| |
| |
| |
Eppie Dam: taalkeunstner yn Frysk berneboekelân
Henk van der Veer
‘Je bent productief! Zo moet het ook want als je even ophoudt bestaat er een kans dat je nooit meer verder zult gaan. Twintig is een gevaarlijke leeftijd; het is een grens waarop je besluit je poëzie als jeugdsentiment te gaan beschouwen ôf besluit er een serieuze zaak van te maken. Ik geloof dat je met schrijven zeker iets kunt bereiken. We krijgen wekelijks heel veel kinderverhalen toegezonden en ze zijn allemaal net niet leuk genoeg. Jouw werk sprong er meteen uit. Ik heb nog nooit direct een kinderverhaal van een wildvreemde gekocht zoals bij jouw sprookje. Het is een groot voordeel dat je twintig bent want nu heb je de kans om nog beter te gaan schrijven.’
Margrietredaktrise Thera Brugman-Coppens is yn har brief fan 21 juny 1973 oan 'e jonge skriuwer Eppie Dam mar wakker entûsjast oer de ferhalen foar bern dy't hij opstjoerd hat. In fearnsieu en gâns publikaasjes letter jou ik hjir in oersjoch fan syn wurk dat er foar bern skreaun hat. Ik doch dat yn gronologise folchoarder en besteegje ek oandacht oan 'e resepsje.
| |
Margriet en okki
It moat foar de jonge Eppie Dam (Kollumerpomp 1953) in geweldige stimulâns west hawwe dat in lanlik blêd as Margriet wurk fan him opnimme wol. En wat miskien noch wol folle wichtiger is, hij wurdt as skriuwer al serieus nommen.
Dat Eppie Dam yn it Hollâns skriuwt hat alles te krijen mei praktise omstannichheden, syn jongestaal is nammentlik it Pompsters. De ûnderwizer yn spee is net grutsk op syn sprake, hij skammet him der earder foar. De Amsterdamse Thera Brugman-Coppens bejubelt lykwols net allinne syn berteplak, se jout ek heech op fan meartaligens: ‘Als je naar Amsterdam zou komen werd je zeker als iets moois en bijzonders beschouwd. Wat een schilderachtig verhaal: opgroeien in een dorp van 300 inwoners waar pompers wordt gesproken! [...] Zeg nou niet dat je taalloos ben; je bent eerder overtaald, rijk met twee talen. Een rijk bezit om een dialect te kunnen spreken...’
Omdat Margriet yn 'e hjerst fan 1973 mei in ferfolchsearje oer Pipo de Clown begjint, is der net safolle plak mear foar it wurk fan 'e begjinnende skriuwer. Hij stjoert syn wurk dêrom op nei Malmberg Educatieve Jeugdbladen, dêr't syn ferhalen ‘met grote belangstelling’ lêzen en opnommen wurde yn it jeugdblêd okki. Henk Hartendorp, redakteur fan it populêre jeugdtydskrift, is entûsjast oer de ferhalen mar hij jout ‘opbouwende kritiek’: ‘Margriet heeft de verhalen gekocht die ook wij de beste vinden. Bij uw andere verhalen valt mij op dat u wel eens te wijdlopig vertelt en in onnodige herhalingen - soms tot driemaal toe - vervalt,
| |
| |
terwijl u in andere gevallen te veel uitleg geeft.’
| |
Enno en Opa
Ein jierren santich krijt Eppie Dam fan Uitgeverij Jacob Dijkstra te Grins de opdracht om in searje fan seis lêsboeken foar de groepen trije oant en mei acht te skriuwen. Yn in ynterview mei Linda Hulstijn foar De Polderkrant seit de auteur oer dit projekt: ‘Ik moet toegeven dat het een hele klus is geweest en dat ik wel enige trots voel als ik zo naar die zes boeken kijk. Het is is een doorlopend verhaal, maar de delen kunnen afzonderlijk gelezen worden. De boeken zijn aangepast aan het leesniveau van de kinderen. Daarom is deel één in een groter lettertype geschreven dan bijvoorbeeld deel zes. In het eerste boekje zijn de zinnen ook veel korter en de woorden eenvoudiger.’
It binne hieltyd deselde figueren, in jonge, in famke en in pake, dy't in rol yn 'e boeken spylje. De titels fan 'e ‘Enno en Opa-leesserie’ binne: De rode stier, Een arm spook, Een vreemde vriend, Enno wordt een held, Vakantie en Enno in Egypte. Yn 1980 komme de boeken op 'e merk, der wurde tûzenen eksimplaren fan 'e boeken ferkocht.
| |
Spinaazje mei spikers
De emansipaasje fan 'e Fryske berneliteratuer komt yn 'e tachtiger jierren earst goed op gong. Sa krijt it Skriuwersboun in Berneboekpraatkommisje, en jout it tydskrift foar ûnderwiis en foarmingswurk De Pompeblêden rom omtinken oan jeugd- en berneliteratuer. De Simke Kloostermanpriis foar berneliteratuer wurdt yn 1983 foar it earst útrikt. Reinder Rienk van der Leest krijt de priis foar syn jongereinboek Cap Súd. Der is ek ynternasjonale erkenning foar Fryske berneboeken. It abeefan Boukje, boartlike en oarspronklike rymkes fan Diet Huber, en Swart
Eppie Dam anno 1975. (foto argyf flmd/Henk Kuiper)
op wyt fan Akky van der Veer wurde yn Italië bekroand mei de Premio Europeo di Litteratura Giovanile.
De Provinsje Fryslân bliuwt net achter. Deputearre Steaten jouwe Eppie Dam in opdracht om Fryske berneferhalen te skriuwen. Dat wurdt Spinaazje mei spikers en oareferhalen, dêr't er yn 1986 syn debút as berneboekeskriuwer mei makket. (As skriuwer foar folwoeksenen is er dan al drok dwaande yn it Frysk literêre fermidden. Hij debutearre yn boekfoarm yn 1978 mei de ferhalebondel Strie oerdwers,
| |
| |
datselde jier noch folge troch syn earste dichtbondel Mei de jierren.)
