Diever en Jorwert
De twadieling trochbrutsen?
Piter Terpstra
De nije regisseur fan it iepenlofttoaniel yn Diever, Jack Nieborg, hat in wat heger status yn de holle foar de ploech dy't mei de jierlikse opfieringen fan stikken fan Shakespeare ferneamd wurden is. Hy is net lokkich mei de twadieling dy't der altyd west hat: berops- en amateurtoaniel. Op in byienkomst dy't fan't simmer oan de premiêre fan it noch net earder yn it Dieverske iepenloftteater spile stik Pericles (1608) foarôfgie, sei er dat der yn feite noch in tredde skift bestiet: amateurs dy't wurkje yn in profesjonele setting, trijeris wyks repetearje, fakânsjes fersette en sa in nivo berikke, dat fier útstekt boppe it gewoane leafhawwerijtoaniel. Soms wurdt hast foldien oan de easken dy't it beropstoaniel stelt.
Nieborg hat hjirby fansels net allinne it each op Diever. Oer Jorwert hat er him net útlitten, mar wy meie oannimme dat it iepenlofttoaniel dat dér brocht wurdt, ek wol by sa'n tuskengroep hearre koe. Soene de toanielselskippen dy't der foar yn 'e beneaming komme, ek mear finansjele earmslach krije moatte?
Yn Diever haw ik fan in kommersjele achtergrûn nea wat fernommen. Jorwert wurdt sponsere; yn it programmaboekje stiet in royale advertinsje fan de Rabobank en der binne in lytse fjirtich stipers. Neat op tsjin; de technyske foarsjenningen dy't - benammen yn Jorwert - hieltyd spektakulêrder wurde, binne kostber. Dochs leau ik net dat Nieborg syn opmerking oer de erkenning as ‘amateurs yn in profesjonele setting’ as in hint yn de rjochting fan jildsjitters sjoen wurde moat. Earder wol er der op wize dat de easken dy't syn ‘middenklasse’ stelt útdaagjend binne foar elkenien dy't oan de produksje meiwurket. De tiid dat de rezjy yn Diever der fan útgie dat elkenien toanielspylje kin, is foarby.
Nieborg liket my net in regisseur dy't der nei stribbet, dat it publyk him alle jierren wer de eagen út de holle sjen sil oer de nije, ferrassende effekten dy't no wer berikt binne. Hy soarget mei Pericles wier net, sa't de Volkskrant skriuwt, foar in ‘ware cultuuromslag’. Syn foargongster Wil ter Horst hat it der wolris dúdlik op talein om it ek in kear oars as oars te dwaan, mar se hie sels wol troch dat it folgjen fan in tradysje gjin skande is. En dy tradysje is yn Diever in op faak raffinearre wize gebruk meitsjen fan it natuerlike boskdekor, dat alle mooglikheden jout foar in moaie kleurrike ljochtfal en foar in achtergrûn foar de sênes yn kostúms dy't men bysûnder keunstich makket.
Ek fan't jier trof jin de sfear dy't oproppen wurdt yn it stik, dat by de Middellânske see spilet. It is fol libbene hannelingen: in skip dat yn needwaar fergiet, Pericles dy't op de kust fan Pentapolis oanspielt, syn leafde foar de keningsdochter en de fierdere boeiende en ferrassende ûntjouwing. De akteurs binne op it romme toaniel bysûnder beweechlik en de opfiering ferrint flot.
Mei de gewoante om de regisseur ear't de opfiering begjint wat oer it stik fertelle te litten, is brutsen. Oer de ynhâld stiet allinne wat yn it programmaboekje. Jack Nieborg is fan betinken dat it fierder foar himsels sprekke moat. Ek