wyt fan it knipen sjoch ik, as ik him op 'e hurdhouten tafel del sette wol. Ik hear Wybren it selde rideltsje noch in kear as trije, fjouwer herheljen. It wurdt better, mar hy is der noch net. Noch in kertierke, dan is it te tsjuster om te lêzen.
Hy komt by my te sitten en stekt it kearske oan dat yn de hâlder fan lead stiet dy't Margo ferline jier foar syn jierdei makke hat. Hy sjocht yn har dochs in soarte mem. ‘Sil ik foar dy ek in bierke helje?’ freget er. ‘Hoe sa, ek in bierke helje?’ freegje ik. ‘Do kinst ommers hielendal net drinke sa flak foar dyn eksamen.’ Wybren prottelt wat, mar slokt it healwei yn. ‘Do dan in bierke?’ freget er. Hy is net faak sa soarchsum. Dat hoecht ek net want meastal draaft en fljocht Margo wol.
Ik haw der eins net sa'n sin oan, mar omdat hy it freget sis ik dochs mar ja. Foar himsels nimt er in glês kola mei. We lústerje nei it kweakjen fan 'e kikkerts yn 'e feart.
‘Wat fynst der fan om freedtejûn mei Margo en my nei de film ta?’ freegje ik him nei in skoftke. Hy wurdt read. Syn wangen sjogge der út om yn te biten. ‘Dan bin ik der net,’ seit er, ‘we ha sportdei.’ ‘Jûns dochs net?’ sis ik. ‘Nee, mar we hawwe ôfpraat dat we jûns noch even de stêd yn sille mei in ploechje.’ Ik sjoch him strang oan: ‘Do wist hoe't ik oer let op bêd gean tink yn dizze tiid.’ Hy wurdt noch reader, en ik sjoch oan 'e opsetten ier op syn foarholle dat it no net allinnich mear fan ferlegenens is. Ja hy wit ferrekte goed hoe't ik oer let op bêd tink, seit er, nei de film mei my mei wol, mar syn eigen gong gean mei net. Of tocht ik dat er net sjoen hie hoe ferneatigjend as ik nei Froukje seach as dy der in dea-inkele kear yn kaam as se him ophelle? It bern woe net iens mear binnenkomme. Se fûn my in grizel.
Ik fiel oan it klopjen oan 'e sliepen dat ik no ek lulk begjin te wurden. De ier op myn foarholle sil no ek wol opsetten wêze. ‘Do komst gewoan thús!’ sis ik lûder as ik bedoeld hie. Wybren skout de stoel efterút en rint mei grutte stappen nei de túndoar ta. ‘En it liket ek nearne nei hoe ast Margo behannelst!’ ropt er noch foardat er de doar mei in rotklap efter him tichtlûkt. Ik tel oant tsien en besykje te akseptearjen dat er fansels ek gewoan in puber is. Hy stampt lûd de trep op. Ja, dat is fansels de oare kant fan it Sybesma-aard. De lêste tiid begjin ik ús heit no en dan in bytsje te begripen. It gerdyn wurdt wyld tichtskuord. Ik hear him flokken troch it iepen finster.
Tusken de lamellen troch sjoch ik nei de identike kij dy't yn 'e greide foar it kantoar rinne. De oermem fan dizze bisten bestiet al lang net mear. Ik tink dat dit fiifde generaasje klonen binne. Mar kij jouwe gjin grutte bek teminsten. Ien fan de bisten sjocht mij kôgjend op in pôle gers oan mei grutte