In kontroversjele Tryaterproduksje
Piter Terpstra
De opfiering troch Tryater fan it op Grut-Brittanje spyljende toanielstik De gebedsgenêzer (Faith Healer) fan Brian Friel is in - alteast by it Fryske publyk -kontroversjele produksje. It stelt, benammen troch de foarm dêr't it ferhaal yn op jin takomt, easken oan de taskôgers.
Gavin Garrick, dy't wûnderbaarlike genêzingen ferrjochtsje kin, wurdt beljochte troch trije persoanen, ûnder wa hysels. Yn in net ienfâldige yntriizje binne ek syn frou Grace en syn manager Teddy belutsen. Dizze trije figueren hâlde achter elkoar elk in monolooch. Der is dus yn it hiele stik mar ien persoan yn de sêne.
Dêr sil it wol oan lizze dat boppe Sietse de Vries syn resinsje yn de Leeuwarder Courant stie: ‘It raarste stik dat Tryater oait spile hat’. Yn de tekst wurdt it trouwens wat minder stoef opsein: ‘Miskien wol it raarste stik dat Tryater oait spile hat.’
Faaks sil dit in part fan de trouwe Tryatergongers, dy't yn har artistike appresjaasje soms fier wei komme moasten, even ôfskrokken hawwe. Der waarden hieltyd mear stikken spile, dêr't in part fan it publyk, benammen yn de plakken sûnder in beropstoanieltradysje, oan wenne moast. Dàt it der oan wend rekke, is de grutte fertsjinste fan dit selskip en fan de betûfte en mei fantasy bejeftige regisseurs dy't elkoar yn de rin fan de jierren opfolgen. Lykwols, diskear is, sawol by it publyk as yn de parse, de fraach opkommen of Tryater net wat hoedener wêze moat mei de kar fan it repertoire. Driget it mei stikken as dit de bining mei in part fan de feste besikers te ferliezen?
It is moai dat Tryater sa'n heech peil berikt hat, dat der ek yn de lanlike toanielwrâld hieltyd mear bewûndering ûntstiet foar it selskip dat hiel lang as allinne mar fan provinsjale betsjutting beskôge waard. Mar mei stikken as dit driget it de bining mei in part fan de fêste besikers te ferliezen.Tryater moat it, oars as de Nederlânsktalige beropsselskippen, foar in net ûnbetsjuttend part hawwe fan de besikers dy't eartiids benammen op it amateurtoaniel of semy-beropstoaniel rjochte wiene.
No't der in tal opfieringen fan De gebedsgenêzer west hat docht al bliken, dat yn it skoft gjin of praktysk gjin minsken nei hûs ta geane, mar geduldich de foar somliken wat drege monologen oanhearre, wylst se dochs muoite mei it stik hawwe. Pas yn it tredde bedriuw, dêr't de humor yn trochbrekt en de typearring makliker werkenber is, wurde se foar in part oer de streek lutsen. Der binne lykwols ek guon dy't ferkundigje dat soks om har te'n earsten net wer hoecht.
De trije persoanen dy't har eigen ferhaal oer de gebedsgenêzer fertelle wurde spile troch Jan Arendz, dy't Gavin treflik typearret, Klaasje Postma, dy't de tryste, troch it libben sleine Grace gefoelich spilet, en Romke Toering, dy't as de manager Teddy humor en tragyk mei in prima timing dosearret. It is de lêste, dy't it publyk it meast yn de besnijing krijt as hy oer in lyts minsklik drama fertelt.
Dat hat him ôfspile doe't it bestelweintsje stikken rekke, dêr't se mei fan it iene plak nei it oare swalkje om Gavin syn genêzersjeften tapasse te litten, soms mei sukses mar faak ek sûnder. Se wiene trije kilometer bûten in doarp, mar it duorre dagen ear't der ien komme koe om de auto te reparearjen. Yn dat isolemint krige Grace, trije moannen te betiid, in bern. Grace raasde om 'e nocht om har man,