Fokkema
De Kristlik Frysk Selskip-beweger Klaes Fokkema, perfester, hat syn striidberens ta utering brocht yn de namme fan syn soan: hy neamde him Redbad. Myn soan sil tinke, sa tocht de wize man, dat er dan ek kening fan Frisia Magna wurdt. Sa bin ik Petrus neamd troch myn heit, dy't mar lapkepoep wie, mei it idee: ús Piet dy wurdt paus. Ferdomme noch ta! Yn Dútslân moatte miljoenen jonges oait Adolf neamd wêze, mar dêr hearst noait mear wat fan. Adolf Kohl hat him allang omneame litten. Nei de oarloch, al dy Adolfkes, allegear omneamd, wat in drokte.
De foarâlden fan ús oansteande kening Redbad hawwe har nei de Frânske tiid mei doel Fokkema neamd. Ut jim geslacht sil ienris de grutte hearsker opstean, dat fokke ma. Syn heit sil him Redbad neame, mar hy sil dy namme fersmite. Want yn dyselde snuorje sil it antyfryske meunster Petrus syn kop út 'e sompe opstekke en dy sil jim soan mei fluenske praatsjes nei Leien ta troaie en him perfester meitsje yn 'e Hollânske dichtkeunst. Hy sil him omneame ta Radboud en him tagelyk beskermhear meitsje fan de stifting mei deselde namme ta ferearing en devoasje fan ús hillige Titus, oprjochter fan de Fryske Akadeemje as ûnderôfdieling fan it Fatikaan en ressortearjend drekt ûnder de Hillige Stoel.
Yn it hillige jier twa tûzen lykwols is de wiere Redbad ferskynd oan de royalist Trinus Riemersma, yn in dream. Dizze oerfryske kening dy't op syn stjerbêd frege, doe't er doopt wurde soe: mar kin ik dan ek fike (âldfrysk foar neuke) yn 'e himel, nee dus, dan giet it feest mar oer, dy hat, Redbad dus, de royalist Riemersma op 'e hichte brocht fan de kûperijen fan Petrus en Radboud om de Hillige Stoel nei Ljouwert te bringen.
Syn flamjend protest ferskynde yn alle media en soarge foar in bisteftigen opskuor. Radboud, de dichtperfester, waard ûntmaskere, kidnapt en yn 'e Aldehou ta kening kroand. Syn wjeraksel: mar myn fader het allenig maar wat an ut leuwaddes deen, waard wjerlein mei: nammerste better.
Petrus waard ek snipt en mei in tou om 'e hals de bûtlannen fan 'e Snitser mar ynjage, dêr't er oer twa tûzen jier as feanlyk - Grouballeman - opgroeven wurde sil. Riemersma waard beneamd ta bûnskânsler seku opperkorrektor en spriek: wol ferdomme Sire, mei jins wolnimmen, dit hâldt wat yn. Op 'e fraach hoe't er dy gemiene kûperij ûntdutsen hie, sei er yn al syn ienfâld: earst seach ik it net troch dy kolombrek, mar tweintich jier letter wol, tomme nochta! Want hy woe der gjin wurd fan ha dat er de echte Redbad sjoen hie. Mar it nije keninkryk soe optille fan 'e korreksjekampen.
Piter Yedema.
(Sjoch ek: Tr. Riemersma, ‘Anty-Fryske sentiminten’, Trotwaer, oktober 2000.)