De lêste boat nei Hellesylt
Meinou Piebenga
Eke fytst stadich yn 'e wyn op nei hûs ta. Se hat it paad by de Swette lâns keazen. Dat is eins wat om, mar se hie der sin oan hân om lekker troch te waaien en it klotsen fan it wetter te hearren. It is echt hjerstwaar, mei sa'n hurde wyn dat it net maklik is om op it smelle fytspaad te bliuwen. Se leit mei de earms op it stjoer, de holle foardel. Se is it net wend om allinnich te fytsen en beseft no hoe 'n stik it skeelt as Jan skean foar har rydt om te wyn te brekken.
Dy is fêst de oare kant om gongen, tinkt se, miskien hat er noch wol oaren út harren doarp ynhelle en binne se wat oan it gekjeien.
Oan de ein fan it sande oere koene de oaren fan de eksamenklasse VWO nei hûs ta.
‘De Boer moet zijn taaltje nog even bijspijkeren, zeker,’ rôp Marcel, de fierstente grouwe slachterssoan út 'e stêd. Mei de klam op boer.
‘Hee, karbonade,’ sei Jan feninich, ‘gean yn de etalaazje fan jim heit sitten!’ Hy run mei Eke it lokaal út, op wei nei de learaar dy't har beide yn syn eigen tiid tarette op it eksamen Frysk.
‘Doen jullie het wel eens?’ It klonk hol troch de gong, dy't op dit oere net mear sa fol mei bern wie.
‘Alle sneintemiddeis,’ gniisde Jan oer it skouder yn de rjochting fan Marcel. ‘Toe ju, doch net sa idioat, wêrom seist dat,’ systere Eke. Se fielde dat se in kleur krigen hie.
‘No, dat dogge dochs alle troude stellen, op sneintemiddei mei elkoar op bêd, witst dat net?’
‘Ik bin net mei dy troud, wol?’ It kaam der lûder út as se bedoeld hie.
‘Grapke,’ sei Jan en sloech de earm om har skouders. ‘Kinst der wer net oer?’ Eke triuwde him fuort en rûn in stapke hurder.
Bosma siet al klear. It wie in al wat âlder, hiel krekt mantsje. Hy hie foar elk op de foarste tafels tsjin syn buro oer twa stensils klear lizzen. Moai rjocht.
Boerefaktaal, lies Eke.
‘No, de Bóer,’ sei se, ‘dêr kinst dy it hert mar oan ophelje!’
Jan waard ynienen poer. ‘Jezus, do ek al? Wat mienst wol net...’
‘Grapke,’ baude Eke him gicheljend nei, ‘kinsto wol oer ommers!’
Jan bûgde him ek oer de list. Afrasteren-ôffreedzje,
bodumvruchtbaarheid-grûndeugd, lies er lûdop, castreren-lobje, ôfbine,
snije.... wêrom moat ik dit witte? Wat moat ik der mei?’