Trioel
Klap op klap
Finaal mei skriuwers weirinne rekket der wat ôf, mar dêrom ha ik Trinus Riemersma noch wol heech. It woe my dan ek net oan dat hy net witten hawwe soe wat Jo Smit destiids bedoelde mei de ‘Oebele Naneur’ (sjoch it foarige nûmer, side 396). It stiet my by dat Goaitsen van der Vliet en ik op 'e redaksjegearkomste noch wakker om dy namme gniisd ha - mar wy wiene altyd al foarlike jonges fansels. Sa achterút is Trinus ek net, dat ik seach him derfoar oan dat er dit in moaie manier fún om sa'n nije rubryk te iepenjen.
No tink ik dat er it miend hat. Hjoed lês ik yn 'e krante dat syn roman Nei de klap yn it Nederlâns oerset wurde sil. Dus hy is net altyd like helder en der bytiden even foarwei.
Oant ferline jier koe ik noch sizze dat ik alles wat fan Trinus yn druk ferskynd is, lêzen ha. Bretagne libre! wie even trochsetten, mar sa'n boekewikegeskink hat men ek wer gau behimmele. Mei Nei de klap moast ik belies jaan. Ik ha it boek net bewust oan kant lein, ik bin der op in stuit gewoan yn ophâlden. Dat kaam al hurd oan, mar de echte klap wie dat kranteberjocht. Bin je skriuwer fan De Reade Bwarre, gean je mei sa'n flets ferhaal de grinzen oer. En Onan verspilde zijn zaad op de aarde.
Eppie Dam