Oebele Naneur
Oebele Naneur
Jo Smit syn besprek fan Piter Boersma syn De reis fan Labot (Trotwaer 1979, 52) wie nochal ôfwizend, hy neamde de haadpersoan ‘in Fries fan it minne soarte’ (kostlike útdrukking nammers) en ek in ‘Oebele Naneur op 'e fyts’ - de titel fan 'e resinsje. Datlêste hat my altiten yntrigearre. Wat bedoelt er dêrmei?
Jo Smit hold fan seksgrapkes. Fergelykje út syn grut essay oer Shakespeare: ‘In tekoart is ek dat it begryp “ontmaagden” der yn [it Frysk Wurdboek, T.R.] untbrekt. De wurdboekôfdieling fan de Fryske Akademy koe my ek net ynljochtsje: it apparaat is dêr blykber net op berekkene’ (Jo Smit, De moderne roman as moraliteit, 153).
Ik tink dat wy by it oplossen fan it riedsel Oebele Naneur ek even ús dirty mind ynskekelje moatte. Wat stiet op syn nammebuordsje neist de doarbel? O. Naneur. En dan is de saak dúdlik. De haadpersoan fan Piter syn boek is ien dy't mei himsels ompielt, dat it kloppet alheel.
Bin ik no de iennige kloat dy't de mop earst twintich jier letter troch hat en hienen jimme dit allang untdutsen, of kom ik wier mei wat nijs?
Tr. Riemersma
(Sjoch ek de oprop foaryn dit nûmer. - Red.)