fuort. De minske is folslein ien mei syn sintúchlik gefoel. De boarsten, erogene sône, binne grut en ekstreem werjûn. Grut om 'e yntinsiteit fan 'e ûnderfining wer te jaan. Ekstreem om it ûngebrûklike, potinsjeel nuodlike en destruktive fan 'e ûnderfining wer te jaan: gjin grut geniet sûnder gefaar. Yn dit byldzje wurdt it orgasme analysearre en ferhearlike. Yn de ferkenning fan ditsoarte ûnderfiningen, yn ús kultuer twa milennia lang in objekt fan byleauwe, leit de krêft fan Lachaise. Mei de oerdriuwing dêr't skynber eksakte kritisy har sa graach oan skuldich meitsje soene we sizze kinne: ‘in extremis’ is in tentative teory oer it orgasme. Fansels is alles út it eachweid fan 'e man wei, sterker noch, út it eachweid fan Gaston Lachaise wei: dat is ommers it iennichste eachweid dat er ha kin. Froulike eachweiden soene troch froulike keunstners werjûn wurde kinne.
Dat it om in eroatyske ferkenning giet docht bliken út it feit dat de ôfbyldingen fan it gesicht ek koel binne: foar it fielen, foar de taast is it gesicht net fan grut belang. It giet om 'e erogene sônes, dy't bytiden yn isolaasje ôfbylde wurde, lykas op ôfbylding 5 ‘Torso with arms raised’, mar ek op de hjir net werjûne ‘Torso with Pendulous Breasts’ en yn ‘Knees’.
We ha by Lachaise dus te krijen mei in ferkenning fan it eroatyske. Dat docht hiel dúdlik bliken út ‘Breasts with female Organ Between’, dat we út respekt foar post-kristlike weardeoardielen hjir net werjouwe. Dy wearde-oardielen binne sa sterk dat Hobhouse yn har artikel fersommet op te merken dat niisneamd wurk fansels in werjefte is fan 'e sensaasje fan in spesifike eroatyske posysje, nammentlik as it manlik diel tusken de boarsten hinne en wer beweecht. In elemintêre saak mar net yn ús
5. Torso with Arms raised
tiid, dêr't de geslachtsdie mear opskuor op 'e televyzje tewei bringt as moard en marteling.
Hawar, it is net ús doel en hingje hjir de moralist út, wy wize hjir op beskate feiten dy't relevant binne foar in adekwate analyze fan ús kultuer en fan ússels. Yn dat ramt leveret Gaston Lachaise in nijsgjirrige bijdrage.
Yllústraasjes: The Lachaise Foundation.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Gaston Lachaise en syn wurk: www.salander-oreilly.com/estates/lachaise.html en: sheldon.unl.edu/.