Autonoom en profesjoneel
Sûnt it ferdwinen fan Frysk en Frij en De Strikel binne der allinne noch mar in pear literêre tydskriften oer mei op syn meast 350 à 400 lêzers, en in pear ûnregelmjittich ferskinende klubbledsjes, dêr't ik ta myn grutte freugde De Fryske Federalist fan J.B. Singelsma en Lyts Frisia fan de Jongfryske Mienskip it faakst fan ûnder eagen krij. Ik ikkerje hjir it mislearre aventoer mei Frsk net wer op: dat haw ik fan it begjin oan net sitten sjoen, om't in hûs-oan-hûsberik fan hûnderttûzenen gjin garânsje is dat elkenien sa'n blêd ek mei in sin lêst. In krante dy't men mei in sin lêst, hat men in abonnemint op.
Dat it finansjeel de Provinsje no meiwierret, makket de kâns reëel dat der skielk wer wat foar yn 't plak komt, en it moaist soe wêze dat dat dan de twa blêden binne, sa't de provinsjale kommisje-Van der Ploeg dy yn 1998 foarslein hat: in krante foar in breed publyk, en in algemien opinyblêd dat him op in wat lytser publyk rjochtet. Betingst foar beide media is dat se op in profesjonele basis makke wurde en dêrneffens betelle, en dat it net, sa't it oant no mei Frysktalige blêden altiten wenst wie, in saak fan willewurk is, dêr't minsken foar in apel en in aai foar yn 't spier binne. In blêd mei in formule, dy't eksklusyf is en net de kranten dûblearret.
Oer it hoe en het fan sa'n blêd, en wêr't it ûnderbrocht wurde moat, wurdt op 't heden yn allerhande fermiddens neitocht, mar it moat net útdraaie op in blêd dêr't alderlei rûnten en organisaasjes wat oer te sizzen krije. In autonome redaksje ûnder in ûnôfhinklike paraplu is de bêste waarboarch foar kwaliteit en kontinuïteit.
Men moat mei oansprekkende kampanjes foar beide blêden stribje nei in sa grut mooglik berik, elk yn soarte, en foar it blêd dat ûnder in breed publyk komt, jins best dwaan safolle mooglik advertinsjes te krijen. Men kin lykwols net langer de eask stelle dat de blêden har op 'en doer sels bedrippe moatte, want nei alle eksperiminten, earst mei Frysk en Frij, no mei Frsk, is foargoed oantoand dat soks ûnmooglik is. Der sil altyd jild by moatte: dat útgongspunt sille de minsken dy't deroer beslute, it op foarhân oer iens wêze moatte. It soe de baas wêze as provinsjale polityk en bedriuwslibben (de útjouwers) de lêsten dêrfan diele, byneed holpen mei in bydrage út it Bedrijfsfonds voor de Pers.
Teoretysk rint in blêd dat finansjeel sa fan oaren ôfhinklik is, it gefaar dat dy oaren ek oer de ynhâld mei kedize wolle en de redaksje ûnder druk sette. Dêr moatte yn 't foar goede ôfspraken oer makke wurde. Yn de mear as tritich jier dat ik ûnderfining ha mei subsidiearre Fryske tydskriften, is my lykwols gjin gefal bekend dat de oerheid of de útjouwer ynfloed op it redaksjebelied ha woe, of drige mei it ynlûken fan it subsydzje, om't in redakteur de kop fan de kommissaris of in deputearre easke hie. Salang't der yn Fryslân gjin revolúsje komt en gjin junta oan 'e macht, hoecht men der net benaud foar te wêzen.
Under kompjûterisearre foaroprinners kin men skepsis beharkje, dy achtsje in papieren tydskrift út 'e tiid, men kin jins enerzjy better brûke, ûnder oaren op Ynternet. Mei alle respekt foar de ‘oneindige mogelijkheden’ fan dit medium, is it no noch fierstente betiid om dy konklúzje te lûken. Ynternet is in ideale oanfolling - en dy mei men net oer it net fleane litte -, mar is út noch yn gjin alternatyf, dat it papieren blêd ferfange kin.