Underweis nei Thabor
Sybren Sybrandy
Willem Tjerkstra, Ridder fan Snits. I Rom. Kristlik Fryske Folksbibleteek, Aldehaske 1999. 215 siden. f 24,90.
De ûndertitel fan dit earste diel fan wat in trilogy wurde moat is: Histoaryske roman oer Rienck Bockema. Dizze Rienck is in histoaryske figuer, dy't libbe fan 1350 oant 1436, sa wurde wy yn de Encyclopedie van Friesland gewaar. Fan syn útsûnderlik lange libben brocht er de lêste seisentweintich jier troch yn it troch him sels stifte kleaster Thabor. Foar dy tiid belibbe er lykwols hiel wat!
Rienck syn libben fan syn fjirtjinde oant syn twaentweintichste jier wurde yn dit earste diel beskreaun, yn fjouwer parten, rinnend fan 1364 oant en mei 1372. Hy ûntflechtet it benearjende âldershûs en de kleasterskoalle en slút him op syn fyftjinde oan by in rôversbinde yn Fryslân, makket him der ek wer los fan, trout letter en giet al gau nei syn houlik op in krústocht dy't him nei Londen en letter nei Rhodos bringt. Op 't lêst wurdt er, werom op Windsor Castle, troch de Ingelske kening ta ridder slein, as beleanning foar syn moed yn de striid. Sa binne wy dan by de titel fan dit easte diel: Rom.
Genôch stof foar aventoerlike ferhalen, en dy wit de skriuwer mei faasje en meinimmend te fertellen. De ferskillende lokaasjes wit er oertsjûgjend op te roppen, hjir en dêr mei fernimstige details. Sa is my út haadstik 7 (‘De proef’) de Wilhelm Tell-eftige proef bybleaun dy't hy ôflizze moat om ta de binde talitten te wurden: hy moat in deade ein fan de rech fan syn skoandere hynder sjitte.
Oan alles is te fernimmen dat de skriuwer him goed dokumintearre hat en dat moat in bloedigen wurk west ha. Twa dingen binne him opfallen by syn stúdzje fan de midsieuwen, sa seit er yn it kffb-blêd De Fleanende Krie fan febrewaarje 2000: ‘Oan de iene kant foel de felheid fan it libben fan de midsieuwers my op en oan de oare kant harren eangst foar de dea’. ‘Felheid des levens’ is ek de titel fan it earste haadstik fan Johan Huizinga syn Herfsttij der middeleeuwen. As it om de eangst foar de dea giet, soe ik leaver sizze dat dea en libben sa ticht by elkoar leinen, mei oarloch rûnom, sykten, en iepenbiere piniging en terjochtstellingen. Mar it lit in karakteristyk fan de midsieuwen hjir fierder no mar efkes gewurde.
Dit boek is gjin jongesboek, mar in roman. De haadpersoan is fyftjin, as er him by de binde oanslút, echt in bernesoldaat, lykas se op 't heden yn Afrika te finen binne. Lykas eltse teener is er fiksearre op seks. Al fuort oan it begjin, as er lulk fan skoalle en hûs fuortrûn is, oerweldiget er in famke. Letter by de binde giet it fansels ek frijwat rûch. It giet der om, him der yn te stekken. ‘Krekt as mei in dolk, yn ien kear yn de bealch en dan trochdrukke oan it hiele limmet deryn sit.’ (s. 81) Rienck docht goed mei: ‘Alle kearen wer wie it in striid om te krijen wat er ha woe, de wielderige bút, it folslein útlibjen fan syn driften,....’ (s. 84) Mar dochs is Rienck net sa'n minnen ien, fynt er: ‘Marije, seinige ûnder de jonge frouwen, sy ha ûnder my lein, en ik ha tastutsen,’ gnyske er yn himsels, ‘ik jou it earlik ta, mar ik ha gjinien deastutsen.’ (s. 91)
Mei Marije krijt er in spesjale bân; by har