Oebele Naneur
De macht fan de literatuer
Ik wist fan twa gefallen dêr't út bliken die dat somtiden literatuer in geweldigen macht hat. It earste wie ditte - my ferteld troch in learling Frysk-twaddegraads út Snits -: Wadman, dat doe noch in jong fintsje wie, droech syn gedichten foar yn hotel Hanenburg te Snits. Doe't er mei it fers ‘Petear mei de moanne, doe't er him spegele yn 'e Jansleat’ dwaande wie, saaide de grutte rûne lampe, dy't op in folle moanne like, fan boppen del op 'e tafel en spatte oan gruzeleminten. It twadde wie sa: Ek al wer heel wat jierren lyn kaam Pytjon Sikkema thús út Ljouwert. Hy rûn oer de Turfkaai en seach dat Nico Douma it boppehûs fan Age van der Werf yn 'e ferve sette. Pytjon balte lûd: ‘Van der Werf komt in de verf!’ Fuortdernei is Douma fan de steger dondere. Pytjon wie tige fergulde: Ik ha Nico Douma fan 'e steger dichte!
Dêr is no in tred gefal by kommen. Neffens Josse de Haan hat Jelle Krol Ypk fan der Fear it grêf yn skreaun. Dat seit Josse en wy moatte dat leauwe, want wa't twivelt oan it Wurd fan Josse sil de Literêre Sillichheid net beërvje, mar wurdt delstaat yn 'e Djipste Tsjusternis dêr't geskriem is en knarsing fan tosken. Wat ik no net begryp: Josse is lilk op Jelle. Hin-watte? Dy man fertsjinnet in priis! Fan al myn boeken is noch noait iens ien ferkalden wurden, en dan ien deaskriuwe! Razend knap!
Tr. Riemersma