De film
Yn de televyzjefilm komt alles by elkoar. It idee fan Hoite Pruiksma om dizze prachtige muzyk hjir op te fieren, it sobere spektakel dat Jos Thie dêr omhinne tovere hat, it lânskip, de minsken en de trein dy't hjir hieltyd mar wer foarby fljocht.
Servaes hat der noch in elemint oan taheakke. It folksferhaal. In ferhaal dat likegoed by de Bombrekken as oan it Lago Maggiore of by de Victoriamar spylje kin. Fan de fisker dy't fereale wurdt op in seemearmin en har trouwe wol, mar dêr grutte, ûnminsklike offers foar bringe moat. It selde ferhaal dus as dat fan Orfeo dy't syn Euridice út de ûnderwrâld werom helje kin as hy oan hast net op te bringen betingsten foldocht.
Servaes hat ek de tariedingen filme foar de opfiering fan de opera. En dêrmei hat hy televyzje makke. Gjin ferslach fan it barren by Bombrekken, gjin registraasje fan de opera, gjin oanklaaid folksferhaal. Hy hat alle eleminten trochelkoar goaid en allinnich it ferhaal oer Orfeo en dat fan de fiskerman oanhâlden. Hy hat alle byldzjende eleminten fan de omkriten brûkt. De trein nei Warkum komt tolf kear foarby, elke kear wer oars en likemoai. De prachtige loften, it reid, it wetter en de rare stellaazjes dy't der foar Orfeo Aqua boud binne. Hy doart it oan en set de sjongers op oare plakken del as dat se yn it stik steane, hy soarget derfoar dat de Gary Boyce as Orfeo, Claudia Palacca as Euridice en Ilse van de Kasteelen as Amor folslein oertsjûgjende akteurs wurde troch se op syn wize yn byld te setten: hy hat se sa filme dat de eftergrûn net dúdlik is mar wol de sfear bepaalt. Hy hat de sjongers fan Capella Frisiae sa yn byld brocht dat it bydraacht ta de dramatyk. Hy lit Jan Arendz op hieltyd moaiere lokaasjes sjen as in poerbêste ferteller. (Wat is de sêne mei it seil moai!) Hy lit sjen dat er alles oandoart. Struit mei bylden om him hinne. Wetter, fjoer, loft.
It is my hjir en dêr wolris te barok. As Orfeo mei it fjoer oan 'e gong is reitsje ik it spoar wolris efkes bjuster en dat haw ik ek as der by de konfrontaasje tusken Orfeo en Euridice wat al te folle wetter oer de bylden hinne spielt.
Servaes is Belch, sil de bylden grif mear oansette as in Fries it dwaan soe. Jos Thie hat him ynholden op de Bombrekken, minder grutte effecten as by Abe! of Peer Gynt brûkt; Jacques Servaes hat it hjir en dêr wat fersterke en in prachtige film makke. In opera, in idee, in opfiering op it wetter en in oarspronklik senario ha meielkoar in nij keunstwurk oplevere.