om't ‘boekefabriken’ no ienkear dwaande binne mei ‘reeksen’. Mei de publikaasje fan Krol syn stik hie Trotwaer neffens him (wer ris) sjen litten dat it in ‘literatuerfijannich tydskrift’ wie. In bewiis dêrfoar seach er ek yn it beneamen fan Jelle Krol ta redakteur fan dit blêd.
Yn in reaksje (‘Steven kin soks sa wol even’) besaude redakteur Geart van der Mear him der oer, dat De Jong in miening hie oer de saak sûnder dat er de boeken lêzen hie. Van der Mear hie de beide boeken wol lêzen hie en joech Jelle Krol gelyk.
Nei't er de boeken lêzen hie, kaam Steven de Jong ein 1983 yn Trotwaer mei in reaksje: ‘Ypk fan der Fear en de luzen of It fertriet fan Fryslân’. Opfallend is de wize dêr't hy Jelle Krol op oanpakt. Hie er him earder omskreaun as ‘dit baaske dat amper út de ruften is en literêr noch yn 'e ruften leit’, no waard it ‘in streberich baaske, sûnder literêre erudysje, dat namme meitsje wol op kosten fan in oar’ en ek noch ‘hûnsbretaal’. In oar opfallend punt is dat De Jong de parallellen tusken The Unicorn en De del is jong ‘net ûntkenne’ wol; hy neamt de oerienkomsten sels ‘opfallend’. Lykwols fynt er de ferskillen noch grutter, benammen de ‘motivaasjes fan beide plots binne folslein oars’. De Jong achtet it mooglik dat Fan der Fear ‘ûnbewust “plagiaat”’ fan bysaken bedreaun hat.
Dat Krol De dei is jong in min boek fûn, die neffens him net ta de saak. Hy koe him dat oars wol begripe. It wie ommers yn it Frysk skreaun en net - lykas The Unicorn - yn it Ingelsk: ‘It Ingelsk is ommers de hillige taal fan disse tiid. Dêr kin noait wat ferkeards yn skreaun wêze.’ Doe't hy it stik fan Krol lies, fielde er fuort oan: ‘dit is net literêr, dit is polityk-kommersjeel, dit spul hat luzen’. Hy frege him ôf wa't it folgjende slachtoffer wêze soe: ‘It mechanisme dat ús hjir yn 'e kloeren hat, is tipysk fan disse tiid en hat te meitsjen mei kommersje, reklame en machtspolityk. Skriuwers mei literêre arguminten ferdwine nei de marzje, meie yn in hoekje noch wat “kultsje” boartsje en ferdwinen mei koarten hielendal yn it neat, krekt omt se wurk fan literêre wearde skriuwe.’
Net lang nei it ferskinen fan dit artikel ferstoar Ypk fan der Fear, yn 'e âldens fan 75 jier.
Doe bleau it in grut tal jierren stil, oant Hanneke Hoekstra yn 1998 promovearre op The Orthodoxy of the Heart. Faith, Fryslân and Feminism in the Novels of Ypk fan der Fear (Steven de Jong hie gelyk krigen, boeken, sels oer Fryske ûnderwerpen, wurde tsjintwurdich yn it Ingelsk skreaun). Dêryn joech se in byld fan de ûntwikkeling fan Fan der Fear as Frysk skriuwster, dy't yn ‘stolen hours [...] committed’ wie ‘to the struggle of women to gain a voice within the community’.
Sy behannele ek De dei is jong en konkludearre dat dy roman sterk beynfloede wie troch Murdoch, mar dat men dy ‘influence’ sjen moat yn it ljocht fan in útspraak fan Virginia Woolf: ‘books continue each other’. It boek soe in foarbyld wêze fan ‘intertextuality’. Hoekstra moast tajaan dat de ‘similarities’ tusken de beide boeken ‘striking’ wienen. Dêrmei joech sy - al sei sy dat net - Jelle Krol dus gelyk.
Ek Hanneke Hoekstra mient dat de ynfloed fan Murdoch op dit boek gjin goede útwurking hân hat. De dei is jong lit neffens har sjen dat Fan der Fear har wurk ‘its limit’ berikt hie. Yn har ‘Conclusion and Final Remarks’ is sy noch dúdliker: ‘Murdoch's philosophical preoccupation with the notion of female suffering as a way to redemption must have spoken to Ypk fan der Fear's lifetime religious conflict [...]. However, in this instance, we also can see how Murdoch's literary vision is too complex to allow Ypk fan der Fear her own voice.’