Trioel
Sûnder mis yntelliginte preken op it Aljemint.
Ljouwert, 15 novimber 2000, Fryske Akademy: presintaasje fan de essees fan Jo Smit, mei in lêzing fan Jabik Veenbaas, Trinus Riemersma en Alpita de Jong.
Jo Smit hie har nea frege om dit te dwaan ta syn neitins, mar se stiene der! Devoatlik op in rychje achter it alter, pryster Piter en syn mispeltsjinners: Babs Gezelle Meerburg as nijmoaderige Marije mei in berntsje yn 'e búk, trije dochters fan Jo, aardige Doeke dy't neffens Rome dêr alhiel net stean meie soe, Jabik Veenbaas yn alba as pleatsferfanger fan Jo op ierde, folgeling Trinus Riemersma mei syn homily fan trije punten yn 'e bûse, en Alpita de Jong dy't even letter har (sa't Babs har seksegenoat oandwaanlik witte lit) in werklik yntelliginte lêzing hâlde sil.
Under it útsprekken fan rituele wurden dronken se op it nije libben: De moderne roman as moraliteit fan Jo Smit. Dat koe, want Piter Boersma hie foar dy gelegenheid spesjaal de liifdrank fan de skriuwer oantúgd: Mispelbloesem-noch-wat.
Ik ha my wol fermakke woansdei 15 novimber, dêr giet it net om, mar mei't ik wer hearre moast dat it yn de moderne literatuer benammen om de foarm giet en dat de ynhâld sels gearfalt mei de foarm, freegje ik my mei ferwûndering ôf wêrom't der by presintaasje- of stúdzjejûnen net ris neitocht wurdt oer wat oare (wurk)foarmen.
De Flaamske professor Schadée, heechlearaar kommunikaasje, hâldt ús al jierren foar dat in minske fan dizze tiid heechút acht minuten (en dan giet it bêst!) it kopke derby hâlde kin as er de oanbeane stof allinnich audityf ferwurkje moat. It aardige fan Schadée is trouwens dat er de teory dy't er propagearret by syn presintaasjes wiermakket. Hy docht wat foar syn publyk om it by de les te hâlden.
Goed, Trinus joech ús mei in net al te lang ferhaal yn trije dúdlike punten noch wat stipe, mar ik moat spitich genôch konstatearje dat ik sûnder oantekeningen gjin wurd neifertelle kin fan de lêzingen dêr't sawol Jabik Veenbaas as Alpita de Jong sûnder mis in soad tiid yn stutsen ha.
Wa wit bin ik de iennige dy't fan miening is dat de foarm dêr't dizze jûnen yn getten wurde slim achterhelle is. En wa wit hat Piter Boersma tocht, (syn eftergrûn dêrmei net ferleagenjend) dat der mei mis yn alle gefallen noch wat te sjen, te rûken en te priuwen wêze soe, sadat it omsittend laach aktyf bleau. Hy hie alteast by de Mitra geastryk focht ophelle.
Bliuwt it by ien sa'n kreative mis(pel)foarming of is dizze aksje de histoaryske oanset ta in breanedige reformaasje?
Marga Claus