[Nummer 9]
Dwersreed
Doeke Sijens
Alles is idelens
Grutsk sit ik yn ien fan de moaie tsjerkebanken as sjuerylid fan de Rely Jorritsmapriis. Ik wit wol dat ik ferline jier werklik net de earste wie dy't se bellen om mei te dwaan. Ik hie earst ek noch ‘nee’ sein om't ik tsjin it lêzen fan al dy fersen en ferhalen opseach. Dochs hie ik wol fereare west en by it twadde biddeltelefoantsje sei ik ta.
Fan myn hege bank ôf sjoch ik del op de fjouwer priiswinners. Sân jier lyn siet ik sels op dat plak. Doe wie ik noch grutsker.
Nofteren besjoen, stelt it fansels allegear net folle foar. As winner giet men aansens nei hús mei krekt genôch jild om (yn it gefal fan in fers) in itentsje of (by proaza) in feestje fan te beteljen. Men kin der noch gjin wike fan op fakânsje.
Status jout it fansels wol, sa'n priis. Teminsten yn Fryslân. Foarby Wolvegea is dat oer. ‘Waarom schrijf je toch in het Fries?’ freget bygelyks myn sweager hyltyd wer. ‘Wie leest dat nou?’ Altyd besykje ik dan geduldich it belang en de problemen fan it Frysk út te lizzen, oant it liket as wie myn skriuwen bedoeld om Fryslân te behâlden.
De boargemaster sprekt. Sy brûkt geef Frysk. Dat wie by de eardere earste boarger fan Littenseradiel wol oars. Dan komt der muzyk. De fioelemuzyk makket my wat mankelyk. Alle priiswinners binne âlder as ik: dy nije generaasje, komt dy noch wol?
Tusken de lju yn 'e tsjerke sjoch ik Teake O. sitten. Hy docht alle dagen syn bêst de Fryske literatuer ferneamder en romrofter te meitsjen. Syn flmd tsjinnet as boechbyld foar de Fryske literatuer. Sûnt april is dêr lykwols de glâns ek al frijwat ôf. Men wol dat it Letterkundich Museum fusearret mei de Provinsjale Biblioteek, it Ryksargyf en it argyf fan de gemeente Ljouwert. Dêr binne saaklik fêst de bêste redenen foar te betinken, mar spitich is it wol. Yn it slimste gefal wurdt it flmd in baalje yn in grut gebou en kin men tusken genealogen en oare sneupers in plakje krije om jins eagen te brekken op in mikrofilm mei manuskripten. En hoe komt it dan mei Teake syn krewearjen? Hoe moat hy dan de Fryske literatuer ‘op de kaart’ sette?
Myn eagen geane werom nei de fioelist. In kreaze man, dy't fêst gjin lest fan kulturele benaudens hat. En wat wol ik oars. Yn it Fryske literêre wrâldsje bart sa'n bytsje dat de Leeuwarder Courant op de Fryske side fan de freedsbylage mar in rubryk oer grêfstiennen begûn is.
De sinne skynt troch de tsjerkeruten. Oan 'e balken hingje makramee-kleden. Keunst dy't elkenien wurdearret. Och, der binne ek noch wol saken om tefreden oer te wêzen. De tsjerke sit fol mei minsken dy't grutsk binne op 'e priiswinners. De bosken blommen lizze al klear. En komt takom jier de megaroman fan Josse de Haan net yn it Hollânsk út? Nei de nostalgy fan Obe Postma giet dan einlings de Fryske avantgarde oer de toanbank. Dan kinne de Hollanners lêze dat soks ek bestiet yn Fryslân. Myn sweager krijt it foar syn jierdei, dat is wis. In tsjinslach wie wol dat de lju fan dy Provinsjale Advyskommisje net daliks jild jaan woenen foar de oersetting. It skynt dat se it boek earst lêze woenen foar't se 56 tûzen gûne oermakken. Mear noch fernuvere my it feit, dat der jild