stean’ is in earme oersetting fan ‘journalisme oblige’, dat doelt op in bekende siswize.
Wêrom op side 31 (2) de ‘odyssée’ fan in groep joaden yn Súd-Amearika ‘lot’ neame wylst it begryp ‘odyssée’ hjir sa'n soad seit?
Side 36 (2): Wêrom it Frânske ‘Peut-être aurais-je dû accepter’ (Miskien hie ik it oannimme moatten) oersette mei ‘Miskien soe ik it oannommen hawwe’?
Side 76/77 (2): Yn in stroef rinnend petear mei de rabby fan Wizhnitz merkt Wiesel op: ‘La question suivante, c'est à moi-même que je la pose: qu'aimerais-je entendre de sa bouche? Qu'il me bénisse?’ (De folgjende fraach stel ik mysels: wat woe ik út syn mule hearre? Dat er my segene?) Ut de kontekst is dúdlik dat er dat yn gedachten ta himsels seit. Knol makket dêr lykwols fan: ‘Syn folgjende fraach hie ik mysels ek stelle kinnen...’ Dat ‘Syn’ slacht hielendal nearne op want de rabby stelt gjin fraach en ‘hie ik mysels ek stelle kinnen’ kin nea de oersetting wêze fan de notiid ‘je pose’.
Side 170 (2): ‘Lit ús noch ris fierder gean...’ is hiel wat oars as ‘allons jusqu'au bout’, lit ús ta de ein gean.
Side 266 (2): ‘In nije dream? As God my it libben jout, kom ik dêr yn in oar diel op werom.’ Dat is Knol syn oersetting fan: ‘Que Dieu me prête vie, et j'en parlerai plus longuement, comme je parlerai d'autres aventures, d'autres combats et d'autres défis. Dans le prochain volume.’ Ien hoecht net in soad Frânsk te kinnen om te begripen dat sa'n oersetting wol in hiel slop ôftreksel is fan it orizjineel.
Ik soe noch trochgean kinne. Op hast eltse side is wol in oanmerking te meitsjen mar yn it ramt fan dit artikel komt hjir it lêste foarbyld fan in passaazje dêr't fan alles mis mei is: side 78 (1): it giet oer in joadske flechteling út Poalen dy't by heit Wiesel op besite komt. De man wennet yn it stedsje fan de famylje Wiesel mar
Frissele bôle fan in koshere bakker yn Dijon.
(foto Henk Bok/Alida van der Meulen)
‘il vivait en marge de la communauté’, wat hiel wat oars is as ‘oan 'e rane fan de maatskippij’, as wie er in soarte fan swalker, wylst er jild genôch hie en yn in lúks appartemint wenne. Letter wurdt it noch in kear sein en dêr set Knol ‘communauté’ wol oer mei ‘mienskip’. Myn grutte fraach bliuwt, wêrom?
Slimmer is dat Knol in hiel oar idee fan de man syn frou hat as Wiesel sketst: ‘Il avait une femme très blonde au corps épanoui, assez