Trioel
Riemersma is hingjen bleaun
Yn myn essay oer it wurk fan Durk van der Ploeg yn it maaienûmer haw ik de stelling ferdigene dat de psychologyske roman noch altyd libbet. Wat ik dêrmei bedoelde, haw ik yn de slotalinea dúdlik oanjûn. Ik sei der, dat ‘de psychologyske roman de moderniteit oerlibbe hat - dat der ek hjoed de dei noch goede psychologyske romans skreaun wurde, mei moderne middels.’
Riemersma hat, sa blykt út syn reaksje yn it septimbernûmer, net goed begrepen wat ik hjirmei bedoelde. Ik joech net oan, dat ik fan betinken wie, dat de âlderwetske, naturalistyske psychologyske roman noch altyd fitaal is. Ik joech oan, dat de psychologyske roman him sadanich ûntjûn hat, dat er modern wurden is.
As Riemersma dus seit, dat ik ‘de “skuld” oan de teloargong fan 'e psychologyske roman’ by bepaalde minsken dellis, sûget er dingen út syn skriuwerstomme. Ik sis nammentlik hielendal net dat de psychologyske roman teloargien is. Ik sis, dat er libbet. En wat libbet, is net stoarn, lit stean dat er ien ‘skuld’ oan sok ferstjerren hawwe kin.
Al yn 1931 publisearre William Faulkner syn roman The Sound and the Fury, in mearperspektivyske, kwa metoade en styl folslein modernistyske roman, dy't lykwols út en út psychologysk wie. Skriuwers as Faulkner lieten sjen, dat de psychologyske roman ek nei Madame Bovary (1857) besteansrjocht hie. Yn Nederlân waarden nei de Twadde Wrâldoarloch boeken skreaun as De avonden, in boek dat mei alle rjocht psychologysk neamd wurde kin, en in boek dat folslein modern neamd wurde kin.
As Riemersma úthâldt: ‘De ellinde mei de psychologyske roman dy't allinnich mar psychologyske roman wêze wol, is dat er in kasus behandelt sa't dy yn 'e hânboeken beskreaun is’, seit er feitlik neat oars as: ‘Minne psychologyske romans wurkje sjabloanmjittich. Se folgje de hânboeken en binne dus net ferrassend.’ Mar mei in feroardieling fan in minne, foarsisber-konvinsjonele psychologyske roman kinne jo it hiele sjenre net feroardielje.
De kritisy Jo Smit en Paul Rodenko hiene ûngelyk doe't se de ein fan 'e psychologyske roman foarseine. Har foarsizzing wie al datearre doe't er dien waard; se seagen net yn, dat de psychologyske roman har al oan alle kanten ynhelle hie... Riemersma jout mei syn reaksje oan dat er noch altyd tinkt dat se gelyk hawwe en ik fyn dat er dêrmei sjen lit dat er him literatuerteoretysk net ûntjûn hat, dat er hingjen bleaun is yn de yn de jierren sechstich aktuele literatuerkrityk.
It giet my der net om dat ik de hjoeddeiske psychologyske roman leaver haw as de oare romantypen, bygelyks as de hjoeddeiske ideeëroman. It giet my der om dat dy romantypen beide har moderne besteansrjocht bewiisd hawwe. It is ûnsinnich, iensidich en bekrompen om te bewearen dat de psychologyske roman in ‘trein’ is dy't ‘allang foarby’ is.
Jabik Veenbaas