It bidprintsje fan Gerrit Rypma
moeders zuster. Zij heeft later naast Reve in Greonterp gewoond. Ze was met Hofmeijer getrouwd.’ En dat kloppet net alheel. Sjoch, oan it ferrin fan in ferhaal dogge soksoarte details miskien net folle ôfbrek, mar as Van Wieren dan dochs de minsken by namme en tanamme neamt moat it ek goed gebeure. Frou Hofmeijer (Sjieuke Rypma) wie nammentlik net de mem mar in suster fan Gerrit.
Ik ha as bern wol op 'e pleats op Abbegeaketting útfanhûze (1948), de pleats dêr't Gerrit grutbrocht is. Omke Johannes en muoike Henderina Rypma - hja wiene einliken in âld-omke en muoike fan my, ús beppe wie in suster fan omke Johannes - hiene in húshâlding fan alve bern, dêr't Gerrit de jongste fan wie.
Dy moarns, 8 febrewaris 1945, wie hy mei broer Ypke de lannen yn roeike om't der in razzia ferwachte waard. Plat op 't liif, achter in hikke wachten hja ôf. Gerrit moat him doe, alhiel yn panyk, ferweegd hawwe. De Dútsers skeaten. Trochseefd fan dum-dum kûgels hat syn broer him nei hûs ta weromroeid. By in fisker, oare kant it wetter stoar Gerrit.
It is al frijwat jierren lyn dat it grêf fan him romme is en syn omskot nei it eare-tsjerkhôf te Loenen gie. It bidprintsje fan Gerrit ha 'k altiten bewarre. It lit syn portret sjen; itselde as dat destiids op it grêf fan Blauhûs stie.
Berber van der Geest