Tegels
Meinou P.
As der yn de hjerst dagen binne dat de wask bûten droege wurde kin, wuolje my by it ophingjen gauris flagen fan ûnwennigens nei fakansje en fiere oarden yn it liif om. Dat is gjin tafal. Myn kniperbak is nammentlik myn sûvenirsdoaze. Tink no net dat it ien is mei allerhande prachtige skulpen en in plaknamme yn sjike letters derop. Soksoarte oantinkens haw ik ófleard mei te nimmen doe't ik ús mem har gesicht seach by in lyts, rûn skulpedoaske út Veendam, wêr't ik by in freondintsje útfanhûze hie. It hat wol jierren op har buro stien, dat moat ik har neijaan. Nee, ik wurd mankelyk fan de knipers.
Wy binne hûskehierders en út alle húskes dy't wy bewenne hawwe, haw ik in kniper stellen. Pak ik de grutte, houten clothes-peg, dan bin ik yn Ierlân en dan ryd ik wer mei Mrs. O'Melley yn de Mercedes nei de barn earne fier op 'e romte in pear kilometer fan ús cottage ôf. De skiep hawwe dêr mei min waar har ûnderdak en der is in lange line spand. Mrs. O'Melley seit dat de wask yn in dei droech is as ik de doarren tsjin elkoar iepen set.
En dan wit ik wer krekt hoe't ik my fielde doe't ik in pear dagen letter mei de skjinne, wiete wask yn in wite koer troch de streamende rein fan de auto nei de skuorre draafde en dêr midden tusken de skiep op in wippelige kiste stie om by de line te kinnen. Lake Corrib hie ik fan dat plak ôf sjen kinne moatten, mar alles wie griis.
Fan dy út de Harz yn Dútslân is noch mar in helte oer. As ik dy per ûngelok yn de hannen krij dan mompelje ik ‘Wäscheklammer’ om't ik dat wurd doe leard haw en fierder eins net safolle mear fan dy fakânsje ôfwit. De Noarske namme foar kniper haw ik noait leard, mar it is in prachtich rôze eksimplaar. Dy docht my tinken oan hoe't ik, as wy troch hierspjeldbochten op de hutte heech yn de bergen oanrieden, op ien plakje de giele handoek dy't ik de moarns ophongen hie, wapperjen sjen koe.
De pince à linge út Frankryk is de meast resinte. Hy hat mear fan in tankje as fan in kniper en is fjoerread. Hy sjocht der djoer út en de âld herdershûn, dy't dêr altyd ûnder de line lei, seach my bestraffend oan doe't ik him yn 'e bûse die.
Ik wit net wêrom't ik yn de hjerst faker as oars sa weemoedich wurd fan myn kniperbak. Om't fakânsje en simmer no echt foarby binne en om't it sa lang duorret foar't der wer in kniper by komt? Fêst stiet wol dat der ek wer in tiid komt dat ik yn sân hasten de wask yn de droeger smyt en dat iene shirtsje dat dêr net yn kin oan it droechrekje hingje sûnder der by nei te tinken.
Mar as ik ea yn in âldereinhûs bedarje en allang net mear myn eigen wask doch, sil grif earne ûnder yn in kast yn myn keammerke noch in pûdsje mei allerhande soarten fan frjemde knipers lizze. En nimmen wit dan wêrom. Miskien iksels ek wol net mear.