Doelleas pingelje
Sjoerd Bottema
Nyk de Vries, Rezineknyn. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2000. 238 siden. f 24,50.
It leit foar de hân en ferlykje it debút fan Nyk de Vries, Rezineknyn, mei Dammen met ome Hajo fan Meindert Talma. Beide boeken binne koart nei elkoar ferskynd, de beide skriuwers kinne elkoar goed, komme beide út it fermidden fan it studintebled De Blauwe Fedde en meitsje beide diel út fan in ploechje muzikanten dat bekend stiet as Meindert Talma & the Negroes. Beide boeken spylje yn deselde soarte omkriten (dy fan Surhústerfean en Noardburgum), yn likernôch deselde tiid (lêste desennia fan 'e foarige ieu) en ûnder itselde slach lju (plattelansjongeren yn 'e boppebou fan it fuortset ûnderwiis).
Dêr hâlde de oerienkomsten mei op. Want wat in ferskil!
Hoewol't ek by Meindert Talma it aksint leit op 'e middelbere skoallejierren beslacht syn boek in folle langere perioade: fan 'e bernetiid ôf oant en mei it begjin fan it studintelibben yn Grins. Talma giet yn grutte halen de ups en downs bylâns. Nyk de Vries beskriuwt in pear wike út it libben fan in hantsjefol learlingen yn 'e boppebou fan it middelber ûnderwiis, de lêste wiken foar de fakânsje. Hy docht dat fan dei ta dei, fan oere ta oere. Dêrby wurdt gjin sucht of skeet oerslein. Sa hobbelje wy fan hûs nei skoalle en werom, fan lokaal nei lokaal, fan tentamen nei tentamen en fan de tee nei de kofje mei út en troch in ferfeelsum feestje wêrby't de haadfiguer der sa no en dan even út moat om te pisjen. De Vries beskriuwt dat libben oan 'e iene kant minusjeus - mei in skerp each foar allerhande details - oan 'e oare kant ôfstannelik en oerflakkich - mei foarbygean oan wat der wêzentlik yn dy jongelju omgiet, of it soe wêze moatte, en dêr hat it alle skyn fan, dat der net folle wêzentliks yn harren omgiet: gjin eangst, gjin fertriet, gjin hope, gjin langstme, gjin hertstocht, gjin pine, gjin striid.
No wol ik net beweare dat in boek stiif stean moat fan datsoarte ‘grutte’ gefoelens, want dan draait it al gau út op in draak, in melodrama, mar hielendal sûnder kin it net. Ek al is de werklikheid noch sa banaal en saai, en is it it doel fan de skriuwer om dat sjen te litten, it kin net de bedoeling wêze dat syn boek krektlike saai wurdt, en dat is it probleem mei Rezineknyn, as de werklikheid dy't it beskriuwt, de skriuwer sil dochs wat oan de realiteit tafoegje moatte, in doasis humor, in poarsje emoasje, in superieure styl of dat allegear tagelyk, lykas yn De avonden fan Gerard Reve. Dat is wat my oanbelanget ek de iennichste reden om dy beide boeken mei inoar te ferlykjen: as foarbyld fan hoe't it net moat en hoe't it al kin.
In ferliking fan Rezineknyn mei Dammen met ome Hajo jout deselde útkomst. Meindert Talma skriuwt, fertelt; Nyk de Vries skriuwt op, registrearret.
Talma syn boek hat, hoe fragmintarysk oars ek, dochs in soarte fan ferhaalline mei wat fan in klimaks deryn (it bemasterjen fan 'e wrâld, it neijeien fan in hopeleaze leafde, de ivige damstriid mei ome Hajo). By De Vries sukkelt it ferhaal kalmwei troch, sûnder hichte- of djiptepunten, egaal en griis, fan dei nei dei. De term ‘ferhaal’ is hjir trouwens net op syn plak, want