Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 474]
| |||||||||||||
1. De nije histoaryske romanIt docht nij dat der yn de literatuer fan de lêste jierren, ek de Fryske, in tanimmende flecht is op de kouwe fan de histoaryske roman. It liket der op as wurdt, nei in tiid fan it fersmiten fan de ‘romantyske idealisearring fan it ferline’, of it ‘konservative weromsjen’, it sjenre wer wurdearre. It begryp ‘roots’ is (wer) populêr. Wêr komt sa'n oandacht eins wei? En hat dy nije histoaryske roman beskate skaaimerken dy't him ûnderskiede fan de ‘âlde’, sa't dy opkaam yn de Romantyk, twahûndert jier lyn? Ik neam in pear foar de hân lizzende tiidsferskynsels dy't neffens my gearwurkje en dy't wat oanwizings jaan kinne. As ik dy skaaimerken loslit op de roman fan Teije Brattinga, Dy ferrekte papen, doch ik dat net allinne om myn oardiel oer dy roman ta te ljochtsjen en te ûnderbouwen, mar benammen ek om de betrouberens en wurkberens fan dy (ornearre) skaaimerken te hifkjen.
Earst dus de tiidsferskynsels dêr't de nije wurdearring út fuortkomt:
| |||||||||||||
[pagina 475]
| |||||||||||||
Tapast op de literatuer, wurdt de klam op de ‘feitlikheid’ fan it ferline, jimmeroan better fielber. Biografyen dogge it goed. Skriuwers as Frits van Oostrom (Maerlants wereld) krije in soad publisiteit, de hype fan Het Bureau fan J.J. Voskuil sit him fral yn de rekonstruksje op ynterminsklik mêd fan de deistige wurklikheid, de lof foar Thomas Rosenboom hat te krijen mei it werjaan fan historyske tema's, Hoe God verdween uit Jorwert en De eeuw van mijn vader fan Geart Mak ûntliene harren wurdearring oan de feitlike werkenberens. De zwarte met het witte hart van Arthur Japin is in moai foarbyld foar in iepenbiering fan njogentjinde-ieuske politike masinaasjes. As ik op grûn fan dy riddenaasje in pear skaaimerken foar de literatuer neame moat, soe ik gearfetsjend sizze: minder ‘roman’, mear ‘histoarie’ En wat mear detaillearre:
‘Realiteit’ en ‘ferifikaasje’ hingje fansels gear en ‘persoanen’ en ‘ûntjouwing’ ek. Lykwols, foar de (hiërargyske) nuansearring hâld ik it ûnderskied dochs mar oan. | |||||||||||||
2. Dy ferrekte papen fan Teije BrattingaIt is nijsgjirrich dat Teije Brattinga in kar makke hat foar in tiid dy't oant no ta net folle omtinken hie: de Reformaasje. Benammen foar Fryslân hat de sechtjinde ieu wichtich west. Nearne yn de noardlike Nederlannen wiene mear kleasters en tsjerken as yn dizze oarden. En yn minder as fyftich jier bruts de Herfoarming har baan. Soks gong fansels net sûnder stjit of slach. Noch altyd skynt it doarp dat foar Dy ferrekte papen de lokaasje foarmet, Greonterp (‘Grevingeterp’) krektlyk as it oanbuorjende Blauhûs, yn haadsaak katolyk te wêzen. It spanningsfjild foar in nijsgjirrich ferhaal is oanwêzich. En dêr komt by: godstsjinsttsjinstellings foarmje noch altiten - en faaks hjoed by útstek - aktueel wrâldnijs. In moaie kâns dus. ‘documentaire dramatique’ stiet, wat pronkerich, ûnder de titel. Neffens de efterflap om oan | |||||||||||||
[pagina 476]
| |||||||||||||
te jaan dat der ‘in knoarre dokumentaasje’ (docu) yn ferwurke is en it om ‘libbene minsken’ (drama) giet. Neffens my hie it begryp ‘histoaryske roman’ sawat itselde oanjûn (en noch in bytsje mear, nammentlik dat it ferhaal yn it ferline spilet), mar hawar: nije maaitiid, nij lûd. | |||||||||||||
De ynhâldDe roman giet oer de striid tusken Reformaasje en Kontrareformaasje yn Grevingeterp, in lyts doarp yn de Fryske Súdwesthoeke, twadde helte sechtjinde ieu. It (Ljouwerter) regear is grifformeard wurden en ferbiet de katoliken om langer harren tsjerketsjinsten te hâlden. Alles hat fansels altyd roomsk west, dy oergong nei ‘de nije lear’ wurdt it folk gewoan oplein. De Grevingeterpsters wolle, op in hantsjefol lju nei, net om lyk. De spjalt troch de doarpsmienskip wurdt ferpersoanlike troch twa manlju, Douwe Sjoerds Sennema, in heareboer mei in soad ynfloed (‘Dy spile hjir de baas.’ - sa ûnôfhinklik as de efterflap suggerearret binne dy Grevingeterpsters dus ek wer net) en Jelte Ysbrants, de koster-skoalmaster, de twiveler (dy't ynearsten it slachtoffer fan de represje wurdt). Dy spjalt set him troch yn harren soannen, Sjoerd Douwes en Ysbrant Jeltes. De earste giet nei de prysteroplieding yn Leuven, de oare nei de grifformearde Latynske skoalle yn Ljouwert. Om bar wurde yn de twadde helte de wederwarichheden fan de soannen beskreaun en sadwaande de foaroardielen en stereotipen dy't yn beide kampen, mar benammen by de grifformearden, foar master opslagge. | |||||||||||||
De dramatykWat it dramatyske diel, de minsken en har noeden, oanbelanget, moat sein wurde dat de ferteltrant, benammen yn de petearen, smout mar oerflakkich is en de yntriizje simpel. Al rillegau is dúdlik dat de represje net útbliuwe sil. Op himsels hoecht dat net sa slim te wêzen. Ek yn in ‘fatalitysk’ ramt kin noch genôch dramatyk oanwêzich wêze. Dat dy te min fielber is, komt neffens my fral troch it ûntbrekken fan in sterke identifikaasjefiguer. Douwe en Jelte komme psychologysk te min út 'e ferve, harren soannen steane te folle bûten it ferhaal en libje yn in (njoggentjinde-ieusk oandwaand) romantysk wrâldsje fan argeleazens. Sa lêze wy bygelyks hoe't Sjoerd troch Ysbrant seksueel foarljochte wurdt (s. 286): ‘Hasto it al hân?’ freget Ysbrant dan. Dy jonges binne in jier as fyftjin en libje yn in kultuer dêr't soks net yn it ferburgene bart. Sa nayf wurde se ek presintearre bygelyks mei it yn kontakt kommen mei de dea, it net witten wat huorren binne en derfan ophearre dat in tsjerke regels hat. In oar swak stee is de didaktysk-moralistyske toan. Mei de yntroduksje fan Sjoerd yn de roomske lear (en it ûnderskied mei de grifformearde) wurdt ek de lêzer ûnderwiisd, lykas yn kwestjes as de liturgy, de sakraminten, de dracht fan de pryster en tsjerklike feestdagen. Faak wurdt, as it perspektyf by ien fan de jonges leit, de styl ynfantilisearjend: ‘Hear Hidde [...] lies in stik foar út it lêste boek fan 'e bibel, de Apocalyps fan Jehannes hjitte dat.’ en: ‘De jûns fan de twadde novimber waard der altyd in aparte tsjinst holden, in vesper neamde | |||||||||||||
[pagina 477]
| |||||||||||||
hear Hidde dat.’ Fan dy foarm bin foarbylden by de rûs. Sa bringt de auteur syn eftergrûnynformaasje foar de lêzer beside yn it ûnderwiis foar de bern. | |||||||||||||
De dokumintaasjeDêrmei sit ik op de ‘knoarre dokumentaasje’. It wol my wol oan dat Brattinga in soad ‘research’ dien hat om yngong te krijen ta de sechtjinde ieu, de reformaasje en hoe't soks útwurke op, en belibbe waard yn, in lyts Frysk doarp. Hy sitearret mear as ien kear út tiidsdokuminten, lit autintike lieten sjonge, wy komme Luther, Columbus, Alva tsjin, de Heidelbergse Kategismus, it blokhûs yn Ljouwert, en neam mar op. En dochs is it grutste diel fan de ‘dokumintaasje’ in ynlieding yn de roomske tsjerkebrûkmen. Nijsgjirrich, op himsels, mar folslein bûten de hannelingsoarder. De dwersens fan de Grevingeterpsters hat neat te krijen mei teology, heechút mei besteande machtsferhâldingen. It is dus ek gjin ûnôfhinklikens. It is (troch in doarpslieder) oplein ferset. De foarskiednis fan 'e ferfolgings, de brânsteapels, de folteringen troch de Ynkwisysje en de betizing fan religy en steat (bgl. de Tachtichjierrige Oarloch dy't yn 1568 begjint, en dy't de gearhing fan tsjerklike en politike tsjinstellings fansels bepaalt) komme te min oan 'e oarder. It liket as soe sprake wêze fan willekeur út Ljouwert wei (De Uny fan Utert wurdt wol neamd mar te min taljochte). Dêr komt by, de Reformaasje hie ek in maatskiplike kant: it folk waard emansipearre, en de geastlikheid, mar fral ek de adel en eigenierden (dêr't Douwe Sennema in fertsjintwurdiger fan is) ferlieze har macht oer de doarpsmienskippen. Dy kant fan it ferhaal ûntbrekt ek. Koart sein: de foarstelling fan saken is te simplistysk, der is te min ramt. Pastoar Hear Hidde is in sintrale figuer, mar wurdt dochs (foar my) net oertsjûgjend foar it ljocht helle. Wylst er dúdlik ynhouten hat, liket er yn syn hanneljen de opportunistyske kant it neist. Hy kiest foar de nije lear, ferlit it doarp en bliuwt op ôfstân. Dat er sa'n bytsje ynfloed op syn parochianen hat, wylst elts mei him fuortrint, is op syn minst nuver. De bêste ferklearring is neffens my, dat net de geastlike, mar de wrâldske macht (yn de figuer fan Sennema) it yn Grevingeterp noch foar it sizzen hat, sa't dat yn 'e Midsieuwen (oan sawat 1500 ta) op it Fryske plattelân oeral it gefal wie. In dragende figuer ûntbrekt. De lêzer moat him, troch it personale perspektyf, efterinoar mei te folle útienrinnende persoanen identifisearje, de haadstikken oer Sjoerd en Ysbrant liede ôf en boppedat klinkt faak it lûd fan de alwittende ferteller. Sadwaande nimt de lêzer ôfstân. Dat is û.o. ek de reden dat de ôfrin (op my) oerkomt as in ôfgong ynstee fan in dramatyske klimaks. | |||||||||||||
De skaaimerkenWerom nei de ûnderstelde skaaimerken fan de hjoeddeiske histoaryske roman:
| |||||||||||||
[pagina 478]
| |||||||||||||
Yn dizze roman is it mei it earste en fjirde skaaimerk dus aardich yn oarder. Yn dy sin is it neffens my in foarbyld fan in moderne histoaryske roman. It twadde, de histoaryske haadfigueren, en it tredde, de psychologyske en relaasjekant, komme oan 'e krapper ein. En dochs is myn grutste beswier: in tekoart oan gearhing fan hanneling. Dat is in romantechnysk tekoart dat neat út te stean hat mei de skaaimerken foar, of easken oan, it sjenre. De ynformaasje op it efterkaft beslút mei: ‘It is in prachtich ferhaal wurden oer echte minsken, it lêst as in trein, en it is allinne mar spitich dat it doarp op it lêst yn 'e brân fljucht: men is nijsgjirrich wurden hoe't it mei de minsken giet. Se binne eigen wurden. Mar mei de brân is it ôfrûn.’ Sa'n útspraak is fansels net as krityk bedoeld. Dochs is er typearjend. Mei de brân is it yndied ôfrûn. En dat komt om't de minsken net wier genôch makke wurde om de ôfrin te oerlibjen. Dat is spitich. |
|