Skriuwe en net achteromsjen? (5)
Wie een hedendaagse roman wil lezen, moet niet bij onze schrijvers zijn, want die kijken alleen maar achterom. (Herman Stevens, nrc Handelsblad 5/8/00)
Neffens it artikel fan Stevens soe de (in) hjoeddeiske roman it leafst woartelje moatte yn de iepen arbeidsmerk, yn de seinings fan de wolfeart; ferhelje moatte fan fiere en flugge reizen nei alle úthoeken fan 'e planeet. It klinkt net allinnich ûnynteressant mar ek feilich, wat heaks liket te stean op de eardere útspraak dat wy dêr (feilige literatuer) al genôch fan hawwe. Myn ynterpretaasje is dêrom dat Stevens ta wol op ûnfeilige literatuer yn in kontemporêne setting. Sa formulearre hat er gelyk: yn Nederlân gjin Douglas Coupland, gjin Brett Easton Ellis of Irvine Welsh. Dochs is it in dryst sizzen dat der yn Nederlân gjin hjoeddeiske romans skreaun wurde. Faaks is it fan in oare oarder (mei beskaat troch geografy en grutte), mar men kin dochs net ûntkenne dat u.o. Zwagerman & Giphart romans produsearje dy't yn it No ta hâlde. Harren populêriteit by de jongerein seit fandatoangeande genôch.
Wat jo wol stelle kinne is dat it oantal eigentiidske romans ûnderdocht foar wurk dat weromsjocht. Soks is nei myn betinken ek it gefal yn 'e Fryske literatuer. Mar om't geografy en grutte te uzes noch swierder wage is it ferlet fan hjoeddeisk wurk navenant. Op dat mêd binne der lykwols tendinsen te bespeuren; nije nammen tsjinje harren drippendewize oan, mei wurk dat it No wjerspegelet. Wol is de fraach rjochtfeardige wat in hjoeddeiske roman krekt is. In neiere (en djipper dollende) definysje is winsklik; de begrypsbepaling dy't Stevens jout is al te sljochthinne.
Willem Schoorstra