Yn Spinaazje mei spikers steane tritich ferhaaltsjes fan foaren nei achteren oardere neffens lingte en leeftyd. De doelgroep wurdt eksplisyt oanjûn: foar bern fan 5-11 jier. (Ik bin der oars net sa wei fan, dat der leeftydsgrinzen yn jeugdliteratuer oanjûn wurde. Ommers goede berneboeken moatte foar bern én foar folwoeksenen goed genôch wêze. Ted van Lieshout, bekend Hollânstalich auteur fan jeugdliteratuer sei it ris sa: ‘Vergeet niet dat kinderen en volwassenen met elkaar gemeen hebben dat ze kind zijn of zijn geweest; niet dat ze volwassen zijn of zijn geweest.’)
De doelgroep wurdt troch Petra de Jong foaryn it boek letterlik yllustrearre mei in tekening fan de bern fan 'e skriuwer, oan wa't hij it boek ek opdroegen hat.
En dat hat net samar west, ‘want’, sa lêze wij op 'e achterflap, ‘in part fan de ferhalen fûn syn ûntstean yn de húshâlding fan de skriuwer sels. De ferhalen binne dan ek net sasear opdjippe út syn fantasije, mar earder optekene út it libben fan alledei.’
It titelferhaal ûntstie sa: Doe't ien fan de bern ris mei lange tosken yn it griene guod om siet te haffeljen, waard útlein dat spinaazje goed foar him wie: ‘der sit izer yn en dêr wurdsto sterk fan’. Eefkes letter wist it jonkje te fertellen, ‘dat der spikers yn 'e spinaazje sieten’.
Dat referinsjekader, oft it no syn eigen bern binne of de learlingen dy't er les jout, is foar de skriuwer hiel wichtich sa seit er yn 'e Boekekrante fan 1987:. ‘As ik in ferhaal klear ha, lês ik it oan de bern foar. Fine se it “stom” dan lit ik it meastal in skoft lizze om it letter nochris te besjen. Soms krije de bern gelyk en ferdwynt it yn 'e prullebak. Mar ek wolris jou ik mysels gelyk en lit ik sa'n ferhaal sa't it is.’
De resinsjes fan Spinaazje mei spikers binne hiel posityf. Wieke Goeman-van Randen skriuwt yn 'e Leeuwarder Courant: ‘De ferhaaltsjes litte har maklik lêze. De koarte sinnen binne goed fan opbou en ritme. Faak hat de oergong fan de iene sin nei de oare wat ferrassends, wêrtroch sels gewoane dingen grappich wurde.’ Jant van der Weg-Laverman skriuwt yn it Friesch Dagblad: ‘De brûkte tema's en motiven binne sadanich, dat der boeiende ferhalen ûntstien binne.
[...]Kwa sfear en toansetting dogge de ferhalen yn Spinaazje mei spikers jin tinken oan dy fan de Hollânske, yn Fryslân wenjende Dolf Verroen. En wa't dy syn ferhalen ken, sil begripe, dat ik dy fergeliking as komplimint bedoel.’ Van der Weg konstatearret ek ‘dat de ferhalen net altyd mei in kant-en-kleare oplossing komme en dat se de lêzers meitinke litte’.
De resinsinte fan it fd hat der oars wol muoite mei dat fan Eppie Dam bewust oanslute wol bij it deistige taalgebrûk fan Fryske bern. K. Dantuma, hat yn Frysk en Frij lykwols ‘alhiel gjin argewaasje’ fan it moderne taalgebrûk fan de skriuwer, ‘om't it hiel natuerlik oerkomt’.
| |
Taalnoarm
De diskusje oer de taalnoarm yn Fryske berneboeken brânt yn 1987 foargoed los as Eppie Dam yn Frysk en Frij fan 19 septimber de kwestje yn in ynstjoerd stik oan 'e oarder stelt. De Afûk hat dan in ferhaal fan him foar de bondel Skroei wegere, omdat it net foldocht oan 'e taalnoarm dy't sy hantearje. Wurden as achter, sacht, noait, ergens, does, keuken, flinder, dankewol, menear, tante en gebeure binne de Afûk-souwe net treast.
Eppie Dam lûkt syn bijdrage werom, mar de diskusje oer de taalnoarm yn Fryske berneboeken giet fierder, net yn it lêste plak troch de krityske opmerkings Van der Weg oer it taalgebrûk yn Spinaazje mei spikers. Dam skriuwt
| |
| |
foar De Pompeblêden noch in wiidweidich artikel oer de taalnoarm yn Fryske berneboeken. Hij fettet syn ideeën oer dizze kwestje sa gear: ‘In algemiene taalnoarm foar Fryske berneboeken is net yn it belang fan 'e Fryske berneliteratuer. Elke skriuwer moat syn eigen noarm bepale. Fansels, der binne grinzen, mar dêrbinnen moat der romte wêze foar persoanlik taalgebrûk.’ Hij beslút mei: ‘Ik bin fan betinken dat in skriuwer him net hoecht oan te passen oan it taalgebrûk fan 'e mearderheid. Ik bin der net op út om de iene taalnoarm te ferfangen troch de oare. Ik bin út op in gruttere frijheid foar de berneboekeskriuwer, want sûnder dy frijheid kin er noait ferantwurdlik wêze foar syn wurk. En dat is no krekt wat er wol.’
