In memoriam Jopie Huisman (1922-2000)
Rudy Hodel
It wie oktober 1982, doe't ik foar de Ljouwerter Krante nei in tentoanstelling fan Jopie Huisman yn De Kapel yn Boalsert moast. Om't de tentoanstelling frij koart duorre en ik meastentiids yn 't wykein op paad wie, like it my gaadlik om nei de iepening ta te gean. It waard in iepening, dy't ik nea ferjitte sil.
It wie fol, smoarfol yn 'e smelle romten fan De Kapel. It wie in toer om it wurk te sjen sûnder hollen, rêgen en earmtakken fan oaren. Al syn masterwurken, fan it selsportret mei in sjekje oant en mei it lysternêst, hongen der deun op elkoar.
It aparte wie dat it wurk fan Jopie Huisman dy drokte en dy kliber minsken wol ferneare koe. It hong der as in bûnte samling ikoanen: stil, ferheven en dochs tige nei. Ek bysûnder wie de rol fan de keunstner. It like wol oft al dy minsken famylje fan him wiene. Jopie Huisman, mei in sjekje tusken de fingers, like tiid te hawwen foar elkenien. En om't ik dêr mei pinne en papier omrûn, wie ik ek rillegau ien fan de lokkigen.
Ik woe him wat freegje, mar foar't ik der erch yn hie begûn Jopie oer my. Fansels hied er myn stikjes lêzen en dy wienen neffens him bêst. Ja, hy hie wol betrouwen yn my. Ik koe wol aardich sjen, ensafuorthinne. Ik krige gewoanwei de kâns net om wat te freegjen. Ik waard ynpakt, wêr't ik sels by wie.
Al dat publyk wie net allinnich foar it wurk of de persoan fan Jopie Huisman kommen mar ek foar it iepeningswurd fan Freek de Jonge, de wrâldferneamde kabaretier. Om't ûndúdlik wie of net hielendal wis oft de hege gast wol komme soe, hong der de atmosfear fan in poppekastfoarstelling. Soe it wûnder barre of net? En it wûnder kaam: Freek de Jonge joech in folsleine try-out fan De Tragiek of sokssawat en it publyk wie djip, djip ûnder de yndruk. Ja, Jopie wie in mirakelman, in hillige, en Freek wie syn profeet.
Sûnt dy happening yn Boalsert haw ik respekt foar Jopie Huisman hân, mar ik haw syn wurk nea wer sjoen. Om ien of oare reden haw ik nea it ferlet hân om it nochris te sjen, ek net doe't yn 1992 it nije Jopie Huisman Museum yn Warkum iepene waard. Sûnt dy earste kear wie it wurk sûnder ferrassing wurden en ien foarstelling like my wol genôch. Ik hie gjin ferlet mear fan it sirkus om Jopie hinne en ik krige ek myn nocht fan al dy ferhalen. Altyd datselde ferhaal fan in skilder dy't sei dat er de dingen dy't er skildere fan de ûndergong rêde woe. Al dat geëamel oer snoeken, ielen, modder, earmoed, rêding en ferlossing. Ferhalen dy't ivich en altyd ferteld waarden mei op de eftergrûn dyselde fersliten ûnderbroek fan meuke Albertsje, datselde reade baaien himd, dyselde skuon en dyselde mûtsen. It wie allegear âld nijs.
Mar hoe komt it, no't Jopie Huisman der net mear is? Hoe moat syn wurk fierder, sûnder syn persoan, sûnder syn stim en sûnder syn show?
Foar dizze gelegenheid ha ik koart nei syn dea nei it museum yn Warkum west mei in pen en in stikje papier. Alle boeken en knipsels haw ik links lizze litten en ik haw lykas achttjin jier lyn besocht tusken de rêgen en oer de hollen hinne it wurk op 'e nij te sjen. En ik tink dat it wol goed komt mei ús Jopie. Ik ha der wol betrouwen yn dat it der yn Warkum noch lang drok bliuwt.
De measte keunsthistoarisy út it offisjele