Altyd wat!
Tr. Riemersma
De myte fan 'e sprútsjelucht
Elly Veltman makket har moai maklik fan it besprekken fan Sikke Doele syn ferhalebondel ôf: de ferhalen hearre ta it ‘sprútsjerealisme’ en sy hâldt net fan 'e lucht fan sprútsjes. Ja, sa wit ik noch wol ien. Ek wol twa.
It is nammers net fair om sa denigrearjend oer dy nei-oarlochske jierren te dwaan. De befrijing fan de nazi's brocht gjin befrijing fan 'e foaroarlochske struktueren, sa't in soad minsken hope hienen. Dy befrijing ha de lju fan destiids noch befjuchtsje moatten, en dat dat slagge is - yn 'e sechstiger jierren komt de omslach - dêr mei men de pet wol foar ôfnimme.
Mar ik sil gjin antykrityk bedriuwe, ik wol it hawwe oer de myte fan 'e sprútsjelucht. It is wier dat it yn earder tiden winters by in soad lju nei koal roek. Koal wie in wintergriente, reade, griene, savoye koe men bewarje, boerekoal en sprútsjes koenen de hele winter troch op it fjild stean bliuwe en men koe der oant yn maart ta fan ite. Oars wie der ek net folle: rapen, winterwoartels, sipels, beantsjes en snijbeane út 'e keulse pot (en letter wekflessen).
De froulju hienen de koal ier en betiid op it fjoer en as koal lang op stiet, rukt it hele hûs dernei. Tritich jier lyn skreau het Neerlands Kookboek (Wageningen: Zomer en Keuning, 1968) oars al foar dat men savoye, wite, spits en griene koal ±25 minuten siere moast, reade 30 en sprútsjes 10 à 15. It Margriet Kookboek (Amsterdam, De Geïllustreerde Pers, 1965) jout justjes langere tiden: savoye, wite, spits en griene koal 30 minuten, reade koal 45, sprútsjes 15 à 20. Mar dy tiden sille grif allinnich de jonge froulju en de mear moderne froulju har oan holden ha. Us mem sette moarns njoggen oere de koal op it petroaljestel yn 't hok mei in krante deroerhinne en dy wie dan alve oere, as ús heit ek thús kaam te iten, wol gear.
Dat wie fansels net klearebarre dommens fan dy âlde wiven. De itensierdersboeken skreauwen earder folle langere siertiden foar: wite en savoyekoal in oere siere, útdruppe litte, fynhakselje en dan noch in kertier opstove mei molke en buotter. Reade in oere en dan noch tweintich minuten stove. En sprútsjes: 30 à 45 minuten siere en dan 5 à 7 minuten opstove mei in klútsje buotter (Kookboek van de Amsterdamse Huishoudschool, Amsterdam: Becht, 1910. De 11e printing dy't wy yn 'e hûs ha sil út 'e krisisjierren stamme, rûs ik).
Wat domme politisy ek sizze, it is needsaaklik om te diskriminearjen: net alle koalsoarten stjonke like bot en se lizze ek net allegear like swier op 'e mage. Wat it lêstneamde oangiet, spanne sprútsjes de kroan, as jo dy te lang siere, kinne se jo slim plêgje. By oare koalsoarten is dat net of amper it gefal. Blomkoal - yndertiid in typyske sneinsgriente - is de koal dy't it meast stjonkt, lykas nammers ek savoyekoal. Boerekoal rûkt, mar net slim, fan reade koal haw ik ek neat gjin hinder. Stjonke sprútsjes? It hat my noait yn 'e wei west.
Neffens it klisjee moat it yn 'e neioarlochske jierren yn heel Nederlân stonken ha fan 'e sprútsjes en dêr soest út ôfliede moatte dat dy regelmjittich op it menu stienen. Dat kin neffens my net. Sprútsjes wienen der mar in moanne of trije en dan wienen se op.
Dat it sprútsje, in pittige en smaaklike koalsoart, krekt symboal stean moat foar de (fermiende) bekrompenheid fan 'e neioarlochske jierren, is inkeld te ferklearjen út 'e domheid en ûnneitinkendheid fan it minskdom.