Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 455] [p. 455] Frâns Holwerda Ofmerke Al mei al safolle ferline dat er op 'e rommelmerke siket nei bewiis foar wat him troch 't sin gien is in aansichtkaart mei see en dunen bringt him nei in simmerkamp werom de kalken kop fan Goethe is de kapelaan dy't him ferlearde om te leauwen en de plaat fan in mûne rint samar oer yn in moaie jonge frou dy't wyt en neaken yn de tochtsleat driuwket mei wier yn 't lange losse hier dy bylden binne skerp, dat jout him rêst as er te let nei hûs ta giet mei fragen aanst en teloarstelde ferwiten mar hysels swijt as de lytse dogeniet dy't it net helpe kin dat er noch sa lang mooglik yn 'e skimer bûten boartsje wol. Vorige Volgende