kolderike wize yn kwyt, mar ek noch hiel wat oare maatskiplike ûntwikkelingen en rare hypes fan de moderne tiid.
Direkte oanlieding foar it skriuwen fan dit boek is ûnmiskenber de gewelddiedige dea fan Meindert Tjoelker yn Ljouwert en de reaksjes dêrop fan it publyk, de media en de polityk, en dan benammen de wikselwurking dêrtusken.
It nijs fan de earste jûn begjint mei de dea fan Durk Koartfoardekop, dy't delstutsen is op 'e Brol yn Ljouwert, en letter wurde yn it boek noch hiel wat mear minsken op in gewelddiedige wize tramtearre. De televyzje docht der alle jûnen wiidweidich ferslach fan yn it nijs fan acht oere en komt der yn eftergrûnprogramma's, lykas ‘Yn 'e skynljochten’, wiidweidich op werom. Presintator Sjoerd Bargebloed praat alle jûnen mei meastal och sokke saakkundigen en besiket mei help fan syn eigen Roas Spoarnoas kriminele saken op te lossen.
Ek yn oare programma-ûnderdielen komt it tema sinleas geweld hieltyd werom. Bygelyks yn de reklameboadskippen: de skema komt mei in oanbieding foar in handich doaske mei tsien waksineljochtsjes en alle soarten fan kearsen dat brûkt wurde kin ‘as jo ûnferwachts bylâns in plak komme dêr't ien om it libben kommen is’.
Hoewol't wy neffens de programma-oankundigingen alle jûnen ôfstimd binne op Omrop Fryslân Televyzje - it omslach fan it boek mei de foto fan in kollega-ferslachjouwster en kameraman moat dat gegeven kenlik ekstra fersterkje -, is it programma-oanbod folle breder en aardich mear as wat de regionale omrop ornaris bringt. Want njonken de aktualiteite-ûnderdielen, de reklame en it gesellich eameljen oer it waar fan Paulus Houtwjirm fan Hjelbeam - noch detaillistysker as syn konfrater Piet Paulusma - is der alle dagen in ‘soppige sjippesearje’ oer it advokatekantoar fan de twilling Harkeniel, fierders in dokudramaachtige seary oer in onkology-ôfdieling ûnder de titel ‘Siik is net dea’ en it misdieprogramma ‘Yn 'e blauwe broek’ mei Kobus Oranjekoek. Oan de ein fan alle jûnen is der in edukatyf en terapeutysk programma oer seks, spesjaal foar ‘seks-tigers’, en in meditaasje mei dûmny Olfert Eamelsek.
Ek al stiet it Frysk praten fan omroppers en ferslachjouwers ticht by it deistige taalgebrûk fan Omrop Fryslân, en binne de lêzers dêrmei wol wer aardich ticht by hûs, trochkrûpte televyzje-sjoggers herkenne boppe-al de wûnderlike kombinaasje fan it trochsneed oanbod fan de kommersjele lanlike stjoerders mei dat fan de lanlike publike omroppen.
Riemersma moat de lêste jierren dat oanbod yntinsyf observearre hawwe: omtrint it hiele assortimint oan programma's mei harren tvstjerren komt foarby. It format dêr't al dy sân jûnen yn treaun binne lit sjen dat er ek wat de foarm oanbelanget aardich ticht by de tv-werklikheid fan tsjintwurdich bleaun is. De jûnen binne yndield op in wize dêr't de kommersjelen destiids mei begûn binne en dêr't de lêste jierren ek yn Hilversum op programmearre wurdt: mei it idee om safolle mooglik sjoggers fêst te hâlden op de stjoerder wurdt ynformaasje yn in strak rezjym ôfwiksele mei ferdivedaasje. In bulte ferrassing en ûnferwacht nijsgjirrich tvoanbod kin men amper mear ferwachtsje: it liket hieltyd mear fan itselde te wurden. Utskreaun op papier falt soks nochris ekstra op.
Dat Riemersma it boek mei in protte wille skreaun hat, is hast op elke side te fernimmen. Mei de beskriuwing fan it hâlden en dragen fan de bruorren Pabe en Wabe Harkeniel lit er sjen hoefier't guon moderne advokaten geane om oan mear nammebekendheid en dêrmei oan mear opdrachten te kommen. Fleurige jonges