De diskusje giet fansels oan de doelgroep foarbij. Dy bekroane it boek yn 1987 mei de ‘FD-Opstekker’, in priis fan it Friesch Dagblad. Spinaazje mei spikers stiet yn 1989 ek op 'e nominaasje foar de Simke Kloostermanpriis. Dy giet lykwols nei Bartele Bûse fan Berber van der Geest.
| |
Babbelegûchjes
Mei in soad nocht oan ûnnocht ferskynt dan yn 1989 in nuveraardich Frysk Printeboek ûnder de titel Babbelegûchjes. Wurdsjepoeper Eppie Dam en printsjekakker Petra de Jong hawwe bekende, typys Fryske wurden as Okse, Koallebokse, Pizer, Smjirkert opdjippe. En ek wurden as Dollejoaris, Gnoarrepot, Huttentutske, Koalleboske en Wibelkont wurde troch Eppie Dam as útgongspunt yn fjouwerrigelige ferskes brûkt om bern de betsjutting derfan dúdlik te meitsjen. De prachtige tekeningen dy't Petra de Jong bij elk fan de 49 rymkes makke hat jouwe de lêzers de kâns harren fantasije te prikeljen, te stimulearjen en - wat ek hiel wichtich is - te fieden. Dat de ûndertitel, Nuveraardich Frysk Printeboek 49 frjemdsoartige portretten goedkardfoar alle leeftiden troch de Ferieniging ta Behâldfan it Wurdboekfrysk, in spotske en lichtkritise knypeach nei de foarstanners fan it Wurdboekfrysk is, mei dúdlik wêze.
De kommentaren op Babbelegûchjes binne oer it ginneraal hiel loovjend. K. Dantuma skriuwt yn Frysk en Frij: ‘De rymkes dy't makke binne by de skelwurden binne fakentiids o sa relativearjend en humoristysk.’ En, ‘it iene ferske is ritmysk en wat de ynhâld oangiet wol ris wat sterker as it oare, mar dat hoecht jin op 49 rymkes gjin nij te dwaan’. Jant van der Weg-Laverman hat it yn har besprek foar it Friesch Dagblad oer ‘in hiel aardich boek mei ferskes dêr't allerhanne wûndere figueren de haadrol yn spylje’. Se fynt dat net bij alle ferskes de pointe sa ferrassend is en skriuwt oer de foarm it folgjende: ‘De beheining ta de strakke foarm fan fjouwer rigels mei yn in soad gefallen itselde metrum, leit de skriuwer nochal in keursliif op, dat him by guon fersen dúdlik hindere hat.’ It is opfallend dat Van der Weg it hielendal net mear oer de taalnoarm hat.
Ek it Sneeker Nieuwsblad en De Stim fan Fryslân jouwe posityf omtinken oan it boek, dat ûtroppen wurdt ta de moaiste Fryske boeke-ûtjefte fan 1989.
| |
Mei bleatefuotten op bêd
Mei bleate fuotten op bêd en oareferhalen (1990) is eins in ferfolch op Spinaazje mei spikers. Yn de tritich ferhalen hat de skriuwer in grut tal problemen oansnien: eigentiidse problematyk, persoanlike emoasje, tradisjoneel rollepatroan, diskriminaasje.
De eigentiidse problematyk komt û.o. oan 'e oarder yn ‘In goeie film’. Beppe giet mei de twaling Ruerd en Rients nei de film, mar yn it ferhaal wurdt der ek oer de aow praten. It foaroardiel dat beppes altyd ‘âld’ wêze moatte wurdt bekritisearre.
| |
| |
Persoanlike emoasjes komme bij Eppie Dam net oan 'e krapperein. It tema dea en deagean komt mear as ienris foar. ‘Mei heit yn 'e auto’ en ‘In hiele lange glierbaan’ binne twa prachtige ferhalen dêr't yn praat wurdt oer de dingen nei it ierdse libben. De ein fan dat lêste ferhaal is hiel relativearjend. As Melle en mem oer it deagean praten ha, wurdt it petear sa ôfsletten: ‘Sille wy dan no mar sliepe? Seit mem. Ja, seit Melle, mar ik hoopje al dat ik moarn wer wekker wurd. Wy moatte noch tsjin Harkemase Boys.’
It tradisjonele rollepatroan wurdt yn ‘Allegear snie’ hiel aardich oanpakt. Wannear't Brant en Richtsje allinne thús binne, liket it der earst op dat Brant de lekkens útdiele sil, mar Richtsje is al aardich emansipearre, foar safier't dat bij har noadich wie. It famke lit har dan ek net stjoere. En as Brechtsje yn it ferhaal ‘Dokter Brechtsje’ nei de dokter ta moat, is de medikus gjin man mar in frou. ‘Sjit’ is in prachtich ferhaal oer de ‘gesachsferhâldingen’ yn in húshâlding. It ûnderwerp diskriminaasje komme wij tsjin yn ‘De nije’. In nije learling wurdt op skoalle troch guon learlingen bûtensletten, mar hij rêdt it dochs op.
Ek yn dizze bondel hantearret Eppie Dam wer syn eigen taalnoarm. Wurden dy't yn it Hollâns skreaun binne steane oars skean printe. De diskusje oer it al of net brûken fan it Frysk komt lykas yn Spinaazje mei spikers ek yn de twadde ferhalebondel foar. As Brechtsje bij de dokter is, dy't har namme fansels sûnder de letter ‘s’ útsprekt, en Brechtsje it Hollâns foar kar nimt, seit heit ‘dokter ferstiet wol Frysk’. ‘Ja natuurlijk,’ seit de dokter, ‘maar spreken kan ik het nog niet.’ Hiel nijsgjirrich is it hoe't de auteur it ynterne ‘taalprobleem’ fan ‘pisje’ en ‘plasse’ oanpakt: ‘Mem, ik moat noadich pisje, seit Wouter. Plasse seit mem, wy sizze plasse. Mar heit seit dat ik pisje sizze moat!’
