Pier Boorsma
j.h. leopold reedridend
foar eke
fan keunst en klassike talen
wat kaam him fan de minske oan
hij dy't ôfkeard stie fan freon en sibben
it fabulearjen wie syn libben
en ienris samar op in winterdei
in famkeshân yn sines lei
hij sette it foars yn streken
en sa rûntsjeridend op de baan
fan wat it libben wêze kinnen hie
de weemoed om fergiene stûnen
seach hij syn ienlik libbenspaad
it yntroverte fan syn aard
mar doe sloech hij op 'e nij syn skonken út
hij skekte en skode ferwoeden
en yn syn moed krong hoeden
dy't hij sa lang fergetten wie
Noat
De Nederlânske dichter en learaar klassike talen J.H. Leopold (1865-1925) ried yn 'e winter fan 1903/4 in baantsje mei syn learlinge en lettere skriuwster Annie Salomons (1885-1980). Dit dielt Salomons mei yn h ar Herinneringen uit den ouden tijd. Over schrijvers die ik persoonlijk heb gekend (Den Haag 1957). Nei oanlieding fan dy meidieling is boppesteand gedicht skreaun.