Tegels
Meinou P.
Op in jûn giet de bel. De Met, dy't dan noch net wit dat se tsien jier letter sa neamd wurde sil yn Piksjitten op Snyp, nimt oan dat de dichteresse út it âlde lân op 'e stoepe stiet. Se kin dan fansels ek noch net witte dat dy tsien jier letter sa neamd wurde sil yn datselde boek, mar se tsjut har no mar sa oan.
En it is de dichteresse, mar se is net allinnich. In lang figuer mei in jas oer de holle stiet nest har.
‘Kadootsje út Peins,’ ropt se en pakt him út. Der komt in apige âldere jonge mei freonlike eachjes foar't ljocht.
De Met sjocht harsels ynienen as lyts famke rinnen by de A-peallen lâns mei in fjouwerkant, heechoppich blik yn 'e hân en krijt de rook fan petroalje yn 'e noas. Yn in flits sjocht se ek wer hoe't in noartske man de kap, dy't fan har klomp is, fêstmakket mei kramtried en har in fol blik fan dat sterk rûkende spul jout. Dat is De Ysk, heit fan de man dy't no foar har stiet.
‘Hee, Jehannes’, seit de Met. Se wit dan wol, dat hy allang Josse neamd wurdt, dat literatuer syn libben is en syn libben literatuer en dat skriuwen foar him in net alheel ûnbekend fak is. Se hat allinnich noch nea in boek fan him útlêzen.
Tsien jier letter seit de dichteresse út it âlde lân dat de Met it nijste boek fan Josse de Haan wol lêze moat. Se is fol bewûndering. ‘Jim famylje komt der ek yn foar,’ seit se. No, dat skrikt de Met earder ôf. Sy hoecht har famylje net troch Josse syn eagen te sjen. Mar in oarenien fertelt har dat se bûten De Ank om amper meidogge. ‘En moatst de stikken oer De Grutsk oerslaan,’ sei dy, ‘dêr is neat oan.’ De Met hellet it boek yn 'e hûs.
Undertusken lêst se dat Josse sein hat dat lju dy't aardich op 'e hichte binne mei Nederlânsktalige en bûtenlânske literatuer, lyk as hysels, folle breder en ynkringender reagearje as de lju dy't dêr hast neat fan ôfwitte. De Met wrakselet har fluch hinne troch De revue fan Kees 't Hart, Publieke werken fan Thomas Rosenboom en Elementaire deeltjes fan Michel Houellebecq. Se genietet.
Dan begjint se. Se lêst alles. Se wol neat misse. Se komt by it ferhaal oer De Harch, dejinge dy't foar har heit stiet. Se lêst it te fluch en sliept der in nacht net fan. Se wit wol dat it net wier wêze kin wat De Lytsk oer him fertelt, mar dochs kin se it net kwytreitsje. Dan nimt se dy passaazje nochris troch en komt derachter dat it him allegearre yn in dream fan De Lytsk ôfspilet. Dat skeelt. Se lêst oer De Jodsk, dy't noch yn har poezyalbum stiet en oer De Kor, har freondintsje, dat letter nei Veendam ferhuzet. Se praat mei har bruorren en suster oer wa't wa is. Se tinkt oan dingen dêr't se yn jierren net oan tocht hat. Se folget De Grutsk en wol ha dat hy ek mei syn komôf oantangele sit. Reagearret er sa agressyf om't er tinkt dat der noch altyd in walm fan petroalje om him hinne hinget?
As De Met it hiele tsjûke boek út hat, beseft se dat se noch lang net erudyt genôch is: se fynt in grut part oerstallich. Dat is spitich fansels. Om Josse nei te kommen sil se har mear bekwame moatte yn de literatuer dy't fan bûten Fryslân komt. Mar fierder is it foar har in moai kado út Peins.