In boekje dat fral letterlik besjen lije kin
Henk van der Meulen
Pieter H. Tauber & Frans A. Tauber, Gerard J. van den Broek, De Provinciale Bibliotheek van Friesland. 40 jaar ontwerp- en bouwgeschiedenis. 60 siden. f 17,50.
It klearkommen fan it útwreide, ferboude, renovearre en ynformaasje-technologysk by de tiid brochte gebou fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân hat behalven nedich en ûnnedich pommerante-palaver by de offisjele weriepening op 8 maaie 2000 ek in boekje oplevere dat fral letterlik besjen lije kin. In fjouwerkantich for maat, in skoandere grafyske foarmjouwing fan Douwe Huitema, printe yn moaie, dúdlike lettertypen op prachtige papiersoarten - wat wol men foar in gelegenheidsûtjefte eins noch mear? No, ynhâld dy't oansprekt.
De Provinciale Bibliotheek van Friesland. 40 jaar ontwerp- en bouwgeschiedenis is in hommaazje oan himsels fan arsjitekt Pieter H. Tauber. Foar him markearret dit gebou sa'n bytsje it alfa en omega fan syn arsjitektelibben. Syn tredde plak by de iepenbiere priisfraach foar it ûntwerp fan in nije Fryske Provinsjale Biblioteek yn 1958 (165 ynstjoerings), it winnen in jier letter fan de ta fjouwer dielnimmers beheinde twadde omloop en syn úteinlike ûntwerp dat yn 'e jierren 1964-1966 oan de Ljouwerter Butterhoek stâl krige, it hat him gjin wynaaien lein. Al gau krige er gruttere opdrachten fan it Ryk en ferskate gemeenten en yn 1964 waard er heechlearaar yn Delft.
Trije fearn fan de 47 nûmere siden binne wijd oan de bouskiednis. Foar arsjitektefolk grif tige nijsgjirrich, mar prof. Tauber en syn soan Frans, dy't as ynterieurarsjitekt in part fan de renovaasje foar syn rekken nommen hat, binne gjin ferbale stilisten en skriuwe foar leken net
De nije glêzen yngong en de spannende âlde finsterritmykfan de Provinsjale Biblioteek. (foto Arthur Blonk)
maklik. By inkelde haadstikken binne sels gewoan teksten oernommen fan de sjuerybeoardieling út 1958, fan de taljochting by it ûntwerp fan 1959 en fan in publikaasje yn in faktydskrift.
De teksten fan heit en soan Tauber beslaan