Skriuwe en net achteromsjen? (2)
Wie een hedendaagse roman wil lezen, moet niet bij onze schrijvers zijn, want die kijken alleen maar achterom. (Herman Stevens, nrc Handelsblad 5/8/00)
De útspraak fan Herman Stevens hat neffens my te krijen mei de beskate mjitte fan heechmoedigens dêr't alle skriuwers lêst fan ha. Ek no wer wurdt de grutte rol fan de lêzer yn it hiele proses dat men mei in boek oangiet, ûnderskatten. It binne ommers benammen de mooglikheden en de langstmen fan de lêzer dy't meitsje dat de betsjutting fan de tekst gâns útwreide wurdt.
Op it stuit dat dy lêzer de konfrontaasje oangiet, kin er wurden transformearje ta in boadskip dy't histoarysk sjoen neat (mear) te krijen hat mei de tekst sels of mei syn auteur. Sa'n transmigraasje fan betsjutting kin in tekst ferromje òf ferearmje, mar altyd wurdt in boek mei besiele troch de omstannichheden fan de lêzer. Om't dy in libben lang feroaret, feroaret it boek mei.
Trouwens, skriuwen soe wolris per definysje omsjen wêze kinne, ‘om't in minske syn eigen tiid gauris ferkeard sjocht’, sa't P.F. Thomése seit yn syn artikel ‘Hoe te schrijven’ (Trouw, 27 oktober 2000). ‘Hûndert jier letter sjogge je folslein oars tsjin de saken oan.’
Stevens ferjit dat lêzen kumulatyf is: je kinne hieltyd wat betters, wat dregers fertarre. Dêrmei soe it in ramp wêze as in lêzer feroardiele waard ta allinnich mar romans oer wat de platwâde wrâld him troch-den-dei ek al te bieden hat: de open arbeidsmarkt, welvaart voor iedereen (enz.) en snelle reizen naar alle uithoeken van de planeet...
Harrekrammele, ik soe dalik ophâlde mei lêzen en séker mei skriuwen.
Marga Claus