In oangename balâns tusken tekst en muzyk
Cor Hofstra
Rients Gratama en Peter Sijbenga, Te land, ter zee en yn Tersoal. Premiêre 5 oktober 2000, De Harmonie, Ljouwert.
Freegje yn 'e supermerk mar net om in mingel sûpe, de kâns is grut dat de logistyk meiwurker jo ferstuivere oangappet en dan seit dat de sliter om 'e hoeke sit. It geve Frysk rekket elts jier mear yn 'e ferdrukking en sels ûntkomt men der ek net oan. It is better om yn Elburg te wenjen as yn Akkrum; om utens ferleare jo de âlde wurden net sa gau, jo witte ommers net dat der lienwurden foar yn it plak kaam binne.
Rients Gratama wennet tsjintwurdich yn Akkrum, lokkigerwize noch net sa lang. Foar himsels is it fansels wol maklik, want hy wurdt in dei âlder en foar syn kabaretshows hoegde er mar ien kant út, nei it noarden. Yn myn eagen hat Rients ek altyd in Fryske kabaretier west, al moast er it om syn brea ek yn Hollân besykje. Je kinne fernimme dat er yn it Frysk folslein thús is. Ek wer yn syn nije programma Te land, ter zee en yn Tersoal. Hy breidet alle tradisjonele Fryske wurden oan inoar ta in werkenber gehiel. De âlde muoikes, de mingels en sels de sipels fleane je om 'e earen. It Frysk is geef, fertroud en blomryk, Rients hat der alheel gjin muoite mei. Yn dizze taal en dit fermidden is er thús.
Foar't it programma begjint binne de gerdinen noch iepen en dan witte je al dat je net yn de ferkearde seal sitte. Der stiet in piano, in krukje, en in grouwe mikrofoan op in stander, it wurdt ûngefear wat je der fan ferwachtsje. Tsjin it eftergerdyn hinget in Tangram: sân wiskundige figueren dêr't men allerhande útbyldingen mei meitsje kin. Foar it skoft is der in fûgel fan makke. It giet ommers oer Fryslân. De ekolooch dy't sa'n moai libben hat yn 'e natuer mar dy't der sa swier oan tilt en hieltyd seurt oer de gefaren dy't ús bedriigje sparret er lykwols net. Likemin as de boatsjeminsken - hoe kin it ek oars fan immen út Akkrum dêr't de brêge altiten iepen stiet.
Rients is net botte skerp, nearne bitend. Dat relativearret er sels troch te bewearen dat it. Fryske kabaret net bestiet. At er al in foarstelling jout dan is de organisaasje fan 'e lotterij wichtiger as Rients syn ferhaal. De besikers sitte ek net te wachtsjend op allerhande eksperiminten. Dy wolle wat lyntsjes fan eartiids, nei hjoed en dy lyntsjes knoopt er wer feardich oan inoar.
Nije dingen wurde mei de noadige ôfstân besjoen troch de man dy't se maklik yn breder ferbân pleatse kin, om't er sa goed waarnimme kin. Je kinne ek wol begripe hoe't ien dy't syn sneintemiddeis op it tsjerkestekje yn Penjum trochbrocht oansjocht tsjin in ‘Hangplaats voor de jeugd’. Mar at er dat ûnder wurden bringt is Rients fansels in stamboek-kabaretier. It stikje dêr't er skynber ûnferienichbere saken byinoar bringe wol, ekologyske sipels mei kerozine besproeie wol of de seehûntsjes ynsette wol foar de gaswinning, is echt kabaret. En sa sitte der tal fan fraaie lyntsjes yn en al binne der ek grapkes dy't er om mij wol út meie - dat tulpen mei Viagra moai rjocht bliuwe witte we no wol -, it measte wie klearebare kabaret. De man syn hiele útstrieling is kabaret.
De balâns tusken tekst en muzyk (fan Peter Sijbenga) is oangenaam. De lietsjes binne