Wrakselje mei iensumens
Elly Veltman
Oene Spoelstra, Kommen en gean. Koarte ferhalen. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 96 siden. f 19,50.
Kommen en gean, it proazadebút fan Oene Spoelstra is in ferhalebondel mei gewoane minsken yn 'e haadrol. No ja, gewoan... Op de ien of oare manier tilt it net op fan 'e blommen yn it libben fan dizze minsken. Stik foar stik lizze se of komme se mei harsels yn 'e knoop, allegearre wrakselje se mei itselde: se binne iensum. Om dy iensumens te trochbrekken besykje se yn kontakt te kommen mei oare minsken. Mar de leafde, de oandacht dêr't se om freegje krije se net, se bliuwe allinne.
Yn it titelferhaal siket in âld man, guodlik, mar iensum, kontakt mei in bidler. De man lit him tinke oan syn heit. Hy jout de bidler iten en drinken en hellet him op 't lêst yn 'e hûs. Mar dan giet it op 'e kop ferkeard: de bidler bedonderet de âld man en set him moarns ier-en-betiid op strjitte.
Ek yn ‘Jierdeifeest’, it iepeningsferhaal moetsje wy in âld man. Syn frou is dea en hysels sjocht it net mear sitten. Hy freget syn soan om help, mar dy wegeret dat. By einsluten yt er de pillen fan syn dochter op.
Mar it binne net allinne âlde minsken dy't wrakselje. Sa is der ek de jonge Marokkaan Abdelkader dy't troch omstannichheden út it waarme lân fan syn pake yn it kâlde Fryslân fan syn heit telâne komt. Hy wrakselet him troch de taal, de skoalle en it libben en ferliest syn hert oan Eke, wylst syn ferstân wit dat der yn Marokko in breid op him wachtet. Op in kâlde winterdei leart Eke him riden en op it iis priuwt er de waarmte fan de leafde, mar ûnder datselde iis fynt er syn dea as hy yn in wek falt.
Spoelstra boartet hjir hiel aardich mei de begripen kâld en waarm. Marokko is in waarm en feilich lân foar it lytse jonkje, mar ien kear yn it kâlde Fryslân fynt er as jongfolwoeksene de waarmte fan eartiids wer werom yn Eke, wylst Marokko kâld en ûnfeilich wurdt yn 'e foarm fan it ferstânshoulik.
Yn it ferhaal ‘It reiske’ is Spoelstra op syn best. In mem skillet har soan yn Amearika op. Se is fan doel om tegearre mei har man de soan nei tolve jier op te sykjen. De soan hat dêr gjin ferlet fan, ek al giet it net goed mei him. Syn mem begrypt der neat fan en is ferbjustere as de soan it tillefoanpetear ôfbrekt troch de hoarn op 'e heak te kwakken. Se siket help by har man, mar dy kin se ek het berikke. It leed fan 'e mem wurdt hiel subtyl delset, om't Spoelstra allinne de wurden fan it tillefoanpetear fan de frou op papier set hat. Dêrtroch krijt it ferhaal fansels spanning, mar tusken de rigels troch fiele je foaral de pine, it fertriet fan de mem, dy't mar gjin kontakt krijt mei har soan en - nei't letter blykt - ek net mei har man. Hoe allinne kin in minske wêze? Ik moat bekenne, ik moast hast gûle.
Gelokkich steane der yn 'e bondel ek in pear ferhalen dy't earder tragykomysk binne, al binne se net minder dramatysk. Sa is der it ferhaal fan Simen en Jan dy't op krekt it selde plak fersûpe as harren heit en mem in moanne dêrfoar. Dat is fansels net bêst, mar it is in tikje te betocht. Ek it lêste ferhaal, ‘Mefrou P.’, dy't idolaat is fan it keningshûs en dêrom fan har kostgonger alles witte wol oer prinses Marijke, dy't