De kritiken op Mei bleate fuotten op bêd binne wer hiel posityf. ‘Foar bern dy't ornaris wat problemen hawwe mei it lêzen fan it Frysk, sil dit boek in oanset wêze kinne it doch ris te besykjen. Eppie Dam brûkt moaie koarte sinnen, syn taal is eigentiids en wurdt mei in protte fleur en faasje brûkt’, sa makket de lc reklame. Ek Jant van der Weg is yn it fd goed te sprekken oer de bondel: ‘Dit boek is in oanwinst, om't it yn ienfâldige taal in tematyk behannelet dy't alle bern oansprekt. De skieding dy't der tusken bern en folwoeksenen yn eardere berneboeken sa bot te fernimmen wie, is yn Mei bleatefuotten... net oanwêzich.’ Van der Weg neamt dat in pluspunt.
K. Dantuma neamt Dam syn tredde berneboek yn Frysk en Frij ‘in boppeslach’. Hij fynt dat it boek ‘elke ferliking mei syn Hollânske konkurinten trochstean kin’. In opmerking dy't ik yn myn resinsje foar it Sneeker Nieuwsblad ûnderstreekje troch foar te stellen it boek fan ‘dizze Fryske Guus Kuijer’ te fertalen yn it Nederlâns. De yllustraasjes, wer fan Petra de Jong, krije ek poerbêste kritiken.
| |
Jelma
Jelma, it fjirde berneboek fan Eppie Dam en Petra de Jong, komt yn 'e neisimmer fan 1991 op 'e boekemerk. De titel, yn fergeliking mei de foarige trije berneboeken de saaie kant it neist, stie op 'e fûnslist fan 'e Koperative Utjouwerij earst noch oankundige as Jelma ofhoefolle nachtjes noch?
De namme dekt de ynhâld fan it boek wol. Jelma is de haadpersoan fan dit oan ‘Ankemarije’ (sa hjit de dochter fan 'e skriuwer ek) opdroegen ferhaal. Jelma is in famke fan fiif jier en sit yn groep twa. Mem Judith útfanhûzet yn Ingelân bij in freondinne. Jelma, dy't nei't ik oannim iennichst bern is, is sadwaande in wikelang tegearre mei har heit Jaap thús. Heit en
| |
| |
Jelma kinne it tige goed mei elkoar fine. De ferhâlding is suver ‘perfekt’. Trouwens it liket hielendal in fijne hûshâlding en dat mem - ‘in bytsje wurch fan thús’ - der in wykje tusken út is, is hielendal net sa slim. Omdat heit troch syn berop, hij is bussjauffeur, soms dagenlang fan hûs is, fynt dy it wol noflik om ris in pear dagen thús te wêzen: ‘Heit is in bytsje wurch fan alle dagen fuort.’
De ferhâlding tusken heit en dochter mei dan toppy wêze, dat wol noch net sizze dat der gjin tsjinstellings binne. Bij de rûs, mar dy tsjinstellings liede net ta konflikten, mar wurde subtyl werjûn en dat is ien fan de tema's fan it boek. Wêr't dy tsjinstellings binne en dan neam ik bern/folwoeksene, heit/mem, blank/swart, Hollâns/Frysk, steane dy ferskillen net foarinoar oer mar neistinoar. Elk mei in eigen karakter, mar sûnder dat der sprake is fan superieurens. Bij elke ferhâlding wurdt útgien fan lykweardigens.
It ferhaal falt ek posityf op troch it strakke skema. It begjint op in sneintejûn en einiget op in sneontejûn(nacht). Nei de trije ynliedende haadstikjes oer Jelma, mem en heit, wurdt de sneintejûn beskreaun yn ien stikje, de moandeis oant en mei de freeds wurde werjûn yn fiif partsjes en de sneon, de deis dat mem wer thúskomt, begiet al midden yn 'e nacht fan freed op sneon en beslacht seis haadstikjes. De dagen begjinne en einigje mei it bêd (de râne fan it bêd) as lokaasje. Iten en drinken en wurkje spylje yn 'e tuskenlizzende haadstikken in wichtige rol. Hiel faak begjinne de lêsstikjes mei in selde sin: ‘Jelma wurdt wekker’, ‘Jelma komt fan bêd’. Just dy herhellings fine bern fan 5-8, want foar dy doelgroep is it skreaun, prachtich. De koarte sinnen dy't Eppie Dam foar dit ferhaal brûkt falle op troch har suvere taalritme. De sidegrutte tekeningen fan Petra de Jong, litte sjen dat dizze yllustratrise each hat foar details. Har yllustraasjes noegje út om oer te praten.
It ynterkulturele aspekt fan Jelma wurdt troch Jant van der Weg yn har fd-besprek as ‘nijsgjirrich’ betitele. Se wol net wer in ‘noarmdiskusje’, mar kin it dochs net litte har ôf te freegjen wêrom't de skriuwer guon wurden wol en oaren net te brûkt. Mar har wichtichste konklúzje is dochs wol dat Eppie Dam mei dit boek foar in ‘moai literêr bouwurk soarge hat’: ‘It sit knap yn elkoar mei werhelling yn motiven en sênes.’ - Literêr bouwurk as net, de literêre tydskriften besprekke it boek net!
Yn Byntwurk, magazine fan gco-Fryslân, set ik it boek noch ris yn in breder perspektyf fan 'e Fryske berneliteratuer oer diskriminaasje en allochtoane-tematyk. Dat de tsjinstelling swartwyt moai nei foaren komt yn Jelma, mar nergens eksplisyt fermelden wurdt, neam ik ‘hiel knap’. En ik neam it boek ek it ‘oant no ta bêste berneboek fan Eppie Dam en Petra de Jong’.
| |
Achlum Nobusco
De literêre tydskriften meie dan noch gjin omtinken jûn ha oan 'e berneboeken fan Eppie Dam, hij hat wol safolle namme makke dat de Stichting It Fryske Boek him freget om foar 1992 it Aksjeboek foar bern te skriuwen. Dat wurdt Achlum Nobusco en de meunsternimmers, dat oanslút bij it tema fan de nasjonale Berneboekewike 1992, ‘Land in ziiiicht!’ De yllustraasjes foar dit boek, binne fan Ingrid van der Kallen, meidat Petra de Jong besletten hat foarearst net mear te yllustrearjen.
