dylan foar my op in bantsje set. Op de achterkant hie er ek wat set: ‘muzyk fan in jonge út Surhústerfean, wat apart mar wol moai’. Ik stoppe it bantsje yn myn walkman, yndied prachtige muzyk fan Dylan. Doe de oare kant, Meindert Talma mei syn oargeltsje. Doe't Meindert dien wie, ha ik it bantsje weromspield en wer draaid, hieltyd wer. Meindert Talma hat Bob Dylan ferslein. Ik ha Dylan net wer heard.
Meindert moat yn oanmerking komme foar de Gysbert Japicxpriis.
Folkert de Jong