Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 376] [p. 376] Willem Schoorstra De see baarnt De see baarnt. Har weagen lôgje yn it bolderjende lûd fan stilte, slikje oan 'e rânen fan it lân dat huveret ûnder de tongen fan har hite, wiete langstme. En yn in reafallige loft fleane miuwen fan geniet mei eagen fol jiske; oer de see, it lân, fan roet beslein. En fûnken spatte (as likefolle stjerrebern boppe harren) fan it oankommen fan de brâning, it swiere sykheljen yn de skulpen fan it lân. Sa binn' it wetter en d' ierde de mjitte. Neam my lân. See sil ik dy hjitte. [pagina 377] [p. 377] Dies irae yn 'e bek fan 'e keamer, de bakstiennen tosken tusken it oantaast toskfleis fan feal behang; it kâlde ljocht fan in strjitlampe, ophongen yn it ramt fan in rút, yn it neihymjen fan 'e nei nacht har amme; fersêde fan reek en drank bûten waret de sabeare stilte fan in stêd fan it bêd út wei hear ik it wjerlûd fan útholle wurden omspoekjen yn hûkjende skaden, spytgnyskjende skimen dy't do en ik it libben skonken hawwe, yn it opspyljen fan in lêst' besykjen; in blyn fielen fan hannen wat net wie liet him ek yn 't fleis net wurde tusken de lekkens en de tekkens njonken my it leidich lânskip fan dyn blûne foarmen, frjemd fier fuort al, ferdizene yn 't witten fan it loslitten dat mei de dage as in fonnis oankomt, monkeljend yn lege strjitten [pagina 378] [p. 378] Sjongpaden yn dreamtiid wekker waard ik mei in dream noch yn 'e eagen, in âlde dream fan doe't de weareld skepen waard út lûd en klank, al sjongend beneamd wat bestean soe mei de herteklop fan libben; en paden waarden spûn, in triljend web fan harmonije dêr't ik lâns reizgje koe, fol myn siel fan lieten foar de stim; en bisten begelaten my, it kleare wetter wie myn bloed, ierde de bonken, myn hertstocht wie de wylde wyn: hill'ge wie ik yn in hill'ge tiid; oant mei't ûntweitsjen stadichoan it byld ferfleach, it ljocht fan in oare sinne oer my foel, foetus yn in flakke poel; en langjend stoep ik yn de foarste dei, taaste nei in liet om ek dizze weareld wer te kennen; mar gjin meldij kaam oer de lippen, gjin sjongen klonk yn wat no wie; swijend stie ik yn in leech fermidden Vorige Volgende