Haadpersoan Achlum Nobusco, syn namme is gearstald út Columbus en Noach, wennet yn ‘in doarp’. De âld-seeman mei in houten skonk húsmannet al trettjin jier yn in skieppeskuorre ûnder oan de dyk. Yn in stoarmnacht yn novimber ein santiger jierren is Nobusco oanspield,
| |
| |
alteast dat fertelle de pakes en beppes. De âlde omkes fan it doarp beweare dat de deis nei Nobusco syn ‘oanspielen’ de dyk besiedde lei mei deade skiep: ‘Achlum hie se allegear de hals útfretten.’ De minsken fine him in nuverenien, se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat is oars mei Mark (11) en Nina (9) van der Vliet. Mark is ‘amateurbiolooch’ en op ien fan har ûntdekkingstochten, se sykje om ‘wettermeunsters’, komt Nobusco de bern oer 't mad. Nei't de beide bern de earste skrik, gjin eangst, teboppe binne, docht al gau bliken dat it ‘klikt’ tusken de jonge ûndersikers en de âld-seeman. Gjin wûnder, alle trije haadpersoanen hâlde har dwaande mei de miljeuproblematyk. De âldste fan it trio is miskyn wol de meast ekstreme yn syn opfettings. Hij klimt withoefaak op in ierappelkistje en sprekt dan de minsken ta. Mar lykas yn 'e tiid fan Noach wol it folk net harkje. Achlum jout syn preekjen oer en hij bout in boat op it droege, in skip dat er makket fan âlde troep. As in moderne Columbus wol Achlum Nobusco nei it Nije Lân farre. Wat dat Nije Lân is of wêr't dat leit wurde de bern net gewaar, mar Mark en Nina hawwe noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. It Nije Lân, dat net op 'e kaart te finen is, is in lân dêr't it skjin is en de natuer wurdt der net bedrige troch wetter-, lucht- en boaiemfersmoarging. Lang om let fart it trijetal út op De Reinbôge.
De tematyk yn Eppie Dam syn proazawurk is ûnder oaren skuldgefoelens, iensumens en it tinken oer de tiid, oer it ferline en de takomst. Ek Achlum Nobusco is prakkesearderich fan aard en hij siket in lêste útwei yn in katastrofale hanneling. De skuldgefoelens fan Achlum binne sa grut dat flechtsjen gjin doel mear hat: ‘Foar âlde minsken mei de skuld fan alles, is it better dat se stjerre. Oars wurdt de skuld te swier. En ik bin sa ôfgryslik âld, ik kin de skuld net langer drage.’ Dat der noch hope is wurdt dúdlik út de dialooch tusken Mark en Achlum: ‘Sorry Achlum’, sei er, ‘'k begryp dy net.’ ‘Goed, dan sil ik dúdlik wêze, Mark. Jim sitte op it ferkearde skip. Dit skip lit alles achter him. Wylst jim it libben foar jim ha. Begrypst it no?’
Oft Mark en al dy oare bern dy't it aventoer meimeitsje yndied begripe wat der allegear mei Achlum Nobusco bart, is in fraach mar ek net mear as dat. It petear tusken Achlum en Mark wurdt net om 'e nocht ôfbrutsen. As de bern ôfskied nimme moatte fan Achlum komt der in helikopter om har fan board te heljen.
It miljeu is ien fan de sintrale tema's yn it boek. In tema dat neffens resinsinte Jant van der Weg yn 1992 eins al net mear kin. Yn it Friesch Dagblad skriuwt se: ‘Yn de Fryske berneliteratuer is dêr noch amper oer skreaun, yn de Hollânske dêrfoaroer is it suver al wat ôfkôge en dy literatuer krije bern fansels frekwinter ûnder eagen as de Fryske. No hoecht dat op himsels gjin beswier te wêzen, as de útwurking fan it gehiel mar boeiend is. Dat is my lykwols wat ôffallen.’ Van der Weg hat noch mear krityk: ‘Benammen de karaktertekening is frij flak.’ En ‘de problematyk fan de miljeufersmoarging is frij swier oanset en humor dy't soks dan wer wat relativearje kin, komt net in soad foar’.
Baukje Wytsma hat yn har besprek yn de Leeuwarder Courant ek krityk: ‘De tema's it miljeu, de dea, de tsjinstelling âld-jong, it reisaventoer binne op in knappe wize ta ien gehiel komponearre, mar dogge dochs wat forsearre oan.’ Folle royaler is Lieke van Duin yn har resinsje yn Trouw. Sij neamt Achlum Nobusco: ‘Een uitmuntend verhaal. Het is spannend, ontroerend en lichtvoetig geschreven in een ontwapenende stijl met een volkse, maar toch
| |
| |
fijnzinnige en warme humor. Ook dit verhaal heeft een boodschap, namelijk dat de mensen “fan de ierde wer in goeie ierde meitsje moatte”, maar die zit het verhaal geenszins in de weg.’ Van Duin is ek te sprekken oer it taalgebrûk: ‘Eppie Dam is een regelrechte taalkunstenaar: als hij het over “wikkewakkeljen fan 'e helikopter” heeft, voel je dat hij het over het geluid van de wentelwieken heeft, maar in het woordenboek staat het niet.’ Mei ‘in gaaf boek’ slút se har loovjende resinsje ôf.
| |
Wouter en de 24-trui
Yn yn syn ‘Taheakke’ bij de twadde printinge (1997) fan it lyts hânboek fan de fryske literatuer fan Klaes Dykstra neamt Bouke Oldenhof Eppie Dam ‘de meast moderne skriuwer fan berneliteratuer yn Fryslân’. Dat mei sa wêze, Oldenhof giet yn 'e fout as er skriuwt dat fan Eppie Dam yn 1993 de lange jongereinroman Jappy en de 24-trui útkomt. De titel fan dat boek is Wouter en de 24-trui.
