wer. Yn haadstik xi (by in boek fan tweintich haadstikken is it alfte al like sintraal) wurdt (alwer) wiidweidich (en slim yngewikkeld) pield mei de ferhâlding tusken ferteller en skriuwer. Dit boartsjen mei fiksje en realiteit is ien fan de saken dêr't it boek ús mei (‘konfrontearret’ is in grut wurd) yn 'e kunde bringt. De problemen en mooglikheden fan fiksje hâlde de skriuwer yn 'e besnijing.
Skriuwers hjitte hjir sels ‘ekshibisjonisten fan har eigen siel’. En as dat haadstik wier sintraal is, is de kearn fan it boek in boargerlik amtnerke dat ek skriuwt en dat no ris oer de grins gean wol. Wat der op del komt dat de minske het meest / [lijdt] door het lijden dat hij vreest. De selsspot spilet net swak by yn In spylman op it binnenpaad: oan de ein wurdt ús ek de genealogy fan Piter Wrotter ferdútst. En ek dêre is wol wat werom te finen fan dichtinge en wierheid trochinoar.
It titelhaadstik is ien fan de ferhalen dy't my it meast oansprekke (der sit ek kop en sturt oan, dat is wol maklik; it gedicht wurdt hjir wat filosofysk konkretisearre, ek wol aardich). Feike kriget hjir ien fan de grutste teloarstellings fan syn libben te ferwurkjen, fansels fan de kant fan in prachtfrommes: syn keunst slacht net oan by de jongere generaasje en hy wurdt yn Burdaard(!) fan de brêge ôf ghettoblastere. Hy moat konstatearje dat de âldere generaasje dêr in oansprekkende ferklearring foar hat (mar dêr wol men net by hearre fansels, dat de skriuwer lit dy efkes slim trochdrave).
Oan de ein fan dit haadstik parafrasearret Feike/de ferteller it slot fan românse xiv: ‘wa is dochs... / ûnbegryplik / miskien bin ik it sels wol’. En dêr komt, net foar it earst, in eksistinsjele frage op. Deselde dy't yn de slotrigels fan it boek opkomt? ‘Hoe bestiet it, tink ik, dat er de wurklikheid net sjen wol... of...?’ Om't it boek foar in grut part giet oer it al of net gearfallen fan haadfiguer en ferteller en implied author en skriuwer, doar ik it oan en folje dat oan mei: ...of dat ik dat bin en dat ik dat net wol. Wa binne wy, sels as wy God binne?
Ut en troch kin ik wol in bytsje gnize om de jeuzelhumor dy't In spylman op it binnenpaad yn him hat, mar it duorret my te lang allegearre: sidenlange beskriuwings en beprakkesaasjes fan lyts en grut leed dogge ôfbrek oan de irony - dêr't ik fan tink dat dy wol de bedoeling wie. Sa is der in prachtige sin op s. 203: ‘Ik ha ek hiel wat ôfleard.’
Mar allinne humor mei dan noch in semyfiktive romanfiguer as ‘Steven de Jong’ oereinhâlde, it is te min om in optochte Feike Fidel libben yn te blazen.
De realiteit en de dream út myn ferwachting haw ik yn dit boek genôch fan krigen (dêr't ik sa'n wurd om sis), oerspul sit der ek gesellich yn. De polityk komt hjir en dêr oan 'e oarder, mar ‘folslein út 'e tiid’ (s. 218). Dat jildt al gau ek foar de aktualiteit fan 1998. En sels it weiwurdersslot haw ik krigen. Fierders is oan myn ferwachtings net beäntwurde. Dêr kin in boek allinne mar better om wêze.
Dit boek lykwols net: dizze roman ‘dy't josels foar in part komponearje moatte’, hat my te min útdage om dat yndie ek te dwaan. Utsein in inkeld plakje dêr't men fan tinkt: wêrom slut no xiv oan by v? Is de folchoarder fan de ferhalen eins sa willekeurich dat ik de oanbeane folchoarder foar leaf nommen en it boek as in gronologysk gehiel lêzen haw.
It Larrios-motyf, de ferwizinkjes (fan De Kast nei Mulisch), de skriuwer/ferteller/implied-author-boarterijkes, de selsspot/boargerlikens, de kulturele generaasjekleau, de eksistinsjele ûnwissens, Steven syn queeste hellet in bult oeral, mar wat er yn wêzen oeral helje