Altyd wat!
Tr. Riemersma
De eangst foar it epigoanisme
Us hûn is dea en ús húshâlding hat in dei of wat raar fan 'e wize west. Hy wie myn lytse broer, sei ús dochter, en sa wie it ek. De bern binne mei dy hûn opwoeksen. It beest hat ús al syn libben freonlikheid en oanhinklikens betoand. Al dagen spilet my troch de kop (en ik sitearje ek út 'e kop):
Egidius, waar bestu bleven,
mi langt na di, geselle mijn,
du coors die dood, du lietst mij 't leven.
't Sceen t' één moeste gestorven sijn,
nu bestu in die dood verheven,
clare als der sonnen scijn,
alle vreugd es di gegeven,
Egidius, waar bestu bleven...
Myn fertriet fynt wurden, en dat is goed, mar wêrom moat ik sa'n almachtich ein werom yn 'e literatuerhistoarje? Is der tichterby neat? No, net yn alle gevallen by Vondel: Konstantijntje, salichkijntje,/ cherubijntje van omhoog,/ die d' ijdelheden hier beneden/ uitlacht met een lodderoog. In maat fan my yn Frjentsjer song dat fers wol op 'e wize fan: Und der Haifisch, der hat Zähne/ und die trägt er ins Gesicht./ Und McHeath der hat ein Messer/ und das Messer sieht man nicht. Moat jim ek marris perbearje, dêr knapt dit fers fan 'e ‘prins onzer dichters’ in heel ein fan op.
Salverda hat in earlik gedicht skreaun by de dea fan syn berntsjes Willem en Piter, mar it is ferhaal, it is gjin elemintêr fertriet. Datselde jildt fan Tamminga syn In memoriam. Ferhaal, stilearring, literatuer, mar gjin gjalp, gjin taastber fertriet.
Dat hat my oan it tinken set oer it nivo fan ús hjoeddeiske literatuer - en dêrmei kin ik dan ek ôfskied nimme fan ús hûn -: As ik mei myn oardelen gelyk ha, en as dat oardeel algemener te meitsjen is, as mei oare wurden yn in tal gefallen ús literatuer it nivo fan hûndert of twahûndert jier lyn net helje kin, wat hâldt dat foar ús yn?
It fielen epigoanen te wêzen kin in hele literatuer lam lizze. Yn it Dútslân fan nei Goethe hat dat sa in set west, haw ik lêzen. Yn Fryslân ha wy fan sokke gefoelens gjin lêst, ‘wy binne it ljocht ûnder en boppe de sinne’. En dat is goed, men moat beare as is men in goed skriuwer, oars kin men net skriuwe. Ik wol dan ek nimmen mei frustrearjende ideeën opskypje. Mar as ik myn skriuwerspet ris ferwikselje foar dy fan 'e literatuerhistoarikus: binne myn bêste ferhalen like goed as de bêsten fan Feitsma, Brolsma, Kiestra, Pollema? Brolsma sil oer twahûndert jier noch lêzen wurde, mar Wadman ek, myn boeken ek? De Rimen en Teltsjes is in springlibben boek en it kin noch ieuwen mei. Ik haw wolris besocht om Joast Halbertsma syn styl te imitearjen, mar homar, dêr kin ik net tsjinoan pisje. Ja, soks wurket ferlamjend en dus set ik gau myn âlde petsje wer op en sis: ik bin in grut skriuwer.
Om no in bytsje fleurich te einigjen en dochs by de dea te bliuwen, seis jier lyn wie ik wrantelich om't ik dea gean soe en doe haw ik wat parodyen skreaun op elegyen dy't de rouadvertinsjes yn 'e krante opsiere, û.o.:
Rust nu maar uit, je hebt je schijt gescheten,
De pot der lasten heb je tot de rand gevuld.
Jouw druk en drang, wie heeft ze uitgemeten,
Wie kan doorgronden wat jij hebt geduld!
Set dat skielik mar op myn stien.