Yn de tsjokke roman fan 233 siden komt Wouter Wiarda, de meast bleue en ûnhandige jonge út groep 8, der achter dat syn nije trui him magise krachten jout. As er leit te sliepen, fertelt de Aap-út-e-Mouwe him dat er - as er de trui oan hat - alles kin wat er mar wol. Teminsten, salang't de trui net wosken wurdt, it losse stekje net makke wurdt en oer it geheim fan de trui net praten wurdt. Wouter wurdt de held fan it skoalfuotbaltoernoai, hij drumt mei sukses yn 'e band fan syn suster en hij lost it probleem fan de Fryske plaknammen op.
Mar Wouter is ek in idealist en no't er in trui hat dêr't er alles mei kin, wol er noch mar ien ding: de wrâld feroarje. Hij giet de striid oan mei in fabrikant fan gewelddiedich boartersguod en tegearre mei syn freondin Anja treedt er op tsjin twa smychten fan hinneboeren. Letter sette Wouter, Anja en beppe Tryntsje (86) ôf nei Súd-Afrika om de moard op tritichtûzen seehûnen te kearen. Op 'e weromreis stekke se oan yn Madrid, dêr't Wouter in taspraak hâldt op in ynternasjonaal kongres oer de rjochten fan it dier. Krante, radio en televyzje, alles is derby. As Wouter oan 'e ein fan it ferhaal beleanne wurdt foar syn idealisme en syn heldedieden mei er in kado freegje. ‘“No goed,” sei Wouter, “as ik dan in held bin, jou my dan mar in pear sokken.”’
Foar it earst wurdt oan in berneboek fan Eppie Dam serieus omtinken jûn yn in Frysk literêr tydskrift. Beart Oosterhaven resinsearret it foar hjir (1994/5). Hij is geweldich oer it boek te sprekken: ‘“Wouter en de 24-trui” is net allinne wat it ferhaal oanbelanget in poerbêst boek, ek op it stik fan 'e komposysje sit it treflik yninoar.’ Oosterhaven fynt ‘dat der mar ien einoardiel oer mooglik is: it is it bêste boek yn syn soarte dat oant no ta yn it Frysk ferskynd is’.
Wim van der Schaaf is yn De Pompeblêden (1993/6) ek lyrys oer it boek: ‘Ik kin my sa gau in lyksoartich boek as Wouter en de 24-trui yn it Frysk net yn it sin bringe. It is in hearlik gek boek, de frjemdste saken gebeure sa no en dan. It is soms suver wat magysk-realistysk mar it slagget de skriuwer om my yn de werklikheid fan syn ferhaal leauwe te litten. [...] Wat dit fantastyske ferhaal al hielendal ta in geniet makket is de kostlike humor, it hele ferhaal troch. Nearne te bot of te swier oanset, soms lytse wurdgrapkes, boarterij mei nammen en gean sa mar troch.’ Van der Schaaf sjocht yn it ferhaal ek noch ‘in kweeste’, in syktocht fan de haadpersoan nei it doel, de bestimming yn syn libben. ‘In syktocht: lichtfuottich mei de woartels yn de earnst. Magysk hjir en dêr, mar mei de fuotten op 'e grûn.’
Marja Boonstra neamt Wouter en de 24-trui yn de lc ‘in flotskreaun jeugdboek, dêr't de
| |
| |
humor sa no en dan wat flau yn wurdt’. Se beslút har miny-resinsje mei: ‘Wa't begjint oan it boek oer Wouter moat wol efkes trochsette, want it hat mar leafst 233 siden. En dat is wol wat in soad foar in lêsboek foar bern fan in jier as tolve.’
Eppie Dam is nei dizze wol hiel meagere resinsje kûgels op lc-resinsinte en stjoert in lilke brief dêr't er him yn beklaget oer it nivo fan besprekken. Yn in skriftlike reaksjeleit Boonstra it doel fan de rubryk Leesplank út: ‘De berneboekerubryk is inkeld en allinnich bedoeld om âlden/opfieders te ynformearjen en foar te ljochtsjen oer nije berneboeken. Nederlânsktalige en Frysktalige. En dus net om bysûndere dingen te dwaan foar de Fryske literatuer.’
Jant van der Weg-Laverman jout yn har besprek yn it FD amper in ynhâldlik oardiel, se lit it bij ‘in hearlik tsjok boek. [...] Nei alle bjusterbaarlikheden docht it slot hearlik lakonyk oan en presintearret tagelyk krekt sa'n aardige wurdboarterij as de aap-út-e-mouwe oan it begjin.’
De Berneboekesjuery kiest Wouter en de 24-trui yn 1995 út as ‘bêste boek’.
| |
Tachtich yn 'e bocht
Yn 1995 komt Eppie Dam mei syn tredde ferhalebondel foar bern: Tachtich yn'e bocht. Hoewol't de njoggentjin ferhalen skreaun binne foar wat âldere bern, de ûndergrins is 8 jier en de boppegrins 12 jier, kin dizze bondel beskôge wurde as de opfolger fan Spinaazje mei spikers en Mei bleate fuotten op bêd.
De tema's binne û.o.: rúzje, ferlyfd wêze, pesterij, bang wêze en deagean, fantasearje en Frysk prate. De eigentiidse ferhalen falle stik foar stik op troch in tige linich en modern Frysk. Noch altyd giet de auteur út fan de taal fan 'e bern.
