Wilco Berga (1947) is wurksum as byldzjend keunstner en skriuwer, yn it Frysk en it Nederlânsk. Fan him ferskynden dichtbondels, romans en toanielstikken (û.o. útfierd troch Tryater). Hy sette lieten fan Brel oer en skreau sels lietteksten dy't troch ferskate artysten op cd set binne. De hjir ôfprinte fersen wurde opnommen yn Eilânliet / Eilandlied, de nije Frysktalige bondel mei Nederlânske oersetting en mei reproduksjes fan skilderijen dy't ein oktober ferskynt. |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. |
Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken. |
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket by de Fryske Akademy. Hat Nietsche syn Also sprach Zarathustra yn it Frysk oerset. Fan him ferskynden Dat zijn nou typisch Friezen en begjin dit jier de debútbondel De floeibere bân. Is ferbûn oan M3. Frysk Literêr Blêd foar it Tredde Milennium. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert en is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. |
Alida Bok-van der Meulen (1944). Geitehâldster en learares Frânsk oan de rsg Magister Alvinus te Snits. |
Henk van der Meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de afuk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Resint ferskynden fan him Skepsels fan God (roman), ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger en It wurk fan 'e duvel (roman). |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, hondskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. |
Elly Veltman (1966) wurket as dosinte Nederlânsk yn Dokkum. Wennet yn Ljouwert mei Michiel en Dikke Bertha (de wo i kat), skriuwt in soad, mar publisearet neat. Hat resinsearre foar Omrop Fryslân, mar moat no earst de stúdzje ôfmeitsje. |
Geart de Vries (1956) is programmamakker by Omrop Fryslân Televyzje, lanlike tv-útstjoerings en sûnt de oprjochting aktyf yn de Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden. Fan him ferskynde foarich jier Trochpaden. Oantinkens fan D.A. Tamminga oan syn libben en wurk. |