Meiwurkers
Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum en de Riepe.
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits, Jout lessen Nederlänsk en digitale feardigens, fan it O-nivo öf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtinge.
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as free-lance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik.
Cor Hofstra (1946) is wiskundelearaar te Ljouwert. Wennet yn Frjentsjer, mar is grutbrocht yn Drachten.
Titia Lont (1963) studearre nei de pa yn Ljouwert ûnderwiiskunde yn Utrecht. Is manager ûndersyk en ûntwikkeling en gemeenteriedslid foar it cda yn Den Haach. Publisearre twa dichtbondels: Luxor (1985) en Lând ût see (1986). Feerder hew ik 'n keer as seuven met 'n Bildts gedicht op 'e Fryske Skriuwerskalinder staan en hew ik twee keer as singer/songwriter metwerking ferleend an 'n Tsjoch cd.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de afuk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Margryt Poortstra (1953) wurke yn de swaksinnigesoarch en as siktaresse yn de psychiatry en (op dit stuit) by it riagg, publisearre romans, ferhalen, berneboeken en gedichten; har lêste dichtbondel wie Eva (1997), har lêste roman De loads (1999).
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma.
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder. boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlanske romans, toanielstikken en dokumintêres. Fersoarge toanielkritiken foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichthondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij. In útjouwerij fan Quize QUânsje (1995).
Atze van Wieren (1943) woont in Buitenpost en is als loopbaanadviseur verbunden aan de rug. Besloot op zijn vijftigste minder te gaan werken en meer te gaan schrijven; de laatste tijd ligt het zwaartepunt bij de poëzie. Volgde schrijfeursussen en publiceerde o.m. in Mens en Gevoelens, de Leeuwarder Courant, Noachs Kat en de Internetpoëziekrant Meander. Won verschillende prijzen en eervolle vermeldingen.
(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)