De bondel wurdt no foar it earst yn sawol hjir (1996/1) as Trotwaer (1996/2) besprutsen. Marijke de Boer fynt dat der op ‘de skriuwstyl fan Eppie Dam amper wat oan te merken falt’. En ‘syn taalgebrûk is boartlik en de koarte sinnen hâlde it tempo der goed yn.’ Ek ‘litte de ferhalen har noflik lêze en binne geskikt om foar te lêzen’. Mar dan komt de hjir-resinsinte mei har negative oardiel: ‘De ferhalen binne wol aardich om te lêzen, mar se foegje net echt wat ta. Se binne de saaie kant it neist. Se steane te ticht by de deistige werklikheid. Se binne te gewoan op in reis fol wûnderlike fantasijen. Eppie Dam kin it belearende mastersfingerke (spitigernôch) ek net yn skoalle litte.’ De Boer is wol sa earlik en kom mei de opmerking dat sij de ferhalen mei de eagen fan in folwoeksene lêzen hat, wylst de ferhalen ornearre binne foar bern fan acht oant tolve jier. ‘Mar’, sa skriuwt se terjochte, ‘ik leau dat in berneboek goed is as it ek troch folwoeksenen mei nocht lêze wurde kin.’ Har eardere opmerking dat de ferhalen har noflik lêze litte en geskikt binne om foar te lêzen, steat heaks op wat De Boer dus letter beweart.
Ik skriuw yn myn resinsje foar Trotwaer dat Tachtich yn 'e bocht ‘in bondel is mei ferhalen fan hege kwaliteit. De fyn ynleine humor ferheget de kwaliteit fan de ferhalen. Tematyk, taalgebrûk binne respektivelik modern en linich. De ferhalen fan Eppie Dam hawwe wat universeels, yn syn ferhalen giet it oer emoasjes, ferwachtingen, fertriet en freugde.’ It feit dat Eppie Dam safolle omtinken jout oan dy emosjonele eleminten yn syn ferhalen sjoch ik as in plus: ‘ommers it lêzen fan bern wurdt foar in grut part karakterisearre troch emosjonele begienens (“bewogenheid” sizze de Hollanners).’
Yn 'e resinsje fan Jant van der Weg-Laverman, foar it Friesch Dagblad, fyn ik hiel opmerklik dat just sij de opmerking makket dat ‘it moderne taalgebrûk fris oan docht’. Van der
| |
| |
Ald-ynwenner Eppie Dam fertelt tidens de Berneboekewike 1994 yn Kollumerpomp oer syn boeken en syn skriuwerskip. (foto argyf flmd/Frans Andringa, Friesch Dagblad)
Weg, dy't it wurk fan Eppie Dam trou resinsearret, wie yn it ferline ommers wolris behâldender yn har oardiel oer dizze auteur syn taalnoarm. Dochs kin de fd-resinsinte it net litte en fersuchtsje suver ‘en ja, bern skine ek noch altyd hollânske briefkes te skriuwen. Wannear soe it ris gewoan wurde, ek yn berneboeken, dat dy persoanlike oantekens Frysk binne?’ De toan fan har krityk is oars al posityf!
| |
Dingeman krijt wjukken
Dingeman krijt wjukken is Eppie Dam syn lêste boek oant no ta. It komt yn 1999 út bij de Afûk. Neffens de skriuwer is it bysûnder fraai útfierde boek, mei byldwurk fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra, net ‘samar in boek’: ‘Alle oare boeken hawwe eins it púnromjen west foar dit boek. Dy boeken ha de romte makke foar Dingeman. Yn dit boek binne de dingen te plak fallen.’
Op 'e earste dei fan 'e simmerfakânsje krijt Dingeman de Koning, iennichst jonkje yn in brutsen hûshâlding, in spannende (hollânstalige) brief fan Roosje Hoppe út namme fan Stich- | |
| |
ting Landelijke Vakantie Voor Stadskinderen (slvvs). Mei noch alve oare bern wurdt Dingeman útnoege foar in simmerkamp fan in wike op in buorkerij yn 'e ‘middle of nowhere’. Op dizze ‘breek-en-bouw-boerderij’ binne bern hielendal eigen baas. Pensjonearre pakes en útborduerde beppes dogge alles wat bern wolle en stjoere har noait op bêd. De mem fan Dingeman, in truttich ‘Big Brothereftich’ type, dy't swarte reinbôchjes boppe de winkbrauwen skildert, jout earst tastimming as it hàr goed útkomt. Sa wurdt Dingeman op in moandeitemoarn yn in lúkse taksy fan hûs helle en set de sjauffeur him ôf op it hiem fan in âlde boerepleats. It docht al gau bliken dat Roosje Hoppe, de pakes en beppes en de oare bern hielendal net oanwêzich binne. Dingeman sil de wike yn syn ‘uppy’ trochbringe mei hobbyboer en keunstner Joazef Kingma. Joazef jout ek in ferklearring foar it feit dat der in fiktive namme ûnder it brief stiet: ‘Heiten en memmen jouwe gjin tastimming as der in kearel ûnder stiet. Joazef fertrouwe se net, mar Roosje fine se aardich.’
Nettsjinsteande alle heimsinnichheden bliuwt Dingeman bij Joazef en belibbet er foar in plattelânsbern deagewoane mar foar in stedsjonkje hiel bysûndere dingen. It begjint al mei de bou fan De Wjukkestoel, in meubelstik dat wat te fertellen hat. Ast derop sitten giest, komt der in (ramt)ferhaal om dingen helder te meitsjen: ‘Dreamen en gedachten bringe minsken oeral hinne.’ Yn 'e rin fan it ferhaal komme wij hieltyd mear te witten oer Joazef en syn wize fan libjen. Oan 'e ein fan it fantasyrike ferhaal, dat net allinne hiel spannend mar ek grôtfol mei humor sit, wurdt dúdlik dat de jonge De Koning en de âldere Kingma mear dingen mien hawwe as allinne in namme.
Marja Boonstra besprekt it boek foar de Leeuwarder Courant. Yn in pear alinea's besiket se de ynhâld wer te jaan en ek noch in oardiel te jaan: ‘It boek hat mar leafst 43 haadstikken. No hoecht dat gjin probleem te wêzen want in moai boek is noait te dik. Mar Dingeman krijt wjukken is in swiersettich ferhaal dat net maklik lêst. It sit fol symboalen en befettet net al te folle humor. Boppedat wurd ik ek net fleurich fan it donkerbrune omslach. Koartsein, it boek ferget in soad fan jonge lêzers. Dingeman kriget wjukken, mar Dam kin mar net los komme fan 'e grûn.’
It is Marga Claus dy't har poerlilk makket oer dizze resinsje. Har ynstjoerde stik wurdt lykwols net opnommen, sadat se beslút in brief nei Trotwaer te stjoeren. Dat pleatst har antykrityk yn novimber 1999. It is in frijwat emosjonele reaksje, dêr't wol goed dúdlik yn wurdt dat Claus gjin hege pet op hat fan de lc-besprekster: ‘In boek dêr't safolle soarch en oandacht oan bestege is, fertsjinnet dêrom mear as in pear flut-alinea's yn de rubryk “Leesplank”, foar de helte ek noch besteande út it neifertellen fan de ynhâld. In beoardieling fan in resinsint dy't, sa't se op 9 oktober op it literêre poadium yn Theater Romein sels ferkundige, oan fatsoenlik lêzen amper mear takomt, mei't se it drok mei bern en húshâlding hat.’
De skôging fan de Flaming Johan Gezels yn Trotwaer fan desimber 1999 is gâns oars fan toan as de lc-resinsje: ‘Na een tiental bladzijden had ik het gevoel in een kleinschalige Friese versie van David Copperfield te zitten.’ Gezels sjocht yn Dingema oerienkomsten mei it wurk fan George Orwell, Charles Dickens, Toon Tellegen, Antoon Koolhaas en J.M. Barrie. ‘Wat is hiermee gezegd over het boek op zichzelf? Dat het de kwaliteiten van al deze boeken in zich heeft zonder ze expliciet naar voren te brengen. Eppie Dam rest nog één ding te doen: alle boeken die in dit mooie werkje verborgen liggen, stuk voor stuk neerschrijven.’
| |
| |
Akky van der Veer skriuwt yn in ‘iepenbiere brief’ foar it nije literêre Ynternettydskrift Kistwurk wat sij fan de jeugdroman fynt. ‘Ik kin fernimme - sjen, priuwe, rûke, fiele - datst dit boek mei soarch en leafde makke hast. En dat de gearwurking mei Gerrit Terpstra dy ynspirearre hat om op in hiel eigen manier mei taal te boartsjen. Neogolismen as Heisterhok, Brobbeltobke, Klimkalefater, Hynstvalidekarre, Wjukkestoel, it binne prachtige wurden.’ Van der Veer hat lykwols ek krityk op it ferhaal. ‘Is Dingeman krijt wjukken dus oer alle boegen slagge? Nee, foar myn gefoel net alhielendal. Ik fyn dat de mem fan Dingeman der sa bekaaid fan ôf komt. Net it feit dat Joazef Dingeman syn heit is, wie foar my oan 'e ein de ferrassing, wol it feit dat de mem fan Dingeman har soan sûnder mear yn 'e steek lit. In ûnnoflike, ûnoannimlike ferrassing wie dat.’
Dyselde krityk hat Jant van der Weg-Laverman yn it Friesch Dagblad ek as se oer de mem skriuwt: ‘Fantasyleas en alhiel op har eigen plezierkes rjochte. Men mei jin dan ek ôffreegje hoe't it mooglik is, dat de jonge nei de skieding oan har tawiisd is.’
| |
Slotkonklúzje
Ik doar te stellen dat Eppie Dam de wichtichste fertsjintwurdiger fan 'e moderne Fryske berneliteratuer is. Syn wurk docht neat ûnder foar dat fan bygelyks in Guus Kuijer en in Dolf Verroen.
Syn boeken binne kostlik fan taal, modern fan tematyk en hij is hiel orizjineel yn it útwurkjen fan de realistise ûnderwerpen dy't er yn syn ferhalen oansnijt. Syn styl fan skriuwen, de opbou fan syn ferhalen, ik fyn it allegear prima, mar ik besef ek dat it net tafalt om soks no eksakt ûnder wurden te bringen. Op wurdearringswurden lykas ‘prachtich’, ‘moai’ en ‘spannend’ is altyd wol wat op oan te merken. Mar salang't ik noch gjin oare wurden betocht ha dy't fris en oarspronklik binne, sil ik it mar dwaan moatte mei ‘moai’, ‘prachtich’ en de hiele brut.
Wat mij benammen yn it wurk fan Eppie Dam sa oansprekt is dat hij yn syn taalgebrûk sa ticht bij de taalrealiteit fan Fryske bern stiet. De dialogen bygelyks komme hiel natuerlik oer, it is selden boeketaal. Dat de twadde rykstaal dêr't Eppie Dam yn skriuwt gjin beswier hoecht te foarmjen om ek erkenning bûten de Fryske provinsjegrinzen te krijen, bewize de besprekken fan Lieke van Duin en Johan Gezels. Eppie Dam syn ferhalen binne universeel, sa't hij skriuwt oer emoasjes, ferwachtingen, teloarstellingen, konflikten, twivels, eangsten, fertriet en freugde, sprekt net allinne bern yn Fryslân oan, ek lêzers fan bûten de provinsjegrinzen sille ‘saken’ dy't bij it grutter wurden hearre werkenne.
De ferhalen fan Eppie Dam slute oan bij de libbenswrâld fan ‘alle’ bern. Dat der no sa stadichoan ris in oersetting fan it wurk fan Eppie Dam komme moat stiet foar mij dan ek fêst, it soe goed wêze foar de fierdere emansipaasje fan 'e Fryske berneliteratuer. Boppedat soene noch mear lêzers sa de gelegenheid krije om fan it wurk fan Eppie Dam te genietsjen. Dat Eppie Dam in talint is, wist Thera Brugman-Coppens 27 jier lyn al. En ‘de kans om nog beter te gaan schrijven’, hat Eppie Dam yn 'e ôfrûne fearnsieu wiermakke. Dûbel en dwers!
|
|