dat viel bij moeder Gerbrich niet echt goed, want Hinke was hervormd.’ Hie dat net wat oars kind?
Klaas Koopmans hat yn syn libben mear as ien kear slim oerspand west. It hat net allinnich syn libben bepaald mar ek in grut part fan syn wurk. En dan skriuwt Peter Karstkarel op side 22: ‘Klaas Koopmans werd verteerd door een zeker complex dat anderen alles beter konden dan hij. Hij wist te veel in de vingers te hebben om een stumper te zijn, maar kon er niet mee omgaan. Dan sloeg de vlam in de pan.’ Wêrom brûkt de skriuwer krekt hjir in deade metafoar, ja, dommige klisjeetaal?
Is it earste haadstik dan hielendal mislearre? Nee fansels net. Mar it hie allegear wol better kind. Sa hie ik bygelyks wol mear witte wollen oer Klaas Koopmans syn artistike ambysjes. Goed, syn heit, dy't ek ferver wie, tekene en skildere ek yn syn frije tiid. Mar wêr helle immen út Garyp krekt foar en foaral yn de oarloch de grutte dream en de moed wei om keunstner te wurden? Wêrom wie Klaas Koopmans oars as alle oaren? Wêrom woe er de wrâld feroverje, ja, de wrâld brekke, sa't Karstkarel skriuwt?
Hiel aardich binne de beskriuwingen fan Klaas Koopmans' kontakten mei oare skilders, fan wa't er les krige of mei wa't er opluts, lykas Jaap Rusticus, Pier Feddema, Jan van der Bij en Sjoerd Huizinga. Wat my ek wol nijsgjirrich like hie, wie de fraach (oan Klaas Koopmans) wat dy mannen fan Yn 'e line no krekt wisten of sjoen hiene. Mei oare wurden: hoe seagen harren foarbylden derút, wat wienen de helden en hoe grut wie harren ynfloed. En wat wie no krekt de relaasje mei de Grinzer beweging fan De Ploeg of wie der neat, behalven de lessen fan Herman Dijkstra?
Ek gjin wûnder fan helderheid is Karstkarels earste beskriuwing fan Koopmans syn ûntwikkeling as keunstner. Op side 31 stiet: ‘Klaas Koopmans heeft zich niet op de traditie van het trouwhartig figuratieve geconcentreerd. [...] Hij heeft een eigen uitdrukkingswijze gevonden: zonder het figuratieve los te laten, heeft hij de bijzondere materialisatie van verf, inkt of krijt vooral laten spreken.’ Dat liket hiel wat, mar je kinne der neat mei. It is de selde kromme taal as de ‘expessie van mens en landschap’.
In pear siden fierderop skoart Karstkarel wol punten as er seit dat syn keunst û.o. weikomt út in konsintrearre oandacht foar it wêzentlike dat er wiernimt yn 'e natoer om him hinne. Mar it hâldt net oer. It hie neffens my better west en meitsje in eigen analyze fan in tal wurken út alle wichtige fazen fan syn libben. Meitsje in beskriuwing om dy ûntjouwing oan te jaan. No bliuwt alles stykjen yn in searje sitaten fan alle minsken, dy't ea oer it wurk fan Klaas Koopmans skreaun ha. No is letterlik alles twaddehâns.
Dizze krityk wie grif mylder útfallen as de auteur Klaas Koopmans op side 48 net ôfskildere hie as ‘een waarachtig ruraal kunstenaar’. It is folsleine kolder om in wurd dat foaral yn de sosjale geografy brûkt wurd, ta te passen op de keunst. En dan it absolute hichtepunt: ‘Koopmans is een beschaafd man, kent de stedelijke cultuur, maar neemt er slechts node aan deel en blijft dan ook zichzelf.’ It liket ferdomme Joseph Conrad wol as er it oer de negers fan Afrika hat. As Peter Karstkarel noch ien kear it wurd beskaving neamd of it wurd ruraal, dan soal ik al syn boeken by it âld papier. En omdat ik wit dat hy it wurd ruraal fan Sjoerd Leiker liend hat, kin dy ek moai de kontener yn.