Stabyl en yn beweging
Dat nimt net wei dat ik De nachtmerje fan Rawier mei in hiel soad nocht lêzen ha. It soe prachtich wêze as Van der Kooi nei syn suksessen yn Dútslân, dêr't al in protte samlingen en skôgingen fan him ferskynden en dêr't er yn 1997 de Märchenpriis fan de Walter-Kahn-stifting foar krige, komme soe mei mear publikaasjes yn Nederlân. Ek soe it tige nijsgjirrich wêze as er nei al syn ynventarisearjend wurk it aksint ferlizze soe op de letterkundige ynterpretaasje fan folksferhalen en syn ljocht skine litte soe oer de eftergrûnen fan fertellen en oer de ûnbewuste eangsten en fantasyen fan folksfertellers, -harkers en -samlers.
De nachtmerje fan Rawier is ôfwikseljend en boeiend en publyksfreonlik. De bondel jout, lykas Van der Kooi yn syn neiwurd taseit, ynsjoch yn it magysk-mytysk-religieus universum fan in hypotetyske, gewoane, net-gelearde Fries om 1900 hinne oant yn ús tiid ta. De sêgen geane oer spoeken, demoanen, ferkeard folk, tuskenbeiden folk, goed folk, it alter ego, gods finger en de takomst. Se binne earnstich en foar wier ferteld mei in bysûndere ferdieling tusken religy en folksleauwe. De woartels fan it folksleauwe lizze gauris yn wittenskiplike ynsjoggen dy't ferâldere binne en yn it kristlik leauwe, mei't eleminten dy't yn de offisjele lear fan de tsjerken net mear gongber binne, noch wol troch de sêgeferteller leaud wurde. De grinzen tusken wittenskip, religy en folksleauwe binne yn sêgen net krekt te skieden en ferskowe hieltiten wer. Tink bygelyks mar oan de duvel en de hel, dy't al út de measte, mar noch net út alle tsjerken ferballe binne.
De sêgen litte Van der Kooi syn gelyk sjen as er seit dat it mytysk-magyske wrâldbyld fan sis mar hûndert jier lyn yn ús tiid noch net weiwurden is, mar in oare ynhâld krigen hat. It ferlet fan leauwen en byleauwen is mei it leechrinnen fan de tsjerken en de rasjonalisearring fan ús maatskippij net minder wurden. As âlde bylden net mear foldogge, dan sykje de minsken nije ynhâlden. Sa is de duvelbanner, dy't by de Halbertsma's yn de njoggentjinde ieu in promininte rol spilet, yn de tweintichste ieu mear en mear ferfongen troch de wûnderdokter en wurdt it plak fan beskermingels tsjintwurdich ynnommen troch ‘goede’ heksen lykas Jomanda. Nijsgjirrich is ek dat motiven út oare kultueren yn ús fertelskat komme. It folksleauwe is tagelyk stabyl en yn beweging.
Op basis fan syn samle sêgen komt Van der Kooi ta de útspraak: ‘De wrâld feroaret wol, de minsken amper.’ Hy soarget dat folksferhalen yn alle ‘puerens’, dy't typysk skynt te wêzen foar de stim fan it folk, bewarre bliuwe en tagonklik binne foar wittenskiplik ûndersyk. Nei't ik ferwachtsje, draacht dit boek krekt as syn literêre en populêre broerkes by oan in libbene Fryske fertelkultuer yn de wrâld fan de takomst.