Gerlach, Hertmans, Kopland, Vasalis.
It ferskil tusken it wurk fan Daniël Daen en Willem Abma is rûchwei sein: fan ‘Look back in anger’ nei ‘Sadder and wiser.’ Oait sil der miskien ien wêze dy't it de muoite wurdich achtet dy ûntjouwing te beljochtsjen. It is logysk dat in man fan hast sechtich net mear fersen skriuwt fan in adolescent fan tweintich of in John Osborne-fan fan hast tritich.
Motto, motyf en tema fan Kuiers of definysjes fan in ik [de begjin novimber by Utjouwerij Frysk en Frij ferskynde bondel] is it idee dat de minske dy't kuieret troch libben en lânskip, komponearret. Hy komponearret de kuier dy't er docht en hy komponearret it lânskip dat er sjocht en feroveret mei syn kuier. Fanselssprekkend giet it hjir sawol om in inerlik as uterlik lânskip. En dêrmei komponearret er ek himsels. En mei dat alles jout er definysjes fan himsels.
De earste wiffe stap en de lêste wisse stap, dy fan de dea, en de stappen dêr tuskenyn, odyssee en kweeste, inerlik en uterlik, swerftocht en syktocht. It giet yn dizze bondel om proazagedichten, in sjenre dat my fral by Zbigniew Herbert tige oansprekt. Lês syn sammele fersen der mar op nei.
Folsgeare is tige wichtich. Dêr bin ik programmearre foar myn lettere libben, dêr kom ik noait los fan, dêr gean ik ek wer hinne as ik dea bin. Folsgeare giet my troch moarch en bonken, sit my yn ieren en sinen. Slaan de fersen dy't direkt of yndirekt oan dat doarpke wijd binne, der mar op nei.
I
Op in reed. Immen. Sylhûet yn beweging.
Dize hinget him yn flarden by de hûd del.
Flues fan kontoeren dat him krekt net ferskine lit
In read opgloedzjen ferriedt in ûndergean fan
sinne-omgong. Unsichtberens. Rinnendewei lykop
stadich tsjusterjen dat beweging opslokt.
Hy jout him del by de daam. It fallen fan 'e jûn.
Splinters yn in skeve lânhikke.
Under him brûst wetter troch oplutsen skuven.
Glinsterjende jildstikken, nee fiskjes,
sjitte fuort oer de drompel fan de dei.
De nacht komt mei de wjukslach fan in fûgel dy't er
net ken, syn byltnis yn skerpe fûgeleagen meinimt.
Lutsen út it ljocht. Willeas foar de nacht. Proai.
IX
Yn it lânskip pleatsen mei hôven dêr't
grêften omhinne rinne. Hege wâlen mei
stammen dêr't ûnbidige krunen út oprize.
Dy't de pleatsen oan it each ûntlûke.
De daam oer de homeie troch:
eat dat ieuwenâld is, leit te
slûgjen op in ynbannich hiem.
Hy krûpt de ieuwen oan yn in ko dy't
stadich en nijsgjirrich oankuierjen komt.
As ik op de lêste fearnsieu weromsjoch falt my op dat der sprake is fan twa poalen: in hichtepunt en in djiptepunt. Tusken de Gysbert Japixcpriis fan 1973 en it jier 1999, doe't in ûnbehearskbere stream fan ôfwizingen op myn paad kaam. Dêr tuskenyn in proses. Hoe hantearrest sa'n probleem dêrst ek sels in oandiel yn hast? Want, dêr is gjin twivel oer. Ik haw keazen foar distânsje dy't my bytiden in eufoar gefoel jout fan los en ûnôfhinklikens.
Is dan it yngean op dyn fersyk ta dit ynterview net ynkonsekwint? Nee, want ik kies foar