Skriuwe en net achteromsjen? (1)
Wie een hedendaagse roman wil lezen, moet niet bij onze schrijvers zijn, want die kijken alleen maar achterom. (Herman Stevens, nrc Handelsblad 5/8/00)
Yndie, de skriuwers dy't no lêzen wurde binne âlde lullen. Harren boeken wurde kocht troch de minsken mei jild, dat wol sizze, fjirtigers en fyftigers. Dy bepale de hjoeddeistige smaak foar safier as dy smaak troch de media as DE smaak sichtber makke wurdt. Voskuil is fan en foar de minsken foar wa't by it âldereintehûs de doar al iepen stiet. Wis, jonge minsken lêze dy boeken ek, mar dan fia de bibleteek of fia har heit en mem. En dus oefenje se gjin ynfloed op de ferkeapsifers út. En yn de sjuery's fan literêre prizen binne se alhiel net te finen. Yn Fryslân lêze heit en mem Omke Rink, of at se wat alternatyf binne, Omke Trinus. En as de jongere generaasje al ris stim kriget yn de persoan fan Ronald Giphart (dy't by de jongerein ymmins populêr is) dan falt hiel literêr Nederlân oer him hinne. Allinne mar om't er flot skriuwt, mei grappen en sûnder dreechstinnerij, en fral sûnder respekt foar LITERATUER as ynstitút dêr't je RESPEKT foar ha moatte. Herman Dinkje... euh Stevens... hat grut gelyk, mar syn geklei is karakteristyk foar de generaasje dêr't er op ôfjout.
Oant safier jo favorite tritiger
Eric Hoekstra