[Nummer 10]
Dwersreed
Sjoerd Bottema
Fryslân en de wrâld
It nije mondiale Frysk stiet der oan te kommen. Ik jou hjirûnder twa priuwkes as foarbyld:
Zou hij begrijpen dat ik niet aan zijn graf was
omdat ik verkouden was, als ik verkouden was?
En zou hij weten dat dit een smoes was,
mij toeknikken van ja natuurlijk, en dat het helemaal
niet hoefde? Dat het geen zin had deze regen
op zijn kist te horen vallen, dat hij zelf
niet was gekomen als hij hier niet toch toevallig -
(Judith Herzberg, ‘Begraven’)
Dat prachtige, koppige ras,
Dat, om voor een koning te buigen,
Te stijf eens van knieën was.
(Francois HaverSchmidt, ‘De Friesche poëet’)
Wat ha boppesteande sitaten mei inoar te krijen? De kursivearringen binne trouwens fan mij. Dy kursivearre passaazjes, dy binne typearjend foar it nije mondiale Frysk, en dêr draait it yn dizze Dwersreed om, dy't net dwerslizze wol mar paadwize, in alternative rûte, in koarte dwersferbining fan it lytse Fryslân nei de grutte wrâld.
Ynstee fan in boerefeint lit Gysbert Japicx in herder oan it wurd yn ‘Herders ljeafde to Galathea’ en dy besjongt net de lof fan Gatske of Gealtsje, mar dy fan Galathea dus, en hij ferliket har skientme net mei it oanfallich wêzen fan Tetsje, Lutske of Rjimke, mar mei de striking glamour fan klassike stjerren: ‘Dy Galathea stjoert wey, / Om Thetijs, Pluto of Rhëa, / Dy bouwje' op drieuwend sân’. Dy allochtoane herder en dy útwrydske nammen, it hearde by Japicx syn stribjen om it Frysk op te stjitten ta de hichte fan de klassiken. Yn syn besykjen it Frysk te ynternasjonalisearjen wie Gysbert in avant-gardist fan fier foar de Jongfryske Mienskip en De Tsjerne.
Mar nei Gysbert wie it dien, de earste pear hûndert jier. ‘Naar ploeg en koestal vluchtte / Uw taal, eenmaal Hollands schrik,’ dichtet twa ieuwen letter Piet Paaltjens alias Francois HaverSchmidt yn ‘De Friesche poëet’.
Wat is der dêrnei al ûndernommen om it Frysk út it slop fan it bûthús wei te heljen! ‘Mei it biedwurd “Fryslân en de wrâld” moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren, in brêge foarmje tusken Skandinavië en Ingelân, byskonkje dêr't hja, yn folkskeunst stomprûn en fêstrustke, by dy oaren yn 't efteren rekke wie.’ (Klaes Dykstra oer de Jongfryske Mienskip [1915] yn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer). Douwe Kalma ferbún Fryslân ‘mei de klassike “Wrâld” fan Homerus, Dante en Shakespeare, Molière en Shelley’ en tilde Fryslân sa ‘nei in ynternasjonaal plan’.
Yn it earste nûmer fan De Tsjerne (jannewaris 1946) ferbrekt Fedde Schurer de bining tusken Fryske literatuer en Fryske Beweging. It soe net langer gean ‘om Fryske literatuer mar om literatuer op syn Frysk’ (Dykstra). ‘Fryske skriuwers binne Fryske skriuwers wurden,’ skreau Anne Wadman. ‘It typysk Fryske soe ûnderwilens ferbrede en ferdjippe wurde ta it algemien minsklike. Plak fan hanling koe op 't lêst rûnom te wrâld wêze. De swetten wiene útlein en de Fryske klok op wrâldtiid bysteld.’ (